
It Feitsma Fûns krijt 50.000 euro fan de provinsje foar de biografy oer Tony Feitsma, dat skreaun wurdt troch Liuwe Westra. De wittenskiplike biografy giet oer it libben en it wurk fan Feitsma, yn relaasje ta de Fryske taal fan hjoed-de-dei en de Fryske identiteit sa’t dy no is. Mei de provinsjale bydrage is de finansiering foar in grut diel klear.
Lês fierder by Omrop Fryslân
No, bêste ensafhers, it is wol dúdlik dat jim jim wat te beskieden, sis mar Hollânsk-sunich opstelle yn jim krewearjen foar ,,de Fryske taal fan hjoed-de-dei en de Fryske identiteit sa’t dy no is”. Dat moat oars en dat kin oars!
Mei Pinkster ’70 naam Trinus Riemersma ôfskied fan Gau en swarte omkriten – hy wie by my yn Hjerbeam op de Ipenbiere Leger Skoalle beneamd. Hy joech in feest dy Pinkstersneon. Dêr haw ik dûnse mei Tony Feitsma – wat hoekich, wat a-ritmysk, mar wy neamden it de tango fan Trinus.
Yn ’73 hie ik myn earste roman FORNEUKTE STÊD klear. De Fryske kommisjes woene gjin stipe jaan op de utjefte. Feitsma, doe bestjoerslid (of foarsitter) fan de KU, gong nei Den Haach, sadat de KU subsydzje fan CRM krige foar dizze roman.
Tony Feitsma, in unike waarme persoanlikheid foar lju dy’t se mocht, eigensinnich as de neten, hat fochten foar de Koperative Utjouwerij mei de wurden:
‘As wy kwalitatyf Frysk ûnderwiis jaan wolle op universiteiten en oare opliedings Frysk ha wy ek in diverse literatuer nedich fan in hege kwaliteit.
Se wie in eigensinnige humane Mennist dy’t wist wat se woe yn it belang fan de saak (De Fryske Taal en Literatuur).
Sa’n frou fertsjinnet in biograaf sa’t bgl Johanneke Liemburg in prachtige bio oer Fedde Schurer skreaun hat (foar minder as 171.000 Euro as it my net mist). Fraach is no: Wa is Liuwe Wester, kin hy Feitsma oan, en wêrom moat dit sa’n slompe jild kostje???
@Josse
Liuwe Westra is in âld hurdfytser dy’t him sûnt dy tiid skynber dwaande hâldt mei de Fryske Literatuer.
In slompe jild?
It bedrach is sels nei onderen bysteld op 171.000 euro! Eins moat it wêze 171.149.27
Hoe komme wy op dit bedrach.
Liuwe hâld kantoor yn ‘e Fryske Akademy yngeand januaris 2019 oant ein 2020. Hier 4000 euro yn ‘e moanne. Makket 48.000 euro.
Foar ynsjoch yn de argyfstikken fan Tresoar moat 68.000 betelle wurde.
Makket: 116.000 yn totaal.
Liuwe kriget 50.000 betelle.
Makket: 166.000.
Printkosten 200 eksemplaren : 5.149,27
Makket yn totaal 171.149,27
Neat mis mei!
De hurdfytser hyt fan Lieuwe, dat is Liuwe mei in e en dy sjoch ik gjin boek skriuwen mei alle respekt. Is it net de dûmny dy’t ek Tolkien oerset hat (twa tuorren)?
@Edwin
Dat it de hurdfytser wêze soe wie fansels mar in grapke.
Dat oare ek.
Ik fernuverje my der oer dat jo en oaren dêr neat op sizze…
Blykber is myn útlis oer de slompe jild hiel gewoan…
It sil de dûmny wêze. Fan it ponkje kin de bêste man fansels ek net bestean. Man docht goede saken.
171.000 euro! Leaf de Hear!
Miskien dat Sietske hjir efkes útlizze kin hoe’t sit mei dy 171.000 euro. Wy binne allegear tige benijd.
@Eddy
De titel fan de bio wurdt:
‘The LADY of the Rings’, in ferfolch op Tolkiens mistike en mistige barrens. Ljouwert kin wol in mis (ser) ferneare nei de merakels fan dit jier dy’t in soad jild opsmiten hawwe.
@Josse
Ljouwert kin wol in mis (ser) ferneare nei de merakels fan dit jier dy’t in soad jild opsmiten hawwe.
Dat it in soad jild opsmiten hat is fansels net wier. It hat in soad jild koste.
