Piter Boersma

hildegards drinkfet

logo.ensafh

I

it drinkfet in saneamde kanaänskaal
de brulloft fan it wetter-yn-wynwûnder
kaam út kleaster eibingen is it ferhaal
de grutte dichter fûn him hiel bysûnder

II

út har kleaster waard goethe in drinkfet ryk
mar hy komt ek by de roazekrusers lâns
ivich libben esotery romantyk
de ierdske mins siket him bryk om in kâns

III

hy hat net it útsjoch fan in amfoarkrúk
hy hat gjin hals en de iepening is wiid
ûnder de brede kraach in skouder gjin búk
de drinkkom is wier unyk en dêrom swiid

IV

orïintaalsk albast kaam út egypte wei
foar amfoaren kommen flessen en sok reau
de krúsfarders brochten sok diggelguod mei
dat in protte yn kleasters bewarre bleau

V

faaks krige hildegard de kom as geskink
fan de byzantynske keizerin bertha
dy ûntfong fan har in brief mei de wink
god wol fan dyn hert in brânoffer ha

VI

dy goudkleurige drinkkom fan kalkalbast
dat bertha him hildegard joech is gjin slach
wa’t de suggestje die is wier gjin fantast
de keizerin wie in prinses von sulzbach

VII

soe hilde der in kear wyn út dronken ha
ik reitsje oeral fan dy mooglike die
it museum yn weimar moat ik nei ta
ik wol myn lippen hâlde dêr’t sy se hie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *