Greet Andringa

Deade linen en sjips foar de siele

logo.ensafh

Ik ha juster in skop ûnder de kont hân. Eins wie it earder in freonlike yn-it-sin-bringer (net de earste). Noch earliker sein wie it in advys: lit wat fan dy hearre, minsken krije, drok as net drok mei oare saken, hieltyd minder begryp foar dyn stilte.

En ik baal dêr fan. Net fan de yrritaasje, want se hawwe gelyk. Ik wist al skoften dat ik op de list stie om wer ris in kollum te skriuwen. En ik wie it ek wier fan plan, ik hie sels in hurde tasizzing dien dat dy der ferline wike wêze soe. Mar ik doch it net. Wylst my al moannen it byld troch de kop spûket fan krystbeammen sûnder beam – spiraalswize ljochtsnoeren dy’t fleurich om in bûtenpeal hingje – dat wie wêr’t ik wat mei dwaan woe, al wist ik noch net krekt wat.

Ik baal dat ik net ta aksje kom. Ik fyn dat dat net by my past. Betrouber wêze is wichtich. Ofspraak is ôfspraak. En ik tink altyd dat ik my dêr aardich oan hâld, mar dan is dêr ynienen wer sa’n gebiet yn myn libben dêr’t ik dat net doch. En as ik wol hiel ferskuorrende earlik bin, dan is der altyd wol sa’n gebiet.

Dy krystbeammen. Ik fyn se altyd sa trystich as izige stoarmwinen har út model blaze.  As se hast fan harren peal ôfwaaie en ferriede wat se eins binne: in foarmleaze klomp deade linen mei keunstmjittich ljocht. In beam sûnder beam. In lege foarm sûnder siele.

Net skriuwe. Wat meitsje ik mysels wiis? Drok mei bylearen – oars komt myn dokterstitel yn gefaar. Drok mei baan en bern, hûs en hiem. Fansels! Bekôf yn ’t wykein – ek allegearre wier. O en dan ha ik ek noch ‘hegere’ argumintaasje: kollums, stikjes foar de krante, dingen dêr’t in deadline oan fêstsit, is dat eins wol echt skriuwen?

Deadlines, dat betsjut moatten. Want oan de oare kant fan de line wachtet de dea. Oan de goeie kant oars ek: moatten en kreativiteit, dat stiet dochs heaks opinoar? It bêste dat der dan noch út de pinne of de kompjûter komme kin, binne hooplik wat lichtfertarbere stikjes oer neat. Of in bult geëamel oer wat in oar ferkeard dien hat om der sels better foar wei te kommen. Koartsein: sjips foar de siele. Dêr’t de lêzer miskien eefkes in noflik fol gefoel fan krijt, mar in echt streksum miel is it net fansels. Dêr fiel ik my dan stikem te goed foar. En wyls wachtet dizze prinsesse mar yn har kastiel oant Prins Ynspiraasje wat literêr bestekliks yn har wekker tutet. Mar dat docht dy smoarge jongfeint net en gelyk hat er. Grutte kâns dat er oars leechbliedend stykjen bliuwt yn de toarnen fan de bullshitstruken dy’t it kastiel ferdigenje.

Ferdigenje tsjin? Krityk. Skoppen ûnder de kont. Frege en ûnfrege advizen. Yrritaasje fan oare minsken. Omdat dat soarte fan saken allegearre sa ferdomde sear dogge. Deadlik fiele. En troch dan net te skriuwen, besykje ik se dus foar te kommen. Mar troch net te skriuwen, rop ik se oer mysels ôf!

Mar hé! De deadline hat west en ik libje noch! En dat seare dat falt eins ek genôch ta, slimmer noch: ik ha it omsetten ta in stikje. De ienige dy’t my echt sear docht, bin ik sels. Unsichtber sear. Pine sûnder pine, oant ien my wekker tutet en ik fiel dat ik sels dy krystbeam bin: in skriuwer sûnder skriuwen, in sylhûet sûnder libben. Leechte.

Fan no ôf alle moannen in stikje!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *