Willem Winters

Emmy Hennings, by har 125ste bertedei

logo.ensafh [17 Febrewaris 1885 – 10 Augustus 1948]

Nea witten dat der wurk fan Emmy Hennings yn it Nederlâns útjûn wie en dêr fyn ik samar Helga speelt het leven (Oarspronklike titel: Das fluchtige Spiel. Wege und Umwege einer Frau (1949)), har autobiografyske roman.
Om har te pleatsen wurdt meastentiids meld dat se de frou fan Hugo Ball [1886-1927] wie en dat beide wichtich wiene by it oprjochtsjen fan Cabaret Voltaire (Zürich 1917]. Dat wie de oanset ta it ûntstean fan Dada.
De haadpersoan Helga út Helga speelt het leven hat in drege jeugd. Har mem sit har achter de fodden dat se mar gau trouwe sil. Helga wol by it toaniel, mar ‘dat betsjutte foar ús mem krapoan itselde as sigeunerin wurde wolle.’
Se wurdt dan mar ôfdrukster op in fotografysk atelier. As se op in dei foto’s oan in ferneamd toanielspeler ôfjaan moat, rekket se mei him yn petear. Dat rint fansels út op in rol foar har.
Hommels komt it by har op dat se mei in bline toanielspiler trouwe wol. Op dizze siden en ek op guon oare plakken kriget de tekst hylaryske trekken. Se foarmje it oantreklikste fan dizze wat romantisearre autobiografy.
Fierder docht Emmy Hennings ferslach fan har ûnderfinings by in reizgjend teaterselskip. Se makket karrière en komt úteinlik op ’e planken fan de grutte skouboarch.
Pas yn it lêste haadstik komt se mei Hugo Ball oansetten, dy’t se moetet yn it keunstnerskabaret Simplicissimus yn München. Se wurket as model foar skilders en ferkeapet foto’s fan de lju dy’t yn Simplicissimus optrede.
Op in kear sit der in jongfeint dy’t in foar neat in foto ha wol, dat wie it begjin fan har lange relaasje mei Hugo Ball.

Emmy Hemmings

Emmy Hemmings

It is spitich dat Hennings har biografy dêrmei ophâldt, sa flak foar harren optreden yn Zürich doe’t Dada mei in klap ûntstie en de [keunst]wrâld op ’e kop sette.
Dat Ball safolle bekender wie en bleau as Emmy is foar in part oan har sels te tankjen: ‘Ik die as in lyts tomke dat him ferstoppe tusken de flerken fan de earn. Ien kear op grutte hichte fleach it tomke op en rôp: ‘Wat fleane wy moai net?’
Dat mei hinnebruie.
Se wie foarlêskeunstner, skreau romans, gedichten, publisearre de brieven van Hugo en brieven van Herman Hesse oan harren en wit wat hokker teksten fierder noch. Se dûnse, song, performde. Se wie, skreau in krante, de keningin fan de dada-jûn.
In útjefte mei in kar út har wurk soe sa njonkenlytsen wol op syn plak wêze.
Probleem by autobiografysk wurk is de kleau tusken wat de persoan oer himsels tinkt en wat de oaren fan him tinke. By Emmy is dy kleau in ravyn, skriuwe Alison Donnell en Pauline Polkey yn Representing lives: women and autobiogafy. Hja beskriuwt harsels as in tige harmonieusk persoan,sa ‘t se wêze woe, wylst de minsken om har hinne har seagen as in frou fol tsjinspraak.
Tiidgenoaten koene der net oer út, hoe’t se feroare doe’t se mei Hugo Ball troude. Fan in wylde seksueel frije, senuweftige ekstravagante bohemien waard it in sêfte, djip religieuze, kalme frou.
Dat is in slim nijsgjirrich ferhaal.
In Nederlânstalige útjefte mei in kar út har wurk soe sa njonkenlytsen op syn plak wêze.

Oare titels autobiografyske geskriften:
Blume und Flamme. Geschichte einer Jugend (1938)
Ruf und Echo. Mein Leben mit Hugo Ball (1953)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *