
Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Bruinja is in ferneamde namme yn sawol it Frysktalige as it Nederlânsktalige dichtersmiljeu. Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy, mar ek trochdat er faak en graach op it poadium stiet, syn wurk yn de iepenbiere romte te finen is en dat er de sosjale media noch better wit te brûken as de Amerikaanske presidint. In bettere ambassadeur fan ’e poëzije kin Nederlân him net winskje.
As ien fan de pear Friezen yn ’e seal wie ik stikem ek wol benijd oft de Frysktaligens fan Bruinja oan ’e oarder komme soe yn de soarte fan paneldiskusje dêr’t it program mei iepene. Mar dat kaam net op it aljemint. Dat wie lykwols út noch yn gjin teloarstelling. It ûnderwerp fan de diskusje wie nammers poëzije yn ’e iepenbiere romte, dat soks in oare wize fan dichtsjen ferget. Petearlieder Andrea van Pol stipte allinnich it feit oan dat it Frysktalige dichtsjen ûnskiedber mei Bruinja ferbûn is. Fierder as in flau grapke mei ‘Fries’ en dat it bûten friest kaam it net.
Krekt troch it feit dat der net mear wurden om smoarch makke waarden, krige it wat fanselssprekkends. Hy begûn mei it gedicht ‘ferdwine’ (ûnderoan is in audiobestân taheakke mei it fers foardroegen troch Tsead Bruinja) yn it Frysk, dat er dêrnei yn it Nederlânsk foardroech. Mei deselde fanselssprekkendheid klonk it Siuwsk út ’e mûle fan Broeder Dieleman en hie er oare dichters fan alderhande eftergrûnen en komôf frege om harren wurk hearre te litten.
My tinkt dat wy der fan útgean meie dat dit karakterisearjend is foar wat Tsead Bruinja de kommende twa jier dwaan en sjen litte sil. Hy siket as gjin oar de gearwurking op en hy hat as gjin oar de beide talen yn him korporearre. Dêr hoecht fierders net oer praten te wurden, dêr moat gewoan yn skreaun en foardroegen wurde.
Klik hjir foar Bruinja syn foardracht fan it fers ‘ferdwine’.
Moai ferslach. Fijn om te lêzen. Ek ik bewûnderje, net hielendal sûnder foaroardiel, de wiize fan Tsead syn brûken fan hokker taal dan ek. Dêr sprekt respekt út. It brûken as doel.
Wat is dit, in slijm- en reklamebledsje? Wêrom giet it net oer de man syn poëzij?
In bytsje mear nivo stiet jo better, De Vries.
cvdw, reachmaster.
Geart hat oandielen yn Tsead, blykt op ensafh. ,,Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy”, ,,In bettere ambassadeur fan ’e poëzije kin Nederlân him net winskje”, ,,Hy hat as gjin oar de beide talen yn him korporearre”, en sa bla-bletteret it mar fierder. In oefening foar in funksje by Tresoar faaks, mar in nivootsje te leech foar in medium dat it oer literatuer hawwe wol.
Fertsjinnet goed, jong.
Bêste De Vries, jo reaksjes wurde tenei earst moderearre, foardat se al as net pleatst wurde. Dêr kin wat tiid oerhinne gean.
Jo diele dit lot mei noch in stikmannich oaren, dêr’t it mienskiplik skaaimerk fan is, dat se bytiden tsjin harsels yn beskerming nommen wurde moatte.
Mei freonlike groetnis: cvdw, reachmaster.
It is hjoed myn jierdei, dat ik mei sizze wat ik wol: Abe, jonge, soest wat minder janke moatte…
Troch fersin klikte ik Nederlandse vertaling oan en krige in hiel minne oersetting te lêzen fan boppesteande: Tsead soe de skoanheit wêze fan Ramsey?