
de swolm mei gelokkige fiskjes swimt
him yn soppige ieren troch fruchtber fleis
dêr’t de poat in gewillige krún oplein wurdt
glimket it holtsje mei safolle tagedienens
skulfers út syn mouwen rûgelje rûnom
dêr’t er komt sjonge de muorren syn lof
de fiskjes lizze djoere kaviaar yn skroatum
roppich slikje wy ús fernoege om ’e mûlen