Syds Wiersma

Liverpool FC / The Spurs

logo.ensafh

 

Oer de beide Ingelske fuotbalclubs dy’t moarnjûn de finale fan de Champions League spylje – Liverpool en Tottenham Hotspur – hat Syds Wiersma twa gedichten skreaun. Se steane yn syn nije dichtbondel Lân sûnder Ljurk, dy’t heal juny by útjouwerij Hispel ferskynt.

 

Liverpool FC

Op Anfield jilde eigen wetten, tiid
wurdt songen heind, en omtsjoend ta de gloarje
fan ‘t lumineus momint, the lasting heat
of derbys, trophees, heroes, each its own story.

De grutten, Dalglish, Keegan, Rush en Gerrard
as runen stean’ se yn ‘t ûnthâldpaleis
fan ‘t legioen. En Shankly, Paisley hearre it
se wachtsje op Gerry, dy is ûnderweis.

De deaden rinne noait allinne, the souls
decide on every match. It skaad fan Heizel
de ramp fan Hillsborough, who are these fools
still living for this game? Ah, the red knights yell:

At Anfield Virgil we have. That’s a name!
Forever young. Yet a giant he became.

 

The Spurs

Ik haw it net op Londen stean, te folle
oer Cromwell syn ûnrant op skoalle leard.
Om my mocht elk sintraal gesach djip falle
en doe, ha ‘k my dochs ta The Spurs bekeard.

Op Tottenham, it wurd, waard ik fereale.
It hat wat rûchs en iepens tagelyk.
The river Lea, en froulju as Adele,
wink-wink lucky basterds, got you a gig.

Those Lilywhites, net echt myn kleur, mar mei
marineblau en sjongend White Hart Lane
hast poëzy. Kick ‘n rush and do or die.
Dat iene middenfjild, the gods were play’n:

Ardiles, Villa, Hoddle, hush Big Ben.
Two gaucho’s and a crushing gentleman.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *