
(21 desimber 2007) — Foar de twadde kear organisearden de famylje Kuiper-Van der Veer, útjouwerij Bornmeer en Farsk it Henk Kuiper Memorial Skaaktoernoai foar skakers en skriuwers. Twa jier lyn namen skriuwers en skakers (leden fan Henk Kuiper syn skaakklub Philidor) it yn it Ljouwerter kafee Wouters op tsjin Sipke Ernst. Juster soe Remco Heite (boargemaster fan West-Stellingwerf en skaker) yn Boksum simultaan spylje tsjin krekt sa’n selskip, mei skakende skriuwers as: Sipke de Schiffart, Tsjisse Hettema en Jouke Hylkema. Ek literatuerbefoarderer Teake Oppewal die mei en fansels de dichters Remco en Elmar Kuiper, beide soan fan Henk (fotograaf, ferstoar yn 2005).
De jûn rûn oars as pland. Heite rekke op ‘e Boksumerdaam troch gleddens mei de auto yn ‘e sleat. Eddie Schol naam syn rol oer en liet gjin inkele spiler fan him winne. Ek Heite net dy ‘t (mei kniesde pols en al) letter dochs noch hiel graach efkes tsjinoer Schol oan it boerd skode.
Foar in fierder ferslach sjoch: NWF-regiosport
Nei it skaken lei der in Mystery Guest ferskûle, op ‘e kreake fan De Slach by Boksum (in moai ferboude tsjerke). It wie Piter Wilkens, dy ‘t de jûn sjongend ta in goed ein brocht, mei prachtige, literêre oersettingen fan Cornelis Vreeswijk (út it Sweedsk).
( Foto’s Bernard Pijper, NWF-Regiosport — clik foar grutter)