
foaropwurd 106
fan freed 21 desimber
Us lêste Farsk fan 2007 is in echt dûbelnûmer. Krystnûmer en perfoast gjin(!) trystnûmer, mar wol in bytsje fan it dûbele gefoel.
Jo ha no fansels it Grutte Dûbelnijs al meikrigen: Farsk en Hjir geane redaksjoneel gearwurkjen en sille oan op in fúzje yn 2009. Tegearre wolle wy ta op in hiel nij blêd, mei in nije namme – dy ’t noch betocht wurde moat, lykas de úteinlike nije tydskrift formule.
It is miskien efkes skrikken, want fansels is hjir (ik bedoel Fryslân) de earste gedachte: in Frysk Literêr Tydskrift minder, wurdt it dêr wol better fan? Logysk, want we ha no twa moaie blêden mei elk in histoarje en eigen karakter. It docht altyd in bytsje sear te witten dat eat ferdwine sil. Fan de oare kant: beweging moat(!) yn it literêre taallânskip fan tydskriften. Stilstean is de dea yn ’e pot. Wy wolle ta op mear dan twa ferskiningsfoarmen en dus multimediaal: op ynternet, op papier, en mear. Ynteraktyf ek. -Nee, no net fuort spuie op in moadewurdsje, de wrâld ûntwikkelet en feroaret en dus moatte skriuwers dat ek. Fine wy.
Ek dûbeld: Farsk 106 komt mei twa foarpublikaasjes.
De film Frysk Bloed fan dichter/keunster Elmar Kuiper út syn nije tentoanstelling, dy’t er moarn iepenet yn Middelburch.
En in dûbele priuw út it ynterviewboek Echt Moai fan Wieke de Haan, dûbeld bysûnder omdat sy de Nederlânske oersetting op 9 jannewaris presentearje sil yn De Haach foár it útkommen fan it Fryske orzjineel én omdat der in moaie –unplugged- foto ynstiet fan ‘ús Doutzen’.
Op Farsk wer poëzij fan Sipke de Schiffart, dûbeld en wol, mei twa moaie fersen [1][2].
Edwin de Groot komt fjouwerdûbel mei Sjane, in fers fol fjoer yn acht haiku’s.
Fan Heinrich Heine syn Lotusblume kinne wy dûbeld genytsje, troch de prachtige oersetting Lotusblom fan Andries Miedema.
Dûbeld oandacht foar de Kosmos ek:
Durk Linige syn poëzij hjiroer yn de Eric Hoekstra-rige Midfrysk Goud ii.
As it giet om proaza oer de Kosmos en it bestudearjen derfan dan ha wy it fansels oer It Himelsk Oerwurk fan Durk van der Ploeg. De teleskopen yn it libben fan Arjen Roelofs ûnder de loupe fan besprekker IJsbrand van den Berg.
Wat him ôfspielet yn de kosmos fan Desiderius lêze jo fansels wer yn it feuilleton (ek wer dûbeld). En Boele moat him yn it ferhaal fan Wobbe Atsma bûgje oer twafâld yn de fraach omtrint de beam: in echten of in nepper?
Yn in dûbelnûmer dan ek in dûbele kollum, hielendal yn styl: Koosje komt yn Gala en Al R. wrakselet mei it ein fan it jier yn Desimber.
Oe sa dûbeld eintsjebeslút, is it skriuwgefoel ûnder dit lêste foaropwurd fan in redakteur dy’t nei twaënheal jier Farsk ôfskie nimt. Ik meitsje my los fan in geweldich blêd, en fan in nij en jong redaksjeteam fol moaie plannen -mei Hjir derby no dus ek dûbeld. Middenyn in nij proses fan izersterke plannen foar 2008 en fierder. Ik winskje Farsk en Hjir dit jier tegearre alle súkses ta, yn it fierder útbouwen fan de plannen ta in prachtich nij blêd. Ek al bin ’k no aanst bûten de redaksje stapt, ik hoopje mei jim noch hiel lang lêze en skriuwe te kinnen!
Noflike Krystdagen tawinske, mei in protte moais om te lêzen ûnder de krystbeam en in hiel sûn, lokkich en Farsk Nijjier, Hjir en op alle oare plakken yn ’e wrâld.