
Uolf Candrian (oersetting: André Looijenga)
Schigitg ch’il pumer flurescha
Salang’t de beam bloeit fertelt yn it koart de skiednis fan de Fryske literatuer, en is ferskynd yn fjouwer ferskillende talen: Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. It boek is krekt as it dialektferskaat fan de provinsje bûnt fan foarm; de kleuren wize it paad yn it boek, want de sidenûmers ferdwine suver yn ’e middentear. Dizze koarte Fryske literatuerskiednis yn hânsum formaat is ek gaadlik foar lêzers dy’t oant no ta nea yn de provinsje Fryslân west ha en hjir har fakânsje trochbringe.
It boek begjint mei de âldst bewarre skreaune teksten en Fryske runen, mar de fokus leit dúdlik op de 19e en 20e iuw. De koarte histoaryske ynlieding jout in ideaal oersjoch, wylst it bondige narratyf jin oanset om parallellen mei de literatuerskiednis fan ús eigen Retoromaanske minderheid te ûntdekken. Benammen it puristyske stribjen om 1850 hinne, dat de taal oan it eigen lân oanpasse woe, falt op, mar ek markante ferskillen. Koloniale ynfloeden en de gefolgen fan in ynkringende besettingstiid hat ommers gjin ien fan de literatuerskiednissen fan de fjouwer Switserske talen.
Mar likegoed as it Frysk falt it Retoromaansk útien yn trije talen mei tal fan dialekten: Furlan, Ladin en Rumantsch binne de tsjinhingers fan it Westerlauwersk-Frysk, it Sealterfrysk en it Noardfrysk. De fokus fan it boek leit inkeld op de provinsje Fryslân, dêr’t Westerlauwersk-Frysk praat wurdt. It dialektferskaat dêr komt oerien mei it byld fan Graubünden mei syn grutte tal falleien. De bergen hawwe it ynkringen fan de Switsersk-Dútske dialekten wol opkeard, mar tige lokaal. Want de ynfloeden dy’t oer de berchpassen it lân yn kamen, wiene yn elk berchdal wer oars en útwiksel tusken de falleien wie der net folle. Allyksa is it oan de kust, want ûnderinoarren wie der net folle hannel tusken de Fryske gebieten, mei’t de ferskate kuststreken deselde produkten oanbeaën, frjemde skippen en hanlers brochten lykwols Nederlânske, Frânske, Ingelske en Skandinavyske wurden yn it Frysk. Hoedat de taal, dy’t geografyk dan wol tusken Nederlânsk en Platdútsk yn sit, taalkundich net sa rjocht yn dy regio past, leit noch iepen.
Dat sykjen, faaks nei de eigen identiteit, is ek yn de moderne Fryske literatuer noch te merkbiten, – wat oan ’e ein fan it boek mei in iepen mar hoopfolle útsetter tematisearre wurdt. De poëtyske titel fan it boek is nammentlik oan in Aldfryske wetstekst ûntliend, dy’t jildich is salang’t de beam bloeit en sjen lit dat de taal net allinne literêr mar ek yn it praktysk gebrûk wat moais is. De hieltyd tanimmende twataligens is in enorme kâns, tagelyk ek de grutste swakte fan minderheidstalen. As ien twa ûngelikense lammen yn ’e finne hat, it iene sterk en it oare sikich, fret it sterkere laam foar twa. Lykas sa faak is der in middenwei nedich, ek by dit boek. Ik bin der wis fan dat net elke skriuwster of skriuwer dy’t it fertsjinne hie, deryn oan ’e oarder kommen is. It Fryske literêre barren is ommers nettsjinsteande it lytse tal lêzers, lykas dy yn it Retoromaansk, tige libben en warber. Der ferskine ek romans dy’t yn oare talen oerset wurde.
Net los te sjen fan literatuer yn in minderheidstaal is de kwestje fan it oersetten, wannear’t it om kommersjeel suksesfolle boeken giet. Us populêrste auteur Arno Camenisch (*1978) skriuwt njonkenlytsen benammen yn it Dútsk. Langere romans binne der yn it Retoromaansk yn tsjinstelling ta it Frysk hast net. Ien as Gysbert Japicx (1603-1666), nei wa’t in priis neamd is, of in wjergader fan de bruorren Halbertsma (earste helte 19e iuw) hawwe wy net yn Retoromaansktalich Switserlân, heechút Caspar Decurtins (1855-1916), de saneamde ‘Liuw fan Trun’ en gearstaller fan de Retoromaanske skoalblomlêzing, soe hjir foaroerset wurde kinne, ek al lei dy syn ynteressefjild inkeld yn syn eigen fallei. Krekt sa liket it west te hawwen mei Jachiam Bifrun (1506-1572) út Engadin. Jachiam Bifrun brocht yn 1552 it earste printe boek yn it Retoromaansk út. Dêrfoaroer hawwe wy mei Tista Murk (1915-1992) in wichtige pionier op it mêd fan teater en radio en mei Gian Fontana (1897-1935) in dichter fan wrâldformaat fuortbrocht.
Troch de fokus op in beheinde seleksje is in lyts kompakt en uterst lêsber literatuerboek ta stân kommen – in tige goede ynlieding foar begjinners alsa.
Uolf Candrian, foarsitter fan de jongereinorganisaasje Giuventetgna Rumantscha (GiuRu)
Schigitg ch’il pumer flurescha – ina recensiun
«Salang’t de beam bloeit» erzählt in einer Kurzfassung die friesische Literaturgeschichte und erschien in vier verschiedenen Sprachen, Deutsch, Englisch, Niederländisch und Friesisch. Das Buch ist wie die dialektale Vielfalt der Provinz bunt gestaltet, die Farben schaffen Orientierung im Buch, denn die Seitenzahlen sind mittig und folglich etwas versteckt. Diese kurze friesische Literaturgeschichte im handlichen Format eignet sich auch für Lesende, welche bisher noch nie in der Provinz Fryslân waren und hier ihre Ferien verbringen.
Das Buch beginnt mit den ersten vorhandenen Schriftstücken und friesischen Runen, der Fokus liegt jedoch klar auf dem 19. und 20. Jahrhundert. Der kurze historische Einstieg schafft einen idealen Überblick während die bündige Erzählung Parallelen zur eigenen Literaturgeschichte der rätoromanischen Minorität entdecken lässt. Ins besondere die puristischen Bestrebungen um 1850, welche Sprache an das eigene Land anzupassen versuchten, aber auch markante Abweichungen fallen auf. Koloniale Einflüsse und Folgen einer geprägten Besetzung kennt keine der vier Schweizer Literaturgeschichten.
Aber ebenso wie das Friesische hat sich das Rätoromanische auch in drei Sprachen mit zahlreichen Dialekten aufgeteilt, Furlan, Ladin und Rumantsch stehen dem Westfriesischen, dem Ostfriesischen und dem Nordfriesischen gegenüber. Im Fokus des Buches liegt nur die Provinz Fryslân, wo Westfriesisch gesprochen wird. Diese dialektale Vielfalt entspricht dem Bild Graubündens mit seinen vielen Tälern. Die Berge haben das Vordrängen des Alemannischen zwar aufgehalten, aber gleichzeitig auch sehr lokal geprägt. Denn die Einflüsse, welche über die Passwege ins Land gelangten, waren je nach Talschaft anders und ein Austausch innerhalb der Täler fand selten statt. Ebenso verhält es sich an der Küste, denn untereinander handelten die Friesen kaum, hatten die vielen Küstenregionen doch dieselben Produkte anzubieten, fremde Schiffe und Händler brachten jedoch niederländische, französische, englische und skandinavische Wörter in die friesische Sprache.Woher die Sprache, welche geografisch zwar zwischen Niederländisch und Plattdeutsch liegt, aber linguistisch nicht ganz so recht in diese Region passt, ist noch offen.
