
salang’t
har brune fytske by my binnen stiet
kin ik de hiele wrâld oan, hoe kin
dat no, no ja, ik wit it wol mar fertel
it, oan nimmen net; lit se mar yn de
stront dy apekoppen en bearelullen
wylst leit se hjir en sliept de wrâld
en ik sjoch nei har as wie se ien en
al wûnder; se is faaks in muze mar
ik wol justjes mear, geduld is grut
ha gjin haast, mar bin in sneinsbern
lykas in skouwe kat komt se dochs
werom en alle kearen wat tichterby
nea en nea krigest my, mar ik ha har
gjinien oars dy’t dêr patint op hat, ik
wol, fiel my like sterk as bijehunich
Poésie pure, mon ami, merci beaucoup – J
(al foar de twadde kear reagearre – ‘poésie pure’ is in Frânske omskriuwing foar sokke yntinse poétyske wurden – josse)