
Poëzy
Yn dit nûmer stiet moai wat poëzy, bygelyks dy yn it Snitsers fan ’e hân fan Henk van der Veer en út it Deensk troch Geert Tigchelaar oersette gedichten en it fêste proazagedicht fan Nyk de Vries. In tal rigels út de oare gedichten: ‘mar hy sit al op in eigen stoel’ (Hidde Boersma), ‘swiersoer fielnear / befret bekrûpt beswolget my’ (Ruerd Smaling), ‘Fanút swiet swit / Sliepstân opsteansprong/ Yn in hjitteweachsimmer’ (Anne Feddema), ‘myn hert is in gleone waarmtepomp’ (Gerrit de Vries), ‘jierliks de garibaldi fan in karmaster’ (Marije Roorda).
It poëtysk oeuvre fan Tsjêbbe Hettinga
Cornelis van der Wal hat him bûgd oer It faderpaard, de twatalige (Frysk en Nederlânsk) bondel mei alle poëzy fan Tsjêbbe Hettinga. Syn bewûndering moat it by einsluten ôflizze tsjin de beswieren dy’t er hat.