Henk van der Veer

levend hout

logo.ensafh

I.M. Wim Heins*

in trage skòkkerege slow-motion beelden- rétroperspektyf-
komt un stuk fan dyn kleurryk leven in
un smetteloas wit Hema-hemd foarbij
speulst met houten skyfkes dy’st sòrchfuldech opslaatst
as waardefolle kleinoaden

de oergeur fan fers saagd hout bepaalt dyn stemming
dúzend soarten brenge dij in un foarbije weareld
soekst moedech ferbining tussen Toen & Nu
rúkst en streelst ut rúw kwetsbere hout
probearst ròtting, wurms en skimmel foar te bliëven

as un minnaar streelst en skaafst ut onbewerkte hout
langsem toverst fan kapte bomen un kòstber instrúment
op ’e klanken fan ’e Ginhouse Blues Band klinkt un sentimental
journey fan un jonkje dat huppelend over de kletsnatte klinkers
in de Wommelster buorren ut evech leven tegemoet daanst

su leek ut teminsten

*Wim Heins was bekend gitaarbouwer

2 reaksjes op “levend hout

  1. Yn ’94 skreau Henk in bondeltsje fersen DEAGEWOANDEA, foarm jûn troch Gerrit Terpstra – de fersen binne yn harmoanikafoarm bûn tusken twa plankjes – in perfekt bondeltsje. Ien foarbyld –

    foarby, foarby
    foargoed foarby
    dyn kâlde kokon
    sa leech, sa stil
    sa tsjuster
    deagewoandea

    en even earder –
    …………….
    dyn iiskâlde hannen
    wurde net waarm
    as ik dy streakje
    mei myn fingers

    Ik haw krekt ‘Stienkeal’ fan Elmar Kuiper lêzen dêr’t it earste fers ek oer in deade giet, en doe wie dat bondeltsje fan Henk tichtby.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *