
Wa’t nocht hat oan de Fryske literatuerskiednis kin dizze neisimmer hielendal weidûke yn in pear mânske boekwurken dy’t it libben fan Joast Halbertsma, Douwe Kalma en oare pioniers fan minderheidstalen yn Europa beskriuwe. De âlde Friezen krije har gerak yn in hearlike samling fan de âldste boarnen, no yn in nije Fryske en Nederlânske oersetting.
Alpita de Jong hat mei har biografy fan Joast Halbertsma in lêsber en ynformatyf wurk taheakke oan har oeuvre. Dizze biografy is tagonkliker as de dissertaasje dy’t se earder oan syn wurk wijde. It trochrinnende ferhaal is noflik skreaun. De wiidweidige sitaten út alle mooglike boarnen steane apart yn it skift ‘Nawoorden’. Sa kinne jo as lêzer earst moai flot trochlêze. It wurk is troch Uitgeverij Louise út Grou trouwens prachtich fersoarge útjûn. Alle relevante yllustraasjes binne yn kleur opnommen. De grafyske foarmjouwing is rêstich fan sfear.
De Jong skriuwt flot en byldzjend, mar bliuwt altyd feitlik. De dramatyske foarfallen yn it libben fan Joast Halbertsma, lykas bygelyks de dea fan syn soannen, wurde net ûnnedich útfergrutte. It libben yn de 19e iuw wie no ienris hurd. Fan bygelyks Willem Bilderdijk witte wy dat oan de ein fan syn libben fan de mear as tsien bern dy’t er mei syn frouwen krige, allinne ien dochter en ien soan oerbleaun wiene. Dat wie doe net iens sa útsûnderlik.
De biografy fan De Jong jout Joast Halbertsma syn plak werom yn de Europeeske kultuerskiednis. Hy wie folle mear as allinne de man dy’t mei syn bruorren de Rimen en Teltsjes skreau en de emansipaasje fan it moderne Frysk op gong brocht. Syn wittenskiplik wurk, sammeldrift, famyljekontakten en soms wat hurkerige hâlden en dragen yn sosjaal opsicht wurde sa beskreaun datst de man wier foar dy begjinst te sjen.
Minsken as Joast Halbertsma, Willem Bilderdijk en Jacob van Lennep koene frij har gong gean, as skriuwers en wittenskippers. Gjin twangjok út de universiteit wei mei har burokrasy, paradigma’s en publikaasje-easken. Ja, jild spile yn de njoggentjinde iuw in rol; wa’t wat út de wei sette woe, moast him dochs wol finansjeel rêde kinne. Mar dan koene jo sels út Dimter wei de bannen mei de ynternasjonale wittenskiplike wrâld ûnderhâlde.
De dissertaasje fan Jelle Krol is yn it Ingelsk skreaun. Douwe Kalma, de twadde grutte foaroanman fan de emansipaasje fan de Fryske taal en literatuer, wurdt ferlike mei syn ‘kollega’s’ yn Skotlân (Hugh MacDiarmid), Bretanje (Roparz Hemon) en Wales (Saunders Lewis). It wiene allegear skriuwers en generaasjegenoaten dy’t ûnder ynfloed fan it nije nasjonalisme, ûntstien yn it slachskaad fan de Earste Wrâldoarloch, kâns seagen om in emansipaasjebeweging op te bouwen foar har eigen minderheidstaal. De kar foar de Ingelske taal fan de dissertaasje kin net oars as funksjoneel neamd wurde, sjoen it ûnderwerp. Lykwols: Jelle Krol skriuwt helder en lêsber en jout gâns achtergrûnynformaasje. Alle haadstikken begjinne mei de histoaryske, polityk-ekonomyske en religieuze achtergrûnen fan de ferskate regio’s en de posysje fan de bedrige talen dy’t er behannelet. De biografyske ynformaasje oar de kleurrike foaroanmannen fan de taalbewegings is boeiend. Fan bygelyks MarcDiarmid wist ik noait mear as wat Op weg naar het einde fan (doe noch) Gerard Kornelis van het Reve oer de man te fertellen hie. Dêr learden wy de man kennen as in Leninistyske homohater.
Al dy achtergrûnparagrafen yn dit proefskrift binne geweldich ynformatyf. Tanksij Jelle Krol wit ik no dat der neist it Skotsk, de taal dy’t MacDiarmid spruts en it Gaelic (de Keltyske taal, noch sprutsen yn de Heechlannen en westlike eilannen) ek Skotsk-Ingelsk bestie. De oansluting fan Skotlân by Ingelân, doe’t Elizabeth Tudor opfolge waard troch de Skotske kening James VI, wie lang om let de nekslach foar it brûken fan it Skotsk yn de offisjele sfear.
De lytsere talen waarden gauris op opportunistyske wize brûkt troch de oerheid. Wales krige ûnder Elizabeth I al gau in folsleine bibeloersetting yn de eigen taal yn de 16e iuw. Mar yn de Earste Wrâldkriich waard it Welsk brûkt om soldaten te wervjen foar it leger. Dy mochten dêrnei net yn it Welsk oan de famylje thús skriuwe, dat moast yn de offisjele taal. Taalbewegers as Kalma en Hemon wiene trouwens ek net frij fan opportunistyske motiven by it befoarderjen fan it Frysk en Bretonsk, sjoen har kollaboraasje mei de besetter yn de Twadde Wrâldoarloch.
En sa jout dit boek hieltyd wer in skat oan ynformaasje. Alle taalbewegers besochten yn harren striid om de taal mear status te jaan foar de dominante taal fan it lân, fan alles út. Foar de eigen taal moast in ynfrastruktuer opboud wurde, yn bygelyks it ûnderwiis en de polityk. De literatuer moast him fernije en mear prestiizje krije. Mar it kreëarjen fan in kultuertaal koe ek op kosten fan de folkstaal gean. It weromgripen op in glorieus taalferline yn de midsiuwen en it stribjen nei literêre fernijing smiet gauris bysûndere literatuer op. Yn it Frysk bygelyks it drama Aldgillis fan Douwe Kalma. It stik spilet yn de iere midsiuwen, mar reflektearret tagelyk op de tiid fan de Earste Wrâldkriich. De ferlykjende metoade dy’t Krol yn neifolging fan Pascale Casanova tapast op syn ûnderwerp, smyt ynsjoggen op dy’t ek foar de Fryske sitewaasje learsum binne.
Foar sawol Alpita de Jong as Jelle Krol jildt dat se de ynfloed fan Joep Leerssen ûndergien hawwe yn it neifolgjen fan syn fyzje op it romantysk nasjonalisme yn Nederlân en Europa. Krol hat Leerssen syn skema achteryn syn boek opnommen (side 340-341) en dat fettet de ûntjouwings yn de kultuerwittenskippen sûnt 1800 handich gear.
Wat fierders opfalt by Alpita de Jong is de enoarme frijheid dy’t de 19e iuwers hiene by it bedriuwen fan har wurk as wittenskipper. De biografyen dy’t ik de lêste jierren lêzen haw oer Willem Bilderdijk, Jacob van Lennep, Alexander von Humboldt, Snouck Hurgronje en no ek wer Joast Halbertsma litte sjen hoe’t dy pioniers, gearwurkjend mei besibbe geasten, in geweldige produktiviteit sjen lieten op alderhanne mêden. Kom dêr hjoeddedei mar ris om, no’t it bedriuwen fan wittenskip gauris mear in kwestje fan it kultivearjen op de fjouwerkante milimeter wurden is. De hjir sinjalearre stúdzjes ûntkomme dêr lokkigernôch oan en binne dêrom nammerste ynspirearjender foar de lêzer.
Mei Een meelijwekkend volk fan Looijenga, Popkema en Slofstra hawwe wy foar it earst in sa folslein mooglike, ferantwurde útjefte fan de skriuwers út de Aldheid oant likernôch 1100 nei Kristus, dy’t oer de Fryske kustgebieten en har bewenners skreaune. De sitaten binne yn it Nederlânsk en Frysk oerset en foarsjoen fan ynformative noaten. Spitigernôch binne dy yn in noch lytser lettertype set as de Fryske oersetting, dat ik moast der hieltyd in gruttere HEMA-lêsbril foar oantuge. Dy ferklearjende noaten binnen nammentlik nochal de muoite wurdich. De trije besoargers komme mei de meast aktuele wittenskiplike ynformaasje oer de Fryske skiednis en archeology yn dy perioade en dat jildt fansels ek foar de lêsber skreaune ynlieding. It yllustraasjekatern, mei ôfbyldings fan ûnder oare de oarspronklike hânskriften en in yntrigearjende Arabyske wrâldkaart, draacht fierders by oan it fersoarge karakter fan dit boek.
