
Ut dommebare nijsgjirrigens gong ik rjochting begraafplak. Gjin idee wat my te wachtsjen stie. Foar de radio hie ik in koart ynterview oer ‘het weekend van de begrafenis’ heard; minsken gongen hjoed-de-dei fierstente gau fan ‘gewoan’ kremearjen út, wylst der hieltyd minder foar in begraffenis keazen waard. Skande fansels fûn de man yn kwestje, de begraffenis moast wer nij libben ynblaasd wurde, want minsken ha yn dizze jachtige tiden ferlet fan autentike rituelen en kontemplaasje, wêr kin dat better as op in goed ûnderhâlden tsjerkhôf? Ik wie benijd wat se der fan meitsje soene mar in folslein wykein, … in moarnsskoft like my earst wol moai genôch.
By it gastfrij, wiidiepensteande stek waard ik fan herte wolkom hjitten troch de organisaasje, kreas yn it swarte pak. Ik krige in plattegrûn fan it hôf dêr’t de aktiviteiten mei nûmerkes op oanjûn wiene. It makke net út by hokker nûmer as men úteinsette woe. By in aktiviteit, dy’t werkenber wie oan in banier mei ‘Funeral Fun’ der op, koe men in stikker krije. Mei in folle kaart wie der kâns op in moaie priis út de ferlotting.
Earst mar nei it baarhokje want dêr wie kofje mei wat der by. Om it lytse opmitsele skuorke hinne wie in gesellich terraske makke mei sitsjes ûnder in swarte sweefparasol. Twa dames mei wite skelkjes foar en it hier kreas yn ‘e krol namen de bestellingen op. It wie der al aardich drok. Nei it twadde bakje (mei oranjekoeke, nee, gjin keek) seagen se my fan myn stoel ôf. Dat ik betanke, krige in stikkerke en socht de folgjende flagge.
Yn ‘e buert op in moai plakje yn it skaad ûnder in grouwe treurwylch waard in workshop blomskikken foar grêfstikken jûn. Der wie aardich animo foar, benammen wat âldere dames diene krekt wat de blommist fan tsjinst foardie. Der ûntstiene allegear deselde kistefersieringen. Op ‘e ein koene se út ferskate kleurlinten kieze. Mei-elkoar seach it der suver hast fleurich út.
In ein efter it gebou dêr’t ornaris de beïerdigingsplechtichheden plakhawwe, wie in keal stik grûn dêr’t in demonstraasje grêfdollen holden wurde soe. Mar ik wie te betiid, der soe oer goed trije kertier in wedstriid wêze. De man dy ‘t útlei hoe’t dat technysk yn syn wurk giet fertelde dat foarhinne soks altyd mei de hân dien waard, de grêfdoller hie der samar in dei wurk oan. Winterdeis wie it gauris net te dwaan, dan koe der net begroeven wurde fanwege de beferzen grûn. Tsjintwurdich gong it meast masinaal. In lyts Japansk rûphapperke mei in minybakje docht soks yn in omsjoch. Moaie rjochte kanten en krekt op de winske djipte mei help fan GPS en lasermjitting. Aansten soene betûfte grêfdollers tsjin elkoar stride, it gong om snelheid, krektens, ôfwurking, respekt foar de omlizzende grêven en de skjintme fan de bulte neist it grêf. In trijekoppige sjuery soe de kûlen beoardielje en de winner útroppe. Mar dat duorre my wat te lang. Boppedat telde it hjir net mei foar de kaart.
Fierderop, yn ‘e aula wie ek alderhande drokte. Myn oandacht waard lutsen troch in hoekje dêr’t in koarte kursus ‘útfeartgedichten skriuwe’ folge wurde koe.
In opslûpene jonge mei in troedeltsje yn it hier en in pear famkes út it ‘Lân fan taal’ joegen de workshops. Earst wat oefeninkjes om yn ‘e sfear te kommen; neitinke en yngean op it momint fan no, sirkulêr sykhelje, neigean wannear’st sels foar it lêst serieus mei poëzij dwaande west hiest en hoe’t dat foldien hie en dêr dan wat oer fertelle. (Sinteklaas telde net mei.) Dan de wurdspin meitsje mei wurden dy’t op ien of oare wize wat mei de dea te krijen hiene of krekt it tsjinoerstelde, mei it libben sels, dat mocht ek. In oar ploechje besikers wie dwaande om mei útknipte kopkes út alderhande Yarden- en Monutafolderkes nije sinnen te meitsjen. Se diene wakker har bêst en de minsken fan de kursuslieding fûnen it sa te hearren geweldich moaie fynsten, it hoechde ommers ek net te rymjen. Alles koe tsjintwurdich as de yntinsje mar respektfol wie. By noch wer in oar taffeltsje koe men oefenje yn it opstellen fan rou-advertinsjes. Se woene dêr no wolris wat oars sjen as: ‘hjir binne gjin wurden foar’, ‘nei in lang skoft fan siik wêzen’, ‘de Heare is myn hoeder’, ‘foar altyd yn ús hert’; der waard wakker op omstind. En ik krige in stikker, foar de oandacht.
Wer bûten hearde ik de stilte mei klysters en in hôfdo. Nei in stevige kuier oer de grintpaden stie ik yn in úthoeke fan it kompleks ynienen foar in diske mei alderhande guod foar grêfûnderhâld. Flessen tsjin griene oanslach, hurde boarstels, blommejitters (mei of sûnder brûs), skepkes, himmeldersjittik, túnklauwerkes, koper- of sulverpoets, wynglêzen mei waksineljochtsjes en folle net genôch. It hie wol wat fan in miniatuer Auke Rauwerda. It minske dat by al dat guod wat slomme skrok suver fan de oanrin. Se ferhelle har en frege oft ik wat fan har hannel brûke koe. No hie ik net echt ferlet fan sok ark mar as hja in stikker foar my hie? No, eins koe dat net, allinnich as der wat kocht waard, mar foarút, om’t ik it wie. Hja hie noch plaksegels by de roes.
In ein fierderop, yn in grutte partytinte, wie noch in koarte kursus ‘omgean mei tsjinslach en ferlies’. Je koene ek noch proeflizze yn kisten ‘naar keuze’, teksten ‘beitelje’ yn grêfstiennen (lês: polystyreenplaten), kreas op ‘e pas rinne efter de baar oan en plechtich en strak foar jin útsjen mei de hege hoed yn ‘e hân en yn ‘e maat klokliede op de klokkestoel. De dei soe ôfsluten wurde mei in karaoke-kafee mei begraffenis’evergreens’. Op it listke stiene ûnder oare: Time To Say Goodbye, Tears In Heaven, It Aldershûs en Afscheid Nemen Bestaat Niet. Al hie ik de kaart noch lang net fol, dêr koe ik net op wachtsje. It wie al let en ik moast sjen dat ik thús kaam, de middeis hie ik noch in kremaasje.