Skermer

Elikser

logo.ensafh

Alles wat is en ûntstiet streamt, meiinoar foarmet it de rivier. Mar it is ek oars, dat wol sizze yngewikkelder. Alles makket diel út fan de stream, mar alles en elkenien stiet ek op ’e kant. Alles en elkenien stiet him op ’e kant te ferfelen, te fermeitsjen, te ferbiten, lilk te meitsjen, te ferskjinjen, te fergriemen, te bemigen, te oerrazen. Alles en elkenien wol wat yn dy rivier smite dat er sels makke hat. Sjoch dêr ris, alle Fryske skriuwers en dichters nêst inoar op ’e wâl, allegear dreamend fan en dwaande mei it realisearjen fan in literêr orgasme, mei it brouwen fan it elikser. Se springe yn ’e stream om der troch oanrekke en besmodze te wurden, om der wat foar har gading út te fiskjen. Sjoch hoe’t se yn ’e klean fan de stream fol nije hope by de wâl op kladderje. Guon witte it even net mear en lizze lamslein achteroer. Guon drave yn panyk it lân yn. Guon dy’t der yn springe komme net wer boppe.
Want wat is it dreech.

Men moat op it goede plak stean, dat wol sizze it plak dat spesjaal foar jin is. Under dy wylch, by dy brêge, oan dy kant. Mar hoe fynt men dat plak? Hoe wit men dat men op it goeie plak stiet? Winliken binne der mar twa wegen. De earste wei is: jin net bewege en it paad yn jinsels fine. De twadde wei is: jin oerjaan oan wat jins foet wol. As men sa, it iene of it oare, docht sil it paad, de metoade om it libbenselikser te brouwen, him tinteljend yn jins lichem iepenbierje en him yn jins geast fertoane as in detailearre reade string.
Mar dan noch. Der komme ek rituelen oan te pas. Jins lichem raast der om. Mar hokker bringe jin fierder? Om dêr achter te kommen dat ferget gâns stúdzje , in stúdzje fan jierren.
It kin net sûnder nei de stjerren te sjen. Men hat der goaden by nedich. Mar fyn mar ris de goeie, de foar jin ornearre goaden.
Ast ien keazen hast, dan seist tsjin him of har: ‘Paatke my swiete toet.’ Mei in bytsje gelok wurdst tute, it kin ek wêze datst op ’e ferkearde weddest. Mar dêr bist pas wis fan ast nei in ritueel fan 72 oeren de tút noch net te pakken hast. Mar de reden kine dan ek noch wêze datst net it goeie ritueel útfierd hast.
Dan bist der noch net, want sûnder in tsienjierrige bestudearring fan alle krûden op ’e wrâld stietst noch mei de hannen omkeard.
Der is gjin begjinnensein oan, soe men sizze, mar om op it leger fan Fryske skriuwers en dichters werom te kommen, it telt ûnstjerliken. Dy fan no ynteressearje my it meast.
En wat jin ynteressearret dat sjocht men!
Ferline jier okotober ha ik ien op ’e wolken boppe it Wikeler Hop rinnen sjoen. Hy wie ûnderweis nei it Himelske Paviljoen fan ’e Grutbewarder fan de Fiif Eleminten. It wie in prachtich gesicht.
Der is sels in dichter ûnder ús dy’t it sûnder goaden rêden hat. Dy seach ik juster op ’e neimiddei yn it ljocht fan in lantearne oan ’e Bûterhoeke fan ’e grûn kommen boppe it plein en oer de toer hinne sweven ûnderweis nei it Himelske Paviljoen fan ’e Wiisheid.
En dan binne der fansels de ûnderskate dichteressen mei tsjoeneagen. Dy ha gelok, alle goaden fleane foar harren. Ferline simmer seach ik hoe’t ien fan har út in hortinsje wei opstiigde foar in hearlike dei yn it Himelske Paviljoen fan it Absolute.
Dizze tekst printsje ik no út en stopje ik yn de pot dêr’t ik myn elikser yn brou.
O ja, ûnder it ritueel dat ik juster die – myn âlde skuon ferbrâne en der nije foar keapje – waard my troch in ka trochdien, dat ik in húsgoadin – it makke net út hokker – geunstich stimme moast troch my ta har te rjochtsjen yn Egyptyske hiëroglyfen. Dat sil ik no dwaan.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *