
Dizze kollum stiet deenkelsdag op It Nijs. Deenkelsdag dat is Saksysk foar tiisdei. Ik ha dizze kollum dy namme jûn, om’t woansdei 10 oktober sân regionale oerheden (de provinsjes Drinte, Fryslân, Gelderlân en Oerisel en de gemeenten East- en Weststellingwerf) mei it Ryk in konvenant om it brûken fan it Nedersaksysk as streektaal te stimulearjen ûndertekenen. Dat de flagge koe út yn it noardeasten fan ús lân. Lokwinsken, net te min. Dêr sjogge se it as in erkenning fan har streektaal as in folweardige regionale taal. Mar oft dat wol sa is, dat kin men jin ôffreegje.
Lês firder by It Nijs