
Okkerwyks hie ik it yn in kollum oer wurden dy’t we net folle mear brûke en dat betsjuttingen fan datsoarte fan wurden maklik feroarje kinne. Ik frege doe oan de harkers en lêzers, oan jimme dus, oft jimme ek sokke foarbylden witte. Dêr kaam reaksje op. Dêr bin ik fergulde mei. Dat jildt eins altyd foar de reaksjes op myn stikjes. Dat dizze kollum is wat my oanbelanget tagelyk in moaie mooglikheid om jimme ris foar jimme reaksjes te betankjen. Net dat der in protte lêzers en harkers reagearje, dat net, mar dat hoecht ek net. It binne der likegoed alle kearen wol in stikmannich.Tagelyk is it aardich om te sjen dat ek guon fan jimme faker wat fan myn stikjes fine.
Lês fierder by It Nijs