Piter Boersma

In memoriam Steven H.P. de Jong

logo.ensafh

Steven de Jong debutearre yn 1965 mei de dichtbondel Wankend stomp. Hy hie dêrfoar al poëzy publisearre yn Quatrebras en De Tsjerne. Yn dy blêden, dy’t inoars tsjinpoalen wiene De Tsjerne tradisjoneel, Quatrebras eksperiminteel, publisearre er ek al polemysk-esseeïstyske stikken.
De titel fan dy debútbondel lit jin net tinke oan sêftsedichheid. Ast de gedichten lêst komst lykwols net sasear in dichter tsjin dêr’t sels geweld fan út giet, it giet om geweld dat oer de dichter komt en dêrnei by him geweld opropt. Winliken fiert er yn de gedichten in striid tsjin it geweld en tsjin de eangst dêrfoar.
Steven de Jong hearde as skriuwer oars al ta de rebellen fan ’e sechtiger jierren, skriuwers dy’t de bile leinen oan de foet fan it tradysjonele en yn harren eagen achterhelle Fryske literêre bedriuw. Fan aard wie er in sekundêr reagearjend en minlik persoan en hy fungearre dêrom meast op ’e achtergrûn en hold it it leafst by de eigen rûnte (fan skriuwers), sa as bygelyks yn de santiger en tachtiger jierren by de Koperative Utjowerij. In meirinner wie er yn hokker fermidden lykwols hyn noch tenei net. Hy hie in sterk yndividualistyke en subjektive ynslach.
Want o, wat koe er lilk en obsternaat út ’e hoeke komme as der neffens him ûnterjochte krityk krige op syn skriuwsels kaam of dat krityk op wurk fan kollega’s dy’t er heech hie him net net noaske.

Dat subjektive wie yn it skriuwen syn fort. Sawol yn syn poëzy en ferhalen as yn syn beskôgingen en besprekken. Hy stribbe op gjin inkele wize nei objektiviteit en by him moast men net oankomme mei klassyk perfeksionisme. Winliken betsjutte skriuwen foar him striid.
Letter joech him dy ynstelling wat del, mar dêrtroch waard syn wurk faaks ek minder nijsgjirrich en hoewol’t syn produktiviteit net ôfnaam, ferswakken syn kreativiteit en syn fantasyrikens dochs ek. De ferhalen út de bondel In spylman op it binnenpaad  (1999) skreau er bygelyks op basis fan de tweintich gedichten út de bondel 20 lytse românses (1983).

Mar it foargeande is yn it skaad telâne kommen troch de grutte roman dêr’t er yn 1988 mei foar it ljocht kaam, want hy is no foaral de skriuwer fan de roman De Wuttelhaven del.
Yn dat boek, in kaairoman, hat er ferwurke dat er grut wurden is as soan fan in heit, dy’t yn de oarloch ferkeard wie (S.D. de Jong, earst redakteur fan de Ljouwerter Krante (LC) en fan 12 septimber 1942 oant de ein fan de oarloch as NSB-er haadredakteur fan de Friesche Courant, de namme dêr’t de LC yn dy jierren ûnder ferskynde). It liedende tema dêrby is hoe’t it bestiet dat ien dy’t goed by syn ferstân is út idealisme in ferkearde kar meitsje kin. De roman hat ek in no-part: as de soan folwoeksen is sjocht er as learaar dat antysemitisme ûnder skoalbern noch bestiet. De Jong set dan winliken it (heal)joadske personaazje David Kingma foar de ideology fan de op syn heit tebekgeande figuer Doede Haaies de Vries oer.
Foar De Wuttelhaven del krige Steven de Jong yn 1992 de Gysbert Japicxpriis.

Ik ha Steven de Jong kennen leard yn it fermidden fan de Koperative Utjowerij en benammen doe’t ik bestjoerslid wie en de ferarbeiding fan de manuskripten dy t binnen kamen die. In bysûnderheid yn it kontakt mei him wie, dat as men mei him te krijen hie, syn frou der dan by hie. It hie wat aparts mar tagelyk fielde it ek hiel natuerlik. Se wie syn stipe, se gong foar him troch it fjoer en naam as it neffens har moast kontakt mei jin op. Steven en Syb, in spesjaal stel!

Yn Wankend stomp stean yn it gedicht ‘ûnbewust’ de rigels:

sittend yn myn eigen hert
sjoch ik it ferkear
it jachtet troch de suitedoarren
forkearsaginten floitsje
it stopljocht stiet op read

dochs ryd ik troch

Tweintich jier letter, komme wy yn Salto mortale (1988) dit tsjin:

yn ’e hûs bin wy net feilich
bûtendoar bestean wy net

mar ek:

mar al ús langstme sil as ’t ljocht ferdwine
de ruten bin beslein, ’t is bûten kâld
mar tusken ús is noch in lêste skime
dit fers as teken dat ik fan dy hâld

6 reaksjes op “In memoriam Steven H.P. de Jong

  1. Dat is it dan, anno no. In Frysk skriuwerslibben. Fyftich jier skreaun = 600 oerflakkige wurden Nee, dan mear respekt foar de Wuttelhavenkuier fan Sigrid en Arjen.

  2. Doe’t Steven de Jong de GJ-priis krige yn ’92 haw ik in stik skrean mei as titel:

    ‘It avantgardistyske en Steven de Jong’, en dan benammen oer syn boek ‘De maagd fan Babylon’.

    It artikel stiet yn myn boek mei teksten oer de oare literatuer, cq literatuer bûten de stringen, KASTANJES POFFE (Venus, 2005) – side 201 oant en mei side 211.

    Neffens my binne dy teksten net minder as ‘De Wuttelhaven del’, yn elk gefal mear eksperiminteel.

  3. Op Fers2 lês ik 0 wurden, dat is 600 wurden minder dan op ensafh. Mar faaks sjoch ik wat oer de holle, want ik kin my net yntinke dat Abe sels neat skriuwt op syn blog en wol ensafh kapittelet. Dat hie ik Abe freegje wold, mar der is gjin mooglikheid op Fers2 om in reaksje te pleatsen.

  4. Kinst der wol fan alles by slepe wolle, Abe mar dyn reaksje wie op it in memoriam. Net mear en minder.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *