
Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?
Dan mar net nei de Lêzing fan Jelma Knol yn Tresoar, ek op 1 novimber, 19.45 oere?
De tiden fan de byienkomst fan it Skriuwersboun binne wylst feroare. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma begjinne om 19:00 oere. Dat lju dy’t wolle kinne dêrnei nei Jelma Knol.
Bliksem, dan moatte se drave!