Dieses Suchen, vielleicht nach der eigenen Identität, bleibt auch in der modernen friesischen Literatur spürbar, welche gegen Ende des Buches mit einem offenen, aber hoffnungsvollen, Ausgang thematisiert wird. Denn der poetische Titel des Buches ist einem friesischen Gesetzestext angelehnt, welches solange der Baum blüht gültig sei und zeigt, die Sprache ist nicht nur literarisch, sondern auch angewandt schön. Die sich verbreitende Bilingualität ist eine enorme Chance, gleichzeitig aber auch die grösste Schwäche der Minderheitssprachen: Wer zwei ungleiche Lämmchen im selben Pferch hält, das eine kräftig, das andere schwächer, dann frisst das stärkere Lamm für beide. Wie so oft ist ein Mittelweg gefragt, so auch bei diesem Buch. Ich bin mir sicher, dass nicht jede Autorin und jeder Autor, welche es verdient hätten, thematisiert wurden. Denn das friesische Literaturgeschehen ist trotz dem kleinen Pulk an Lesenden, wie das Rätoromanische enorm lebhaft und aktiv, welche auch Romane hervorbringt, welche in andere Sprachen übersetzt werden.
Untrennbar mit der Literatur einer Minoritätssprache ist stets auch die Frage der Übersetzung, wenn es um kommerziell erfolgreiche Bücher geht. Der populärste Schriftsteller Arno Camenisch (*1978) schreibt mittlerweile hauptsächlich Deutsch, längere Romane finden sich in der rätoromanischen Welt im Gegensatz eher selten. Einen Gysbert Japicx (1603-1666), nachdem ein Preis benannt ist, oder ein Pendant zu den Brüdern Halbertsma (19. Jh.) kennt die rätoromanische Schweiz nicht, höchstens Caspar Decurtins (1855-1916), den Löwen von Trun und Herausgeber der rätoromanischen Chrestomathie, wäre hier erwähnenswert, doch lag sein Interessensgebiet eher auf sein eigenes Tal. Ebenso scheint dies bei Jachiam Bifrun (1506-1572) aus dem Engadin der Fall gewesen zu sein. Jachiam Bifrun veröffentlichte das erste gedruckte rätoromanische Buch 1552. Dafür haben wir mit Tista Murk (1915-1992) einen Theater- und Radiopionier und mit Gian Fontana (1897-1935) einen Dichter von Weltgrösse hervorgebracht.
Durch die Fokussierung auf wenig Auserwähltes ist ein kleines kompaktes äusserst leserliches Literaturbuch entstanden – also eine sehr gute Einstiegslektüre.
Uolf Candrian
Präsident der rätoromanischen Jugend (GiuRu)
Samar in fraach hear: wat is de sin fan it fertalen fan in stikje fan ien om utens oer in striemin boekje en in literatuer dêr’t er neat fan wit?
It reint hjir fan de oersettings fan bûtenlânske talen nei it Frysk.
Wat it nut is fan dizze oersettings is my folslein ûndúdlik. Ek boppesteande oersetting giet nearne oer. Wa’t sit hjir no op te wachtsjen?
Út de reaksjes op de oersettings kin ik de konklúzje lûke dat dizze oersetters ek noch ris foar master opslaan.
It sil wier wêze, mar soe it net mear foar de hân lizze dat dizze minsken Fryske gedichten of ferhalen oersette nei it Nederlânsk oft in bûtelânske taal?
Is it net de heechste tiid dat Frysktalige skriuwers de kâns krije de wjukken út te slaan?
De Skriuwersbûn swalket ek as in deade fûgel oer de greiden.
Komt hielendal neat út. Grapjassen dy’t sichsels tige nijsgjirrich fine, mar nea mei plannen komme om it Frysk te promoatsjen.
Wol kleie oer de ferkeapsifers, mar fierder bliuwt it dêrby.
Wa’t seit dat er goed is moat wol op ‘e trommel slaan.
