
Der wie ris yn in lân hjir fier wei,……..
Ach, wat in ûnsin. Hielendal net yn in lân hjir fier wei. Gewoan yn in hûs yn Noard-fryslân.
dêr lei yn in bêd op in souder in mefrou. In sliepende mefrou. Op in deagewoane moandeitemoarn. Dizich yn de fierte hearde se de wekker ôfgean. Mar hjoed lei se noch sa ôfgryslik lekker tusken de lekkens te sliepen. It ljocht kaam al troch in kier troch de gerdinen en foel oer har gesicht. In stoarmachtige wyn gie troch de beammen. Rûzich waar.
Lês fierder by Nadie Hania