De oertsjûging dat de earste terpebouwers fan sa’n 500 jier foar Kristus ús streekrjochte foarâlden binne, libbet miskien noch by guon ‘grutske’ Friezen, mar is al lang definityf op it jiskelân bedarre. Miskien binne in pear Friezen yn it selskip fan de mytyske Hengist en Horsa yn Ingelân telâne kaam en dêr de foarâlden fan de hooligans wurden. Mar hjir sitte se net mear. It leit mear foar de hân dat wy neiteam binne fan de (Angel)Saksen dy’t hjir nei 600 kamen. Dat de ‘beskaafde wrâld’ (dus de minsken dy’t doe skriuwe koene) de Fryske kustbewenners as nuvere barbaren of just nobele wylden beskôge is wol dúdlik. Hoe wier dy ferhalen oars binne, is min te achterheljen. Guon skriuwers hawwe har ferhalen út de twadde of sels tredde hân, oaren (de misjonarissen) hawwe hjir dan wol echt west, mar de skriuwers fan de hilligenlibbens hiene yn it foarst in ideologysk doel by it delsetten fan de ûnbesniene Filistijnen dy’t hjir wennen en minske-offers brochten.
It is wol goed dat no ek ris de minder bekende sitaten en fragminten út de perioade 300 foar Kristus oant 1100 nei Kristus op ’e nij publisearre binne, ynstee fan allinne dy fragminten dy’t ta in fiergeande, sjauvinistyske mytefoarming laat hawwe.
It idee dat de Friezen om 700 nei Kristus hinne sokke poatige en bloedtoarstige rûchhouwers wiene, wol de tsjintwurdige generaasje Friezen wol oan, ast sjochst nei it súkses fan de roman Rêdbad fan Willem Schoorstra en de toanielstikken dy’t op dy Fryske kening basearre binne. De film flopte dan wol, mar heart kwa fyzje yn itselde rychje thús. Wat is dêr de ferklearring foar? Ik kin in pear saken betinke dy’t in rol spylje. It sentimint dat wy om 700 hinne yn Fryslân en de kustgebiten deromhinne noch ús eigen saakjes regelje koene, yn in grutter ferbân as it Nederlân fan no, spilet in rol. Dat sentimint, it ferhearlikjen fan in glorieus ferline, sjochst ek by de yntellektuelen en taalbewegers dy’t Jelle Krol yn syn proefskrift beskriuwt.
Dêrneist spylje oare sentiminten, lykas it jin ôfsetten tsjin de ‘weakmeitsjende’ ynfloed fan it Kristendom en in ferhearliking fan it heidendom fan Wodan en Donar en konsorten, in ôfgriis fan de hjoeddeiske kultuer dêr’t net allinne geweld in tabû yn is, mar sels it rinnen fan hokker risiko dan ek (smoke, fytse sûnder helm, ik neam mar wat). In fysyk ûnbehagen mei ús ‘softe’ en oerregulearre beskaving, sis mar, dy’t útrint op de ferhearliking fan wat yn guon eagen de oarspronklike kultuer fan de Friezen wie.
Tsead Bruinja ferwurdet dat treflik en fyntsjes iroanysk yn it gedicht ‘figuranten’ dat Wijdemeer op in lêswizer by it boek publisearre hat: ast dysels in bytsje fatsoenlik/en moedich/de annalen yn ha wolst/moatst dyn fijân grut meitsje/syn legers ûnearbiedich/en dreech te ferslaan.
Hjir sinjalearre:
Alpita de Jong: Joast Halbertsma 1789-1869: triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. 2018, Grou (Uitgeverij Louise);
Jelle Krol: Combative Minority Literature Writers in the Aftermath of the Great War: Douwe Kalma, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid and Roparz Hemon. Ljouwert/Leeuwarden, 2018 (Proefskrift, in hannelsedysje is op kommendeweis);
André Looijenga, Anne Popkema, Bouke Slofstra: Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening. Ljouwert, 2017 (Wijdemeer Ljouwert).