@ Eddy, ‘…mar soe it net mear foar de hân lizze dat dizze minsken Fryske gedichten of ferhalen oersette nei it Nederlânsk oft in bûtelânske taal?…’ jawis en seker, smyt mar in idee op tafel, skriuwer/titel boek/fers…makket neat, útjouwer der by en oan it wurk. Want sa ienfâldich kin it wêze. It knypt lykwols tink ik fan de kant fan de útjouwer. It boek/de skriuwer/fersen-bondel dêr’t it each faaks op falt stiet op stâl by de útjouwer yn kwestje. Soe der praat fan wêze in ingelske útjefte te publisearjen (ien boek/blomlêzing/poëzy bondel) dan is de bêste modus; útjouwer/de skriuwer > oersetter > merke. De útjouwer/skriuwer moat soks oanjeie liket my. Mar dyn punt is makke en wier. Neffens my helle Josse de Haan it koartlyn ek nochris oan; oersette oersette oersette. Groetnis, Lubbert Jan (Bert) de Vries, oersetter en lytse dichter.
@Abe: Is de doelgroep no net just minsken fan bûtenôf, is it dan just net nijsgjirrich en lit harren oer it boekje skriuwe? Hie der in Fryske besprekker west, dan hienen we te hearren krigen dat wy nea ris fierder om ús hinne sjogge.
@Eddy: Ut hokfoar reaksjes lûkstû de konklúzje dat de oersetter foar master opslacht? En wat bedoelst der überhaupt mei foar master opslaan yn dizze kontekst?
En dû tinkst wier dat Fryske dichters en skriuwers harren wjukken net útslaan? Boppedat skriuwstû fan kâns, hawwe se dy kâns net, tinkst?
Ik fyn it op himsels al in hiele prestaasje dat It Skriuwersboun as deade fûgel dochs noch swalkje kin. Mar ast lid wiest, wist ek wat it Bûn út ‘e wei set. En wa klaget oer de ferkeapsifers? Hast it dan noch altiten oer it Bûn of no oer skriuwers yn ‘t algemien? Om my ta beslút mar net ôf te freegjen wat ‘sichsels’ binne.
Foar master opslaan is yn myn eagen dat sy betûft binne yn’t oersetten. Ik kin it taalkundich mis ha, mar dat befoel ik der mei.
De wjukken útslaan?
Op reis foar “oare wurden” ?
Hokker boeken en dichtbondels binne oersetten nei in oare taal? En hokker komme dêr foar yn oanmerking? Jo kinne wol in priis winne at jo in ferhaal nei it Frysk oersette. Kin dat net better oarsom wêze?
Ik lid fan de Skriuwersboun? Wat set de Skriuwersboun út de wei dan? Boppedat rekkenje ik my net ta de Frysktalige skriuwers. Myn Frysk is fierstente beheind.
By de Skriuwersboun kleie sy net oer de ferkeapsifers?
“Sichsels”, binne de skriuwers dy’t lid binne fan de skriuwersboun.
Der is gjin plan fan oanpak.
Sy modderje allegear mar wat troch.
Net ien slacht mei de fûst op ‘e tafel en seit: “kom minsken wy sille der wat oan dwaan l Dit moat oars!”
Nee, sy fine it wol bêst. Slimmer, jimme leauwe der net mear yn….
@Lubbert Jan ( Bert) de Vries,
Tanke!
Projekten as “oare wurden” sette gjin soaden oan ‘e dyk. Snobbersguod reiskes!
Wat ha Karen Bies en Bart Kingma mei de Fryske literatuer te krijen?
In betûft skriuwster as Elske Schotanus ( en wa wit hokker skriuwers noch mear ) wurdt op in mislike manier oan ‘e kant skood?
In plan fan oanpak hat de Fryske skriuwers wrâld nedich. Ja, oersette, oersette en oersette! Josse hat gelyk.
De skriuwers moatte net oer de grêns, mar harren boeken en dichtbondels
Lubbert Jan, klassiken yn it Frysk oersette kin sa syn doel hawwe – kwaliteit lêze yn de eigen taal as dy frjemde taal te frjemd is. Mar yn prinsipe moat wurk ut us taal oersetten wurde nei oare talen, sadat men sjen kin dat dy taal bestiet, dat dy taal in beskate kwaliteit hat (proaza en poëzy). Folslein mei iens!
Ik lies krekt dat Cees Nooteboom – in net sa wurdearre auteur yn it Nederlânsk – in wichtige Dutse literêre priis krijt. Tanksij syn oersettings yn it Dutsk. Yn Dutslân (én yn Spanje) rinne se heech mei syn wurk. Dêrtroch hat Nederlânsk wurk in namme yn dy lannen.
Fryslân: yn 2000 woe Meulenhoff myn grutte roman ‘Piksjitten op Snyp’ (‘Kikkerjaren’) utjaan. In kommisje yn Fryslân ûnder oanfiering fan Oppewal en Bilker hat alles besocht om dit tsjin te hâlden – it boek wie in skande foar Fryslân, syn literatuer en syn ynwenners.
Dus: oersette nei it Frysk, moai feilich yn eigen tuntsje wjudzje, en de wrâld sletten hâlde…
@ Josse & Eddy….
Oersette is (kin) fan grutte wearde (wêze) foar de memmetaal (mothertongue) yn kwestje. Hinne en wer (hinne is hjir yn it frysk, wer is hjir út it frysk).
Koartlyn ha ik Howl fan Ginsberg oersetten (sjoch Ensafh 5). Neist in tal oare fersen út in beruchte literêre perioade (1945-1960) yn de FS. In lêzer liet my witte dat se Howl no oars/direkter ta har nimme kin as yn’t ingelsk, it frysk stiet (krekt) wat tichter by har dan it wylde, útwrydske ingelsk fan Ginsberg..krekt..want fansels komt it oersetten sels net oan it ferwoastende en briljante fan Howl. It lichem bliuwt soeverein. Mar it befetsjen docht de lêzer dan no yn’t frysk.
In betûft oersetter skreau yn in email oan my by it begjin van de Howl poepetoer dat oersetten wat edels hat. Men klaait (yn dit gefal) in ferwoastend fers as Howl hielendal neaken út, oan de kearn ta, oan de bonken ta. Men brekt it ôf, rigel foar rigel, wurd foar wurd. Dêrnei moat it fers wurd foar wurd en rigel foar rigel wer opboud wurde yn ús machtich moaie en byldzjende memmetaal. Men klaait it wer hielendal oan, yn moaie nije klean. Soks hat wearde, foar lêzer, foar oersetter, foar De Taal.
Oarsom komt it einliks en feitlik op itselde del. It wurk fan fryske dichters raast yndie oer it sâlte wetter fan de Noardsee en de Atlantyske Oseaan hinne om oandacht fan immen dy’t it fers yn de eigen taal (hjir it ingelsk) befetsje wol. Ald en nij fers. Nije en jonge dichters, en wurk al mei in steat fan tsjinst. Wat ‘steat fan tsjinst’ oanbelanget ha ik in útstel dien om in ‘Quatrebras’ blomlêzing te skriuwen. Soks is tige geskikt om bygelyks twatalich te publisearjen.
It ferhaal oer ‘Piksjitten’ út 2000 is wier te súterich foar wurden. Net Punk!…..
Hawar, in plan fan oanpak no yn 2018/19 soe wat wêze. Mar hoe? De útjouwers? Ynstânsjes?
Sis it mar. Faaks dat dizze chat wat opmsyt.
Bêste Geart, jim ha net in besprek oerset mar in op bestelling regele reklametekst oer in Frysk-eigen marketingboekje. Lokwinske, soks helpt de kennis fan de Fryske literatuer yn de wrâld grif in ein foarút. Yn alle gefallen is dizze eskapade wer goed foar de sosjale kontakten fan de redaksje, ik leau it dalik. Babs bliid, Teake bliid, Goffe bliid, Joke bliid – mar mei wat krekt? En hoesa?
@Lubbert Jan, Marten Brouwer wie wyld fan Ferlinghetty (dysto ek oersetten hast). ‘quatrebras’ moete de scéne fan de westkust, doe. Marten hat dêre west en dy lju opsocht.
Yn ’68 hie Operaesje Fers kontant mei Dial a Poem yn New York (se hiene us idee oernommen begjin ’69). We ha fersen utwiksele, fersen fan de Beat Generation op de Frysk/Nederlânske linen, en Fryske dêre yn New York op har linen.
Tom Johnston yn Amsterdam (in autochtoane Amerikaan) hat Frysk studearre, en hat heel wat fersen fan my oersetten yn it Ingelsk foar myn meartalige bondels. Hy libbet fan oersetten (Nederlânsk en Frysk nei Ingelsk en omkeard).
Ik haw dyn oersetting fan ‘Howl’ fergelike mei de orizjinele tekst, en mei dy fan Vinkenoog. It koe minder. Moai wurk!
Meitsje in opsetsje foar de oersetting fan ‘quatrebras’, freegje Johnston in priisopjefte, en lis dat in utjouwer en de Provinsje foar. Faaks binne der mooglikheden foar Frysk eksperiminteel wurk bûten de eigen yncrowtuntsjes.
De poëzij-oersetterij is meast in aktiviteit foar kreatyf beheinden dy’t sels neat betinke kinne en is as sadanich dan ek net op foarhân nijsgjirrich. It hat inkeld syn nut bywannear’t 1) de oersetter in útlânsk oeuvre ûntdutsen hat dat yn de eigen kultuer noadich omtinken hawwe moat om’t it bygelyks ûnbekend is of misrepresintearre wurdt, of 2) de oersetter sa’n grutte taalmacht hat, dat oaren wat fan syn taalhantearring opstekke kinne. Al it oare is kommersy & polityk & idelens & ûnmacht & net neitinke wolle. Taalbefoardering is it dan net iens, want wa wol wat te krijen hawwe mei in mizerich subkultuertsje dat sechstich jier nei dato mient dat it nijsgjirriger is om de Beat Poets yn útklaaid Frysk as yn it Amerikaansk te lêzen? Gearfetting: ferjit de doelleaze oersetterij fan Piter Boersma, mar lês wat Eppie Dam docht.
Abe, útklaaid Frysk hast it oer, mar hoe ferklearrest dan it ûngrammatikale ‘Dof fiolet is ‘t west’ ynstee fan ‘hat ‘t west’?
Yn myn ‘Frozen moonlight yn myn hannen’ (2013) haw ik besjoen hoe’t Eppie Dam fragminten fan Marsmans (‘Tempel en Kruis’) by skilderijen fan Reinder van der Leest oersetten hat. Yn ‘t algemien kin sein wurde dat de oersettings net sterk wiene. Soms krige ik it idee dat de oersetter net begreep wat Marsman op it each hie (siden 141 – 167, ek op ENSAFH digitaal, 2012, maaie).
@Lubbert Jan,
No’t ik jo lêste stikje hjir lêzen ha begryp ik wat better wat jo motivaasje is om Ingelske teksten oer te setten nei it Frysk.
Wichtig is ek dat jo it mei in soad leafde en passy dogge en terjochte grutsk binne op it resultaat!
Myn earste reaksje hjir hie dan ek wat freonliker kinnen. Myn ekskuses.
It “foar de karre spanne” fan oersetters om it oersetten nei it Ingelsk oft in oare taal finansjeel mooglik te meitsjen liket nearne nei. Lit de útjouwers en skriuwers dat sels mar dwaan. Net oan begjinne Lubbert Jan. Lit sy it sels mar útsykje.
@Geart: miskien is it net ûngrammatikaal? … is it west(en)?
It is, ast der efkes by stilstiest, ek nochal freeslik (eins woe ‘k in oar wurd brûke) om immen as Dam derfan te fertinken dat er net wit dat it ,,hat west” yn it Frysk is, tinkst net?
Abe, no ik fûn it al behoarlik nuver. Mar ik bin bliid dat it dus oars yninoar stekt en hjirby bied ik myn ferûntskuldigingen oan.
@ Eddy…Sjoch dan bist in keardel. Ekskuses oannaam! En dû hast wer in goed punt. Lykwols, ik bin der wol oan begûn. Mar wol fanút it Outlaw / Beat tinken. Yn gearwurking mei in respektearre ‘small press’ útjouwer wurkje ik op it stuit oan in blomlêzing fan Outlaw / Beat fersen fan 1855 oant no. Ik, en mei my ek oaren, fine soks wol in ferriking foar de doel-taal. Ta einbeslút, wat it synisme en sarkasme oanbelanget rjochting Beat en Outlaw; sjoch de Jack Kerouac School of Disembodied Poetics. Hawar…it’s all in the eyes of the beholder…groetnis út de Wâlden.
Lubbert Jan@: ik bedoel mar te sizzen dat it goed is om nei te tinken oer de fraach wêrom’t je eat oersette wolle. In samling outlaw & beat yn it Frysk bringe kin wol nijsgjirrich wêze, mar net om’t soks by definysje in ferriking wêze soe fan ,,De Taal” sa’t dyn idee skynt te wêzen. Wól om’t sa’n samling bygelyks in beskaat perspektyf op poëzij nei foarren bringe kin dat yn de Fryske Literatuer – lit my ek ris de haadletters oan it wurk sette – te min of hielendal net oan ‘e oarder komt. As de oersetter/samler soks dan ponearret en demonstrearret yn in yn- of útlieding by gedichten dy’t ik yn en út prinsipe eins folle leaver lês yn de boarnetaal, dan hat er hielendal myn segen ek. Oars bliuwt it in privee-hobby of in bewegersspultsje, dêr jou ik net in sint foar.
@ Abe, punt! Mei iens. Sadwaande hat de baas der sels earst ek bot oer neitocht oft it hjir yndie om in hobby projekt giet as in serieuze eksersysje rjochting it frysk (TAAL
). It lêste is it doel. Bygelyks mei it ‘Projective Verse’ fan Olson en it ‘no ideas but in things’ fan Williams. Mar ek hoe’t in feministysk fers fan Di Prima bekt yn’t frysk. Oant safier…ik sil no earst de hûnen útlitte. Letter faaks mear en fierder. Groetnis út de Wâlden.
@Lubbert Jan,
It kin fansels dat ik troch myn beheinde kunde fan it Frysk it ferkeard lêzen ha, mar ik bedoelde om foar Frysktalige skriuwers harren ferhaal of gedicht oer te setten yn in Ingelsk. Dêr haw wy ek ferlet fan.
Fan wat ik oan’t no ta lêzen ha komt eins allinich “De Triennen fan Cheetah” fan Anne Feddema foar in oersetting yn oanmerking. Mar ja, ik ha “by far” net alles lêzen. Wol binne der sawiesa in soad gedichten dy’t wol nysgjirrich genôch binne, mar myn Frysk is te beheind om my dêr oan te weegjen. Foar jo moat dat wol mooglik wêze.
Miskien is’t wat om gedichten fan Abe de Vries, Eppie Dam of Cornelis Van der Wal ris by de kop te krijen en oer te setten nei it Ingelsk.
“What the eyes can’t see and the mind doesn’t know, does not exist.”
@ Eddy…earst, wy moatte fan ‘jo’ ôf…dû is better en tichter by, persoanliker. Jawis, al wer in goed punt! Men komt dan al gaueftich út by in goede blomlêzing. Ien mei literêre kloaten, net fiis fan opskuor en hjir en dêr sels ûnder en boppe de wet fan wat wol as net mei neffens ‘the lay of the common land….’. Soks begjint lykwols by de útjouwer. The Postmoderns anthology en The Outlaw Bible of American Poetry binne beide in treflik foarbyld. Sadwaande, jawis en seker. Bring it on. Goede research, in tal proofreaders en oant wurk. Faaks (nochris) dat dizze chat wat opsmyt. (p.s. der leit al in útstel om in (nije) blomlêzing oer Quatrebras te skriuwen derby ynbegrepen (en perfoarst) de link nei 2018/19 wat fers en dichters oanbelanget)