It feesje hat oer de 90 miljoen koste wêr’t mear dan 60 miljoen fan opgien is oan salarissen fan eigen minsken en ynhierde krêften.
No, oan it ein fan it jier is it al wis dat der in ferlies makke is fan rom 70 miljoen euro.
Nee, dit is gjin lul ferhaal! 70 miljoen ferlies!!!
“We struck gold, sei Sietske, we struck gold.”
Slagt hielendal nearne op. Sietske kin mei gjin inkeld finansjeel ferslach komme wêr’t út bliken docht dat der gjin 70 miljoen netto ferlies makke is. Lit stean dat sy oantoane kin dat der ek mar 1 sint winst makke is. De boekhâlding fan 2018 is geheim. Wêrom’t soe dat sa wêze, tinke jo?
Sietske Poepjes is net goed by de holle…
2018 is in finansjeel rampjier!
En wat hat it opsmiten?
At ik yn Amsterdam bin en ik freegje de minsken: ‘Als ik zeg Friesland, wat zegt u dan?”
90% fan de minsken sille roppe: “Blokkeerfriezen”!
Ja minsken dat is de skjinne winst fan 2018.
Dêr kinne wy tige grutsk op wêze…..
2019? Back to business?
Welnee!
….Back to no business!
@Eddy
Ja, dat bedoelde ik – in mistige, mystike, mytyske en mytologyske gong fan saken. In roman wurdich! Allinne, de literatuer is ynwiksele foar popy-jopy-ferdivedaasje, sadat se gjin gele jaskes op ‘e kofje krije. Gjin roman dus.
Skriuwers binne skeard en kastrearre liket is – of se frette allegearre ut de koperen tsjettels fan frou S.P.
Ik haw it al ris earder skreaun – in taal sûnder literatuer is ta weismiten keard.
Ynstee fan 171.200 Euro foar in simpele bio, skreaun troch in fytser dy’t rûntsjes om de tsjerke fytst, hie men in heal miljoen frij meitsje kinnen foar oersettings fan it Frysk nei Nederlânsk, Ingelsk, Duts, Frânsk en Spaansk.
It wurdt tiid dat it Skriuwersboun yn in fakboun feroaret dy’t foar de literatuer en de skriuwers fjochtet.
‘Ferbjustere’, sei it bestjoerslid Looijenga. All right, dan no gele jaskes oan, it mes yn ‘e bek en op nei it Provinsjehûs.
@Josse
Moai stikje, en ja, dêr is de moaie ‘one liner’ al.
In taal sûnder literatuer is ta weismiten keard.
Sa is’t en net oars.
Fan it Skriuwersboun hoeche jim neat te ferwachtsjen. Sitte allegeare oan ‘e kofje en ‘t gebak by de ‘koekjebakker fan Makkum’.
It mes yn ‘e bek?
De Frysktalige skriuwers en dichters moatte mei 100 swiere tanks op nei it provinsje hûs!
It jild moat wer nei de Neushoorn fansels. Dêre komme sy tonnen te koart. Krekt wat jo skriuwe.
‘Popy-jopy ferdivedaasje’!
Ik sil no net mear reagearje. Oars krij ik wer fan Knilles op ‘e bealch om’t myn namme hjir te faak stiet oan ‘e rjochterkant.
https://www.literaturewales.org/
Tige tank Lubbert Jan, sa soe it dus kinne…
Wales mei in 3 miljoen ynwenners lykas Baskenlân. Fiif kear sa grut, mar wol in prachtich foarbyld fan wat mooglik is, yn FRL op in wat lytsere skaal.
@Eddy, dat it in grapke wie hie ik net yn ‘e gaten, dat ik tocht ik tink eefkes mei :>)
Hawar, point taken.
Dat it sa’n slompe jild kostje moat; kin ik mar ien ding oer kwyt: WTF!!!
Literature Wales hat trouwens noch net sa lang lyn in bulte krityk oer him hinne krigen: sitaat fan de BBC-site: the sector was “rife with factionalism, rivalries and jealousies” and questioned why some received public funds. https://www.bbc.com/news/uk-wales-45967776
Dus ek dêr is it net allegear 100 punten, mar it fjild dêre liket al mear kont yn ‘e broek te hawwen.
Bin ik dochs noch even. Rêstich bliuwe Knilles..
Wy ha it hjir oer dr. Liuwe H. Westra. De man hat yn’t ferlyn ek publisearre yn Trotwaer en ik fernuverje my der oer dat Fryske literatuer leafhawwers dizze man net kenne. Wy kinne der alle betrouwen yn ha dat it net gewoane biografy wurde sil, mar dat hy syn bêst sil dwaan der iets bysûnders fan te meitsjen. Ik winskje him in protte súkses.
@Eddy: No bin ik dochs wol benijd wêr’t dyn wearzge tsjin It Skriuwersboun weikomt? Lekskoaie is fansels makliker as lid wurde en meitinke en meidwaan.
Kinst lykwols de kofje en gebak fan Makkum oanrikkemedearje?
@Geart.
Asto tige grutsk bist op ‘e resultaten dy’t it Skriuwersboun behelle hat is dat oan dy.
Ik hear allinich mar dat er hast gjin boeken en dichtbondels mear ferkocht wurde.
Mei ‘Oare Wurden’ gjin ideeën.
Mei ‘Oare Wurden’ gjin resultaten.
Wa wol dêr dan noch oan meidwaan? Boppedat, ik skreau it hjir al earder, ik bin gjin Frysktalige skriuwer.
Ik, de kofje en ‘t gebak fan Sietske oanrikkemandearje?
Ik ha gjin idee Geart. Ik ha neat mei Sietske krijen.
Ynformearje jo even op de earst kommende gearkomst fan it Skriuwersboun.
@Geart,
Ah, jo binne de ‘skriuwer’ fan it Skriuwersboun..
It Skriuwersboun leveret in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân.
Sa stiet it er…
Bjusterbaarlik al dat ‘ferbetterjen’…
As literatuer skriuwers op in mislike manier oan ‘e kant skood wurde foar ‘Oare Wurden’ dan spatte jim fansels fan ‘e stoel en roppe Bert Looper op it matsje!
Foar de’ Rely’ sitte minsken yn ‘e sjuery dy’t sels net in fatsoenlike letter op papier sette kinne…
Ja, dan klimme jim fansels ek yn ‘e gerdinen fan lilkens!
Foar ‘Oare Wurden’ giet berneboekje skriuwer Jaap Kingma op ‘n paad en docht bliken dat hy net iens wit wa’t Josse de Haan is!
De legacy fan ‘Lân fan Taal’ is in gebou fan trije miljoen op hillige grûn dêr’t minsken allinich hinne gean as sy nei it húske moatte!
Ja, jim ha Sietske al in lilke brief skreaun dat sy it jild oer de balke oan it smiten is! Fansels!
Moat ik noch even fierder gean?
Jim gean mar moai sa fierder mei al dat ‘ferbetterjen’….
Skriuwers en dichters dy’t lid binne fan it Skriuwersboun moatte harren deaskamje!
@Eddy
Marcel de Jong tocht as ‘oare wurdenskriuwer’ yn Pasajes-skriuwershûs (San Sebastian), doe’t ik by syn 1e ynlieding kaam, dat ik Durk Gorter wie.
Nettsjinsteande dat noadigen myn freondinne Maite (Baskysk skriuwster) en ik him ut om yn dy 6 wiken ris yn Hendaye (15 km) del te kommen foar in lunsj of in jûnsmiel.
We ha neat fan de man heard…
De Jong: in Bildts skriuwer dy’t noch nea in literêr wurk skreaun hat.
@Josse
Oh, wie dat net Jaap Kingma, mar Marcel de Jong…
It Skriuwersboun is der tige grutsk op gear te wurkjen mei Tresoar en de provinsje Fryslân en hâldt such dwaande mei : ‘It ferbetterjen fan it literêre klimaat troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân.’
Wat soe it Skriuwersboun ferstean ûnder ‘it ferbetterjen fan it literêre klimaat?’
Dat harren leden misledige wurde troch Tresoar?
Dat de Fryske Taal troch de provinsje Fryslân as in twadde rangs taal behannele wurdt?
It Skriuwersboun hat wat Tresoar en de provinsje Fryslân oanbelanget mar ien ding op it each.. FOLLOW THE MONEY AND KEEP YOUR MOUTH SHUT!!
It Skriuwersboun har bestjoer en de leden hawwe gjin inkeld karakter. Leffe meirinners dy’t gjin krityk ha om’t sy oars bang binne gjin priiske te winnen oft in opdrachtje mis te rinnen.
In ‘patatsje oarloch’ kultuer wêr’t de grize fan oer de grauwe giet.
Wa’t de bek net iepen docht hat gjin rjocht fan skriuwen!!