Blog Abe de Vries: ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’

logo.ensafh

In aardige eksersysje: tel de bedragen op dy’t it Nederlands Letterenfonds yn 2018 (ja, it jier fan….) útjûn hat fia al syn subsydzjeregelingen (minus dy foar tydskriften) om de literatuer yn Nederlân foarút te helpen. Dat smyt in bedrach op fan 4.866.923 euro, dus hast fiif miljoen euro.

Hoefolle is dêrfan bestege foar it realisearjen fan Frysktalige projekten, tinke jimme? 20 persint? 10 persint?

Wolnee: sa. 60.000 euro, dat komt del op 1,23 persint.

Lês fierder by Abe de Vries

10 reaksjes op “Blog Abe de Vries: ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’

  1. It stik fan Abe de Vries slacht nearne op. It jierferslach fan it Letterenfonds oer 2018 is noch net publisearre. Dêr komme de takenningen yn te stean, ek dy foar de Fryske auteurs.

    Ik haw de sifers oer de ôfrûne jierren byhâlden op myn blog: http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?p=9680

    In sterk stikje sjoernalistyk fan Abe!

  2. Lis efkes út wêrom’t it net kloppet wat ik skriuw. Fan alle takenningen binne parseberjochten publisearre, nei te lêzen op de site fan it Fûns. De totaal takende bedraggen foar elke regeling binne dus bekend. Ek is hieltyd publisearre wa’t wat taparte krige, der stiet allinnich net by hoefolle oft elk yndividu krijt. Der binne fiif Fryske ûntfangers fan seis beurzen/projektsubsydzjes, dat totaalbedrach haw ik op 60.000 euro set. No do.

  3. Nee Abe, de hichte fan de wurkbeurzen binne noch net bekendmakke, dus dyn sifers klopje net. Kinst sels wol bedragen betinke, mar dat liket my net de bedoeling…

  4. Heden, it jierferslach 2018 stiet no al online. Ik sil de Fryske auteurs der efkes útfiskje en set it op myn blog.

  5. Elmar Kuiper voor een Friestalige dichtbundel, Hispel, € 26.000
    Elske Schotanus voor een Friestalige roman, Afûk, € 10.400
    Syds Wiersma* voor een Friestalige dichtbundel, Hispel, € 10.400
    Hanneke de Jong voor een Friestalig kinderboek, Bornmeer, € 15.600
    Totaal
    € 61.000

    Kloppet dus wol sawat Abe!

    Dat it dit jier wat meager wie leit allinnich mar oan it feit dat der minder oanfragen wiene. Leit net oan it Fûns, mar oan de skriuwers…

  6. Dus: Abe syn berekkeningen klopje foar it meastepart, syn konklúzje slacht nearne op.

  7. Watfoar konklúzje slacht nearne op? Dyn reaksjes slaan nearne op en binne beskamsum, bêste Cornelis.

  8. No, wy slute de diskusje mar ôf, tinkt my. De kop ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’ kin ik net oars útlizze as beskuldigjend fan toan. Dat sa.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *