Jacobus Q. Smink

rigels

logo.ensafh

trije rigels binne ferlern gien
yn de drokte mei de pc en ik
kin se net goed yn ’t sin bringe

it moatte wol te swiete sinnen
west ha oars soe ’k se noch witte
dochs sinniget it my net

ik sil krekt salang neitinke
oant ik se op ’e nij betink
mar tasizze kin ik neat nee

it is wol sa dat ik leavje kin
sûnder betingsten, soene jo
dat wol dwaan sei de idioat

eins fyn ik de lêste trije rigels
wol okee en lit se as sadanich

2 reaksjes op “rigels

  1. moai fers, wol dit; soe samar in soarte fan riedsel wêze…oer dy (lêste) trije rigels…trije rigels binne ‘up in smoke’ trije rigels binne okee en sadanich sa litten, dan is de op ien nei lêste strofe einliks it fers…wol in moai fers oars…ach samar wat ge-eamel op de freed…

  2. Fannewike dreamde ik (neffens my foar it earst) in gedicht, en skreau him fansels daliks op. It wurd ‘salang’ skreau ik yn ‘e hastigens as ‘slang’. Dat wie, lykwols, ek in dream. Te loai om derút, dreamde ik dêrnei dat ik oeral om in pinne socht om wat ik fan it fers ûnthâlden hie, op te skriuwen. Sytse Jansma liende my in Tryater pinne, ik krasse en krasse (de earste letter wie gelokkich in O, dus dat koe moai) mar de pinne hapere mar oan. Ik strúnde yn Bûtenpost om, op syk nei goeie pinne, in plakje om te sitten en te skriuwen, earst op it Lauwers Kolleezje en letter bûten yn de winkelstrjitte, dêrnei yn Surhústerfean tusken allegear plestik rotsoai njonken in sleat. Alle bern praten Nederlânsk, dat demotivearre my wol wat, al woe ik it net tajaan. Mar: de oare moarns wist ik troch alle menuevels it gedicht noch wurd foar wurd.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *