
Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw
De diagnoaze
Myn ferûntskuldigings, bêste lêzers fan dit blogke. Ik moat it ferhaal wer efkes ûnderbrekke (krekt no’t it spannend wurdt) mei it nijs dat ik by de bedriuwsdokter west haw, dy’t my nei de spesjalist, psychiater Hidde Watsma ferwiisde, mei as útkomst dat ik foarearst arbeidsûngeskikt ferklearre bin. De medikus woe my eins daliks opnimme litte, mar nei beswieren fan myn kant – ik haffele der al wat nuver yn om – waard besletten dat it earst mei nije medikaasje besocht wurde soe. Ik hie him ferteld oer de ferfelende telefoantsjes en oer geheime brieven dy’t ik fûn hie; wat dat lêste oanbelanget haw ik fansels gjin bysûnderheden jûn. Ik sette de saken al wat oan, Tryater soe faaks in goeden oan my hawwe. De grize sielkundige knikte wat, brimde wat, en glimke fyn. De diagnoaze wie samar klear: paranoïde skizofreny. Ik sei op it lêst neat mear, stoarre ferwezen foar my hinne, krige it papierke mei it resept dat Watsma klearlein hie fan it buro, groete út ’e memoarjes wei en rûn de doar út.
Ik bin ferromme, ik bin bliid. Flean op mei dat wurk, de Akadeemje rêdt him wol sûnder my, no kin ik fulltime skriuwe! En dy pillen… Och, ien mear as minder, wat jout it.
*
In stikmannich dagen letter kaam Simke har antwurd en Douwe fielde him sa loksillich as dat er nea earder west hie. Se wol! Mei my! Hy snúfde oan it brievepapier en miende dat er noch in swymke parfum rûkte; de swietrook makke him dwyl yn ’e holle, it wie krekt oft er in bedwelmjend middel krigen hie. ‘Witte jo wol, hoe âld as ik bin? Witt’ jo dat? Ik bin wol santjin jier âlder as jo,’ sa skreau se. Jawis, Douwe wie op ’e hichte fan har âldens, krektlyk as er wiste dat Simke frijwat begoedige wie. Mar dat spile fansels gjin inkelde rol yn harren leafde, dy’t frij wie fan alle materiële bybedoelingen.
Yn ’e kazerne.
1917: it is mobilisaasjetiid, en Douwe leit as soldaat yn ’e kazerne fan Amersfoort.
Marsjearje koe Douwe, en dat wie frijwat ferrassend, sjoen syn net al te atletyske konstitúsje, poerbêst. De lange skonken slingeren útskroeven op ’e maat fan ’e trommels, it gong de sersjant wolris wat te mâl: ‘Kalma, kalm aan, het is hier geen circus!’ sa hearden jo geregeld. De gewante militêr mei grutte snor lake alle kearen wer bolderjend om syn eigen wurdgrapke.
Jûns, wannear’t de oare soldaten frij wiene, bleau Douwe meast allinnich op syn keamer, dy’t er mei trije oaren diele moast, efter. Hy hie net in soad omgong mei syn kammeraten; dat hie syn oarsaak foar in grut part yn it feit dat er net dronk en smookte. En der siet ek net folle frouljusfleis oan, dat besites oan froulju mei in winkeltsje ûnder de skelk siet der ek net yn. Ynstee dêrfan siet Douwe altyd te lêzen, en skreau er brieven oan de ferhevene Simke.
Oer boeken koe er allinnich mar mei Arend, in kreaze, mar al wat mankelike feint mei readeftich hier út Utert, prate. Dizze eks-studint Ingelsk wie folslein wei fan Shelley en Byron, mar benammen fan de eksintrike dichter Algernon Swinburne. Hy wie geregeld op ’e tekst oer Swinburne syn nuvere oanwensten, mar dêr moatte wy it in oare kear mar ris oer hawwe. Op in soele sneon yn maaie – yn it wykein wie it meastepart fan de oare soldaten nei hûs ta – krûpte Arend by Douwe op bêd. Kalma die ynearsten wat ôfkearich, mar nei ôfrin fan de seksuele eskapade moasten de lekkens ferskjinne wurde, en hie Arend der in pear Fryske wurdsjes byleard. It folgjend wykein waard Arend oerpleatst nei in oare kazerne, de krekte reden is net bekend. De beide jongfeinten hawwe inoar nea wer troffen.
Douwe hie ynearsten bot spyt fan syn ûntrou foar Simke oer, mar, sa tocht er nei in deimannich: wie it eins wol ûntrou? Syn leafde foar Simke wie ommers fan in folle heger, geastlik plan as dizze ierdske lichaamlike lusten. En, wie it ferkeard wat er dien hie? Hy wie yn goed selskip; neam se mar op: Plato, Shakespeare, Swinburne, Oscar Wilde…
It soe net de lêste kear wêze dat Douwe Kalma him oan de heareleafde oerjoech, mar hy besocht it allegear al wat temûk te hâlden; wat moast de Jongfryske Beweging dêr wol net fan tinke?
Tenei mear
Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9
Diel 10
Diel 11
Diel 12
Diel 13