
De Fryske dichter, romanskriuwer en resinsint Tjitte Harings Piebenga [1935 – 2007] is fannacht ferstoarn. Hy wie al in skoft slim siik.
Kommende snein 30 desimber tusken 15.00 en 17.00 wurdt kondoleânsje hâlden yn Piebenga’s wenplak Frentsjer, yn ’e bibleteek fan Douwe Elias, Eise Eisingastrjitte 21a. De begraffenis sil yn famyljerûnte plakfine.
Piebenga debutearre as skriuwer yn 1950 yn it tydskrift De Stiennen Man. Yn de jierren dernei publisearre hy ûnder oaren yn Fryske literêre blêden as De Golle, Quatrebras en De Tsjerne. In 1958 kaam syn debútbondel Fersen foar Marida út, in jier letter folge troch de bondel De thermen fan Karratsjana. Yn 1968 ferskynde syn rûnom heech oanskreaune roman It lyk wurdt oantaest. Piebenga wûn mar leafst tolve kear de Rely Jorritsmapriis, sawol foar ferhalen as foar poëzij. As sjoernalist skreau Piebenga foar Vrij Nederland en Het Vrije Volk en ek skreau er fan 1994 oant 2000 poëzijresinsjes foar de Ljouwerter Krante.
Soch foar mear ynformaasje oer libben en wurk fan Tjitte Piebenga op ’e skriuwersside fan Tresoar. Of yn it yn memoriam ‘In Duit yn it Ponkje’ fan Babs Gezelle Meerburg op Farsk.
Wurk:
Poëzij:
1958 : Fersen foar Marida
1959 : De thermen fan Karratsjana
1963 : Fersen
1970 : Moaie Peal : limericks en tekeningen
1971 : Peins (útjûn yn eigen behear)
1977 : Myn sêftgrien famke
Proaza:
1968 : It lyk wurdt oantaast : anatomy fan in houlik
1969 : Retour juster (novelle)
1970 : De rook fan mesjester (ferhalen)
Berneboeken:
1975 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen (tek. Rinse Klinker)
1976 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen II (tek. Rinse Klinker)
1981 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen III (tek. Rinse Klinker)
1982 : It mantsje fan plesier (tek. fan de auteur)
Prizen:
1961 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Boartsje mar)
1961 : Rely Jorritsma-priis (fers: Duet foar dy)
1967 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: kikkerts)
1967 : Rely Jorritsma-priis (fers: Myn famke)
1968 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Hanneke)
1969 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Heit wie der net by)
1970 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Dekkleden)
1971 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Apels)
1972 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De mantels fan de leafde)
1973 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De rokken fan Aukje)
1973 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tusken peins en skingen)
1997 : Rely Jorritsma-priis (fers: Lette simmer op ’t Koehoal)