
Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis
Gerbrich de Jong
De leeftyd 12-15 jier is essinsjeel om in positive lêshâlding te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat in learling yn dy faze positive lêsûnderfiningen opdocht fia boeken dy’t by him passe. Mar hoe komt er oan sokke boeken? En wat makket in boek geskikt? Op dy fragen wurdt yn dizze lêzing oer Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis antwurd jûn. De lêzing is yn ’t Frysk. Oanmelde fia: www.cursussen.dbieb.nl
Tagong: € 9,00. Evt. de jûns ek kaarten oan ‘e seal as der noch plak is. Tresoar, 19:45 – 21:30