Abe de Vries

Falske start op in ferkeard plak

logo.ensafh

Ik fyn it moai dat Babs Gezelle Meerburg yn har stik oer Tjitte Piebenga yn Farsk 106 besiket om syn dichterskip wat better del te setten as dat se yn Zolang de wind van de wolken waait dien hat. Minder moai is lykwols dat se dêr in nuvere ferdraaiing fan myn essee oer Piebenga syn poëzij foar noadich hat (‘Fergetten pommerant’, Farsk 79), en noch minder moai is dat soks yn in In memoriam foar de dichter stiet.

Neffens Babs soe ik úthâlden hawwe dat resinsinten en literatuerhistoarisy ‘it wurk’ fan Piebenga ‘oer de holle sjoen hawwe’. Nim my net kwea ôf, mar ik hie it net oer ‘it wurk’ — ynklusyf proaza —; ik hie it oer syn poëzij.

Boppedat stiet der yn myn stik neat oer resinsinten en literatuerhistorisy yn it generaal. Der is genôch oer Piebenga syn poëzij skreaun, resinsjes by de rûs, syn fersen binne werklik net ‘oer de holle sjoen’. Nee, ik ha nei foaren brocht dat benammen Teake Oppewal yn de Spiegel van de Friese poëzie (1994) en Babs Gezelle Meerburg yn Zolang de wind van de wolken waait:

de bysûndere posysje fan Piebenga syn poëzij (..) net genôch acht slagge en sadwaande gjin goed byld jouwe fan it belang fan syn dichtwurk.

Dat is hiel wat oars as sizze dat se it oer de holle sjoen hawwe. Se hawwe deagewoan it belang derfan net begrepen. Babs Gezelle Meerburg – yn it haadstik ‘De binding verbroken’ – wit net mear op it aljemint te bringen as:

Zijn poëzie uit de jaren vijftig had een heel eigen karakter doordat de dichter sterk werkte met klankassociaties, vooral in zijn tweede bundel De thermen van karratsjana (‘De thermen van karratsjana’, 1959). Zijn laatste dichtbundel is Myn sêftgrien famke (‘Mijn zachtgroen meisje’, 1977), een intrigerend werk waarin steeds een meisje wordt aangesproken.

Dat is alles. Neat oer de fernijing yn Piebenga syn dichtwurk, neat oer it ûnderskied mei de Quatrebras-fernijers, neat oer de bondel Fersen, koartsein, neat oer wat dit dichtwurk sa nijsgjirrich makket yn it fjild fan de Fryske dichtkeunst. Wa’t witte wol hoe’t dat sit, moat ‘Fergetten pommerant’ mar lêze.

As Babs werklik tsjin myn stik polemiseare wol, moat se foaral har gong gean, dat lêze wy dan noch wol in kear. No hat se in falske start makke op in ferkeard plak.

27 desimber 2007

2 reaksjes op “Falske start op in ferkeard plak

  1. Os uut Piebenga-dochter har errata bliken docht dot net ien yn tritich ‘ier
    troch haon hat dot ‘t Sjegriene Fanke, (heroïne)huorke bi de lêste holte,
    Uus Mêgere Hein betsjutte, don id de dichter net oerkaam en hat faalt?
    Of havve de lêzers/harkers en resinsinten/kritisi ‘n blyn plak skine litten?
    Yn Walewyn en the (sha)Green kNight id de lêste ridder koppesneller.
    DfdM

  2. ‘t Sêftgriene famke dot “hieltiten oansprutsen wurdt” …
    Hje id don eärder ‘n dea-ingel os ‘n fereale jongfaam.
    Soest oan ‘n tsjerkhôf tinke kinne, meand, oanklaud,
    dêr’tst jamken njonken sarken lizze wolst, oan myljeu-
    en diere-aktivisten of feministen dy’t oer liken geane,
    oan ‘n godinne Proserpina/Perséfoné — skaakt troch
    Pluto/Hades/Aidoneus, maat fon trije-ienhyd Geruon
    yn ûnderwraod/deaderyk, dêr’t Mehercules/Herakles/
    Harlekyn/Merlyn hinne giet mei sinneboat Ra? oer de
    oseaan om kij (bisons?) te stellen, en dêrbi don oan
    Grienlaon tinke en net oan Cadiz/Gadeira of Waadeil.
    Gryn. Of de Lady of the Lake(demoanen?), l’Avalon of
    ‘n Apollonia, Polonia, Vlona, Jablonski Pos, Jablonoj,
    Appalachian, Lake District bi BanGorre fon L’angelo’t
    (lakkoplout?) of oan ‘n elf of (nym)fee, fata Morgana.
    Coroner Kroandea

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *