
Op 11 maart reizgen de dichters Syds Wiersma, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar ôf mei de trein nei Aarhus. Dy sette mei swierrichheden útein trochdat de trein net fierder as Hurdegaryp gie. Dat hja binne mar gau werom nei Ljouwert gien en hawwe doe Syds syn auto nei Leer pakt. Geart hie dêr kunde, dat sadwaande koe de auto by har moai op it hiem stean en sa kamen hja úteinlik mei in pear oeren fertraging op it stasjon fan Aarhus oan. Hja ferbleaunen yn Godsbanen (in eardere oerslach fan frachttreinen dat no in Blokhúspoarte XL is).
De fierdere wike ferrûn wol as in trein. De tiisdeis fuort in rûnlieding troch it wiete en wynderige Aarhus mei de dichter Carsten René Nielsen. Hy hat de fjouwer mannen dy wike op ’e noed hân en wie in baas gasthear. As skiednisleafhawwer wie er poergeskikt om de hiele histoarje fan Aarhus sûnt de Wytsingers oant hjoed-de-dei út ’e doeken te dwaan. Foar de jûns hie er in tafel besteld dêr’t tradisjoneel iten optsjinne waard. Fansels mei de nedige buorreltsjes, dêr’t de Denen net yn spuie.
Nettsjinsteande sieten wy moarns fris en wol yn Vogn 1 fan Godsbanen. Dêr wienen ek Tomas Dalgaard, Annemette Kure Andersen en Knud Steffen Nielsen oanwêzich om mei ús achten in oersetdei te hâlden. Doel fan de reis is om úteinlik ta in twatalige bondel út te kommen, dat dêr waard dy woansdeis in begjin mei makke. De risseltaten waarden de jûns yn in grôtfol boekekafee mei de namme Løve’s foardroegen.
De tongersdeis hienen wy in dei foar de prins. De ien gie nei it museum Åros, de oar gie yn ’e biblioteek Dokk1 sitten te skriuwen, de oar wie syn keamer net útkommen útsein hinne en wer de Netto. Jûns wie dan it earste offisjele optreden, yn Vogn 1 op Godsbanen. Geart syn hiele fanklup wie út Kattrup en Hovedgård wei ôfreizge nei Aarhus en fierders sieten der oare belangstellenden, sa ek twa Friezen om utens en in Brabander om utens. De romte siet dêrmei smûk (of eins hyggeligt) fol en it die wol bliken dat de minsken ynteressearre wienen want ûnder de paneldiskusje waarden der aardich fragen steld oan ’e fjouwer dichters.
Carsten René Nielsen poene de Friezen oan om ek in heale dei bûten de stêd ta te hâlden, hja moasten eins wol nei Moesgaard Museum. Dat freedtemoarn op ’e tiid yn de bus nei it museum. Der moast muntjild yn de kaartsje-automaat yn de bus, wat hja net hienen, dat lokkigernôch sûnder kontrolearre te wurden kamen hja oan by it mânske gebou mei skean tek. En warempel dêr fûn Elmar it alderearste ljipaai fan Denemarken. In unikum! Yn ’e wolken hawwe de dichters it museum besjoen, Elmar en Geart hawwe noch troch de bosk pandere nei de see ta en binne as fersûpte katten wer mei Syds en Cor yn de bus stapt nei Lystrup, dêr’t hja útnûge wienen troch dichteresse Annemette Kure Andersen en har man.
De saterdeis ier en betiid op ’e trein nei Kopenhagen dêr’t de fiif mannen wer in optreden hienen, diskear yn Poesiens Hus. Carsten late harren fia de toeristyske hichtepunten nei it plak dêr’t hja wêze moasten. Sa fol wie it dêr net, wat de organisaasje, mar ek de oanwêzigen danich ôffoelen. Under de oanwêzigen wienen ek guon dichters, dy’t fûnen dat oare dichters soks dochs net misse moasten as der fjouwer bûtenlânske poëten ôfreizge wienen nei de haadstêd. Nettsjinsteande hawwe de Friezen it tige nei de sin hân, om’t ek wer it publyk dat der wie o sa ynteressearre wie. Op it stasjon in bierke en in flugge hap en doe wer op ’e trein nei Aarhus. Gau op ’e koai, want de oare deis moasten hja wer in lange dei yn ’e trein sitte om de auto yn Leer op te fandeljen.
No hurd oan it wurk mei de oersettings en de nije gedichten om te wurkjen oan ’e bondel dy’t hja takom jier op it LiteratureXchange Festival yn Aarhus oanbiede wolle.