H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (VI)

logo.ensafh

VI. It Leger fan de Deaden

Doe’t Dr. Herbert West in jier lyn ferdwûn, frege de plysje fan Boston my it himd fan it liif. Se tochten dat ik wat foar har efterhold, en faaks hiene se ek wol fermoedens fan slimmere saken; mar ik koe harren de wierheid net fertelle om’t se dy net leauwe soene. Yndie, se wisten dat West ferbûn wie mei aktiviteiten bûten de kennis fan de gewoane mins; want syn yslike eksperiminten mei de reanimaasje fan deade lichems wiene in hiel skoft te wiidweidich om folslein temûk te hâlden; mar de alderlêste, sielferskuorrende katastrofe hie eleminten fan demoanyske fantasije dy’t sels my twifelje lit oan de werklikheid fan wat ik seach.
Ik wie de bêste freon fan West en syn iennichste fertrouweling. We hiene inoar jierren lyn moete, doe’t we medisinen studearren, en ik hie fan it begjin ôf oan meidien oan syn ferskriklike ûndersyk. Hy hie stadichoan besocht om in mingsel te perfeksjonearjen dat, ynjektearre yn de ieren fan de krekt ferstoarnen, it libben opnij op gong krije soe; in wurk dêr’t er in oerfloed oan farske liken foar nedich hie en dêrtroch de meast ûnhuerige aksjes mei him meibrocht. Mar noch skokkender wiene de produkten fan guon eksperiminten – ysbaarlike hompen fleis dy’t dea west hiene, mar dy’t West opwekke hie ta in blyn, harsenleas, mislikmeitsjende animaasje. Dat wiene de wenstige resultaten, want om it ferstân op te wekken wiene eksimplaren nedich dy’t sa folslein farsk wiene dat bedjer fan de teare breinsellen ûnmooglik wie.
Dy fraach nei tige farske liken hie de morele ûndergong betsjutten foar West. Se wiene dreech om te krijen, en op in ferskriklike dei hie er syn eksimplaar noch libben en fol krêft feilichsteld. In wrakseling, in nulle, en in krêftige alkaloïde hie it feroare yn in tige farsk lyk, en it eksperimint wie foar in koart en memorabel momint slagge; mar West wie der út kaam mei yl op ’e siel, ôfstompe en in ferhurde each dat somtiden op yslike en berekkenjende wize eage nei manlju mei bysûnder fyngefoelige harsens en singelier krêftige lichemsbou. Op it lêst waard ik seldsume kjel fan West, want hy begûn my op dyselde wize oan te sjen. Minsken lieken syn blikken net op te merken, mar wol myn eangst; en nei’t er ferdwûn wie, brûkten se dat as basis foar guon absurde fertinkings.
Yn werklikheid wie West banger as ik; want syn ôfgryslike aktiviteiten brochten in libben fol geheimen en eangst foar elk skaad mei har mei. Foar in part wie er bang foar de plysje; mar somtiden wie syn senuweftigens djipper en diziger, as er oan beskate net te omskriuwen skepsels weromtocht dêr’t er in morbide libben yn ynjektearre hie en dêr’t er net fan sjoen hie dat itselde libben hinnegien wie. Gewoanwei einige er syn eksperiminten mei in revolver, mar hy hie in pear kear net fluch genôch west. Der wie dat earste eksimplaar op waans trochgnúske grêf letter spoaren fan geklau te sjen wiene. Der wie fierders it lichem fan in professor út Arkham, dat as in kannibaal tekear gien wie foardat it fongen wie en sûnder identifikaasje de psychiatryske ynrjochting fan Sefton yngoaid wie, dêr’t it sechstjin jier lang op de muorren sloech. De measte fan de oare resultaten dy’t it faaks oerlibbe hiene, wiene dingen dêr’t minder maklik oer te praten falt – want yn lettere jierren wie it wittenskiplike entûsjasme fan West ûntaarde yn in syklike en fantastyske ûnsinnigens en hie er syn kunde net spandearre om folsleine minskelichems, mar om isolearre lichemsdielen op te wekken, of dielen dy’t ferbûn waarden oan organyske matearje fan net-minsklike aard. It wie duvelsk en mislikmeitsjend wurden tsjin de tiid fan syn ferdwining; nei in stikmannich eksperiminten soene net iens taspilingen op papier delsetten wurde kinne. De Earste Wrâldkriich, doe’t wy beide yn tsjinst wiene as sjirurgen, hie dy kant fan West fersterke.
Mei myn praat oer de dizige eangst fan West foar syn eksimplaren doel ik spesifyk op de komplekse aard dêrfan. Foar in part kaam it allinne troch it witten fan it bestean fan sokke namleaze meunsters, wylst in oar part kaam troch de noed oer syn eigen liif en libben dy’t se ûnder beskate omstannichheden yn it gefaar bringe koene. Har ferdwining soarge foar ekstra freze oer de sitewaasje – West wist mar fan ien fan har wêr’t it siet, it jammerdearlike ding yn it gekkehûs. Fierders wie der in mear subtile eangst – in tige fantastysk gefoel dat kaam fan in nijsgjirrich eksperimint yn it Kanadeeske leger yn 1915. West hie midden yn in fûle striid Majoar Sir Eric Moreland Clapham-Lee, D.S.O., reanimearre, in kollegasjirurch dy’t fan syn eksperiminten wist en se neidwaan kinnen hie. De holle wie fuorthelle, sadat de mooglikheden foar in heal yntelligint libben yn de romp ûndersocht wurde koene. Krekt doe’t it gebou ferwoastge waard troch in Dútske mortiergranaat wie der in súkses. De romp hie him op yntelliginte wize beweegd; en winliken te ûnleauweardich om te fertellen, wy wiene der beide syklik wis fan dat goed artikulearre lûden út de losse holle weikaam wiene wylst dy yn in tsjustere hoeke fan it laboratoarium lei. De granaat hie in seine west, wat dat oangiet – mar West koe der nea sa wis fan wêze as dat er winske dat wy twaën de iennichste oerlibbenen wiene. Hy makke my faak bang mei syn ideeën oer wat in dokter sûnder holle, mar mei it fermogen om de deaden op te wekken, allegear dwaan koe.
It lêste ûnderkommen fan West wie in steatlik en elegant hûs dat op ien fan de âldste begraafplakken fan Boston útseach. Hy hie dat plak allinne om symboalyske en suvere estetyske redenen keazen, om’t de measte grêven út de koloniale tiid stamden en dêrtroch net echt te brûken wiene foar in wittenskipper dy’t nei tige farske lichems siket. It laboratoarium wie yn in ekstra kelder dy’t yn it geheim ûnder de eigentlike kelder boud wie troch arbeiders fan om utens, en der stie in gigantyske ferbaarner om sokke lichems, of fragminten en syntetysk neimakke lichems, rêstich en folslein op te romjen, saken dy’t oerbliuwe koene fan de morbide eksperiminten en ûnhuerige ferdivedaasjes fan de eigner. By it útgraven fan dy kelder wiene de arbeiders op in stik bysûnder antyk mitselwurk stuite; sûnder mis ferbûn oan it âlde begraafplak, al siet it fierstente djip om oerien te kommen mei ien fan de bekende grêftomben dêr. Nei in soad rekkenjen hie West besletten dat it in geheime keamer wie ûnder de tombe fan de Averills dêr’t foar it lêst yn 1768 immen by ynlein wie. Ik wie by him doe’t er de poreuze, wiete muorren bestudearre dy’t de skeppen en houwelen fan de manlju frijmakke hiene, en ik wie klear foar de ûnhuerige ekstaze fan it ûntdekken fan iuwenâlde grêfgeheimen; mar foar it earst oerwûn de nije skrutelens fan West syn natuerlike nijsgjirrigens, en hy die bliken fan syn groeiende benaudens doe’t er de opdracht joech om it mitselwurk hiel te litten en it oerpleisterje te litten. En sa bleau it, oant dy lêste helske nacht, in diel fan de muorren fan it temûke laboratoarium. Ik praat oer it morele ferfal fan West, mar ik moat der oan taheakje dat dat in suver mentale en ymmateriele saak wie. Fan bûten like er itselde as altyd – kalm, kâld, smel en mei ljocht hier, blauwe eagen, bril en oer it algemien in jong uterlik dat troch de jierren en eangsten net feroare like te wurden. Hy like sels kalm as er tocht oan dat omklaude grêf en wantrouwend om him hinne seach; sels as er oan it fleisitende ding tocht dat oan de traaljes fan Sefton knaude en klaude.
De ein fan Herbert West kaam op in jûn doe’t wy yn ús mienskiplike stúdearkeamer sieten en er syn oandacht ferdielde oer de krante en my. In nuvere krantekop op ien fan de skronfelige bledsiden wie him opfallen, en in namleaze titaneklau út it ferline like him grepen te hawwen. Der wie wat ferskrikliks en ûnoannimliks bard by de psychiatryske ynrjochting fan Sefton sa’n fiifensantich kilometer fierderop, eat dat de buorren yn ûnstjoer brocht hie en de plysje ferbjustere hie. Midden yn de nacht wie in kliber swijende manlju it terrein opkaam en de lieder hie de suppoasten wekker makke. It wie in driigjende militêre figuer dy’t prate sûnder de lippen te bewegen en de stim liek lykas by in bûksprekker te kommen út in grouwe, swarte koffer dy’t er by him hie. It gesicht wie útdrukkingleas, mar wol kreas, op it rântsje fan in prachtstik. It hie de opsichter lykwols tebekskrilje litten doe’t it halljocht der op foel – want it gesicht wie fan waaks mei eagen fan opfarve glês. Dy man hie it slachtoffer west fan ien of oar ûnbekend ûngemak. In gruttere man begelate him; in walchlike reus dêr’t it blauwe antlit heal fan wei-iten liek troch in ûnbekende sykte. De sprekker hie frege om it bewâld oer it fleisitende meunster út Arkham dat sechstjin jier earder opsletten wie; doe’t him dat wegere waard, joech er in lûd dat oansette ta in grouwélige opskuor. De wanskepsels hiene alle meiwurkers dy’t net flechten slein, fertrape en biten; se deaden fjouwer en slaggen der úteinlik yn om it meunster te befrijen. De slachtoffers dy’t it foarfal sûnder hystery neifertelle koene, swarden dat de wanskepsels harren net as minsken holden mar as ûnmooglike automaten dy’t laat waarden troch de lieder mei it waaksen gesicht. Doe’t einlings help oproppen wurde koe, wie elk spoar fan de manlju en harren dwylsinnige priis ferdwûn.
Fan it tiidstip dat er dit artikel lies oant midsnacht siet West sawat ferlamme op de stoel. Om midsnacht waard der oan de doarbel lutsen, dêr’t er tige fan skrok. Al it tsjinstpersoniel sliepte op souder, dat ik reagearre op de doarbel. Sa’t ik de plysje fertelde, stie der gjin koets yn de strjitte; mar allinne in groep nuveraardige figueren dy’t in grutte fjouwerkante doaze by har hiene dy’t se yn de hal delsetten nei’t ien fan har mei in frij ûnnatuerlike stim sein hie: ‘Ekspres – foarútbetelle’. Se rûnen efterinoar it hûs út mei hoarten en stjitten, en wylst ik har efternei seach krige ik it nuvere idee dat sy dy kant fan it antike begraafplak op giene dêr’t de efterkant fan it hûs op út seach. Doe’t ik de doar efter har tichtslein hie kaam West nei ûnderen en beseach de doaze. Hy wie sa’n twa foet yn it fjouwerkant en de namme en it hjoeddeistige adres fan West stiene der op. Der stie fierders ek op: ‘Fan Eric Moreland Clapham-Lee, St. Eloi, Flaanderen’. Seis jier earder, yn Flaanderlân, wie in stikkensketten hospitaal op de holleleaze reanimearre romp fan Dr. Clapham-Lee fallen, en op de losse holle dy’t – faaks – dúdlik útsprutsen lûden makke hie.
West wie doe net iens oerémis, mar seach der wol deableek út. Hy sei fluch: ‘Dit is de ein – mar litte we – dit – mar ferbaarne.’ We namen it ding mei nei it laboratoarium ûnder – ûnderwilens om ús hinne harkjend. Net alle details stean my noch by – jo kinne jo myn moedstastân wol yntinke – mar it is in smoarge leagen om te sizzen dat ik it lichem fan Herbert West yn de ferbaarner stoppe ha. Mei syn beiden troppen we de hiele houten doaze deryn sûnder him te iepenjen, diene de doar ticht en setten de stroom oan. Der kaam by eintsjebeslút ek gjin lûd út de doaze wei.
It wie West dy’t as earste it fallende pleisterwurk opmurk fan dat diel fan de muorre dêr’t it mitselwurk fan de antike tombe mei bedutsen wie. Ik soe fuortdrave mar hy hold my tsjin. Doe seach ik in lytse swarte iepening, fielde in spûkeftige iiskâlde wyn en rûkte de bientige djipten fan in rotsjende ierde. Der wie gjin lûd, mar krekt op dat stuit giene de elektryske ljochten út en seach ik tsjin de gluorkjende eftergrûn fan de ûnderwrâld in kloft stille bealgjende skepsels dy’t allinne dwylsinnigens – of noch slimmer – kreëarje kin. Harren kontoeren wiene minsklik, healminsklik, foar in lyts part minsklik en hielendal net minsklik – de kloft wie bizar ûngelyksoartich. Se hellen stilwei de stiennen, ien foar ien, út de iuwenâlde muorre. En doe, doe’t it gat grut genôch wie, kamen se ien foar ien it laboratoarium yn; laat troch in trêdzjend skepsel mei in prachtige holle makke fan waaks. In soarte fan kranksinnich meunster efter de lieder griep Herbert West. West aksele net tsjin en joech gjin lûd. Doe sprongen se allegear op him ôf en skuorden him foar myn eagen útinoar en namen de stikken mei dat ûnderierdske ferwulft fan fabeleftige grouwels yn. De holle fan West waard meinaam troch de lieder mei de waaksen holle dy’t in Kanadeesk offisiersunifoarm droech. Wylst er fuortgie seach ik dat de blauwe eagen efter de bril ôfgryslik baarnden mei in earste lichte swym fan mâle, sichtbere emoasje.
It tsjinstpersoniel fûn my de moarns bûten westen. West wie fuort. Yn de ferbaarner siet allinne ûnwerkenbere jiske. Resjersjeurs ûnderfregen my, mar wat kin ik sizze? Sy wolle de trageedzje yn Sefton net mei West yn ferbân bringe, noch mei de manlju mei de doaze dêr’t se it bestean fan ûntkenne. Ik fertelde har oer it ferwulft en sy wiisden nei de geve pleistermuorre en laken. Dat ik fertelde har fierders neat mear. Se suggerearje dat ik in kranksinnige bin of in moardner – wierskynlik bin ik ek kranksinnich. Mar ik soe miskien net gek wêze as dy ferflokte tombelegioenen net sa stil west hiene.

Oersetting: Trevor Scarse

Eardere ôfleveringen:

I en II
III
IV
V

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *