Edwin de Groot

Dûbel gefoel

logo.ensafh

By útjouwerij Venus is yn 2007 de gedichtebondel Ieneach Kening ferskynd. Mei gedichten fan Jelle Kaspersma en tekeningen fan Gerrit Cnossen. Kaspersma hat yntusken in aardich nustje gedichtebondels útbrocht en yn in stikmannich dêrfan sit de kombo fan yllustraasjes en gedichten.

Copyright: Gerrit Cnossen/Utjouwerij Venus (2007)

No kinne dy twa keunstfoarmen inoar hiel bêst oanfolje, ferdjipje, neam it mar. It slagge my lykwols net om echt in relaasje tusken byld en wurd te finen. It fernuvere my dan net en lês yn de parse dat de tekenings fan Cnossen en de poëzy fan Kaspersma neat mei mekoar te krijen hawwe soenen. Yn in ynterview mei Sietse de Vries yn de LC (5-10-2007) seit Kaspersma dat der gjin relaasje is tusken de gedichten en de tekeningen. Al seit er wol dat hy yn de earste tekening in kompostbak sjocht, en maitsen. Dy komme yn syn earste gedicht werom. Ik helje it der net út. Dat tekeningen en gedichten yndied net folle mei inoar te krijen hawwe meldt Kaspersma fuortdaliks yn de earste strofe fan it earste gedicht:

it hie in mearke wurde moatten
de straffe delslach fan printen en poëzy
koartsein de skjintme yn it kwadraat

Dêr hie ik wat mear redaksje haw we wollen. Wêrom in byldzjend en in skriuwend keunstner byinoar bringe yn ien boekje en der dan net boppe-op sitte om no krekt dy skjintme yn it kwadraat foar it ljocht te heljen? Yn it foaropwurd giet it fuort ek al mis: net in wurd oer Kaspersma. No binne der mei wat goeie wil wol wat ferbiningen te lizzen, mar faaks is dat hineininterpretieren. Feit is dat de kans op in resultant dat ‘het geheel meer is dan de som der delen’ net pakt is.

No, de gedichten dan mar: skaaimerken fan Kaspersma’s poëzy binne ûnder oare it Fryske lânskip, fergonklikens en ‘dat wat west hat’. Dat lêste sit fuort al yn it earste gedicht:

dizze poëzy is de line heine tusken myten fan doe
en absurdens fan no

Kaspersma is net posityf oer de hjoeddeiske maatskippij. Yn ‘De fluitspiler mei de rûne rêch’ skriuwt hy:

de ferstienne optocht rint de tiden troch
op ´en paad nei freontsje mammon
dy´t oan ´e ein wachtet
en knypeaget

Hy draait der net omhinne. Rynsk taalgebrûk en soarchfâldich keazen metafoaren binne yn dizze bondel kwalik te finen. Dat binne lykwols gjin diskwalifikaasjes. Kaspersma formulearret gewoan frij plan-út. Dit alles betsjut net dat der neat falt te genietsjen. Folgjend gedicht bygelyks is in juwieltsje:

it wûnder fan sondel stiet tsjin de kreaste pleats
fan gasterlân oer
dy hege amtner sil wol ien each ticht holden ha
sadat it duvelseach de kâns krige
en set him nei wenjen yn ´e buorren

sjoch ris minsken wat jim te wachtsjen stiet
stadichoan rûmje ik alle moaie plakjes op

en de lju yn it sneinske pak dûnsje
yn ´e rige efter him oan

ik hear it fluitspyljen en sjoch
de oare kant út

Message understood, captain! Mei dit prachtige fers komt ek myn beswier. Kaspersma lit net folle oan en foar de lêzer oer en syn streekrjochte benadering wurket by it lêzen fan in tal gedichten oan ien rek ek wol wat belearend. Kaspersma seit yn in fraachpetear de konsumpsjemaatskippij it leksum op mar jout lykwols fuortdaliks ta dat er ek meidocht.

Copyright: Gerrit Cnossen/Utjouwerij Venus (2007)

Yn de LC: “Ik sis dit no allegear wol, mar dat is ek de dichter. Dy wurket altyd op in eilantsje, dêr koesteret er syn heechst persoanlike ideeën. Mar yn it maatskiplik libben konformearje ik my. Ik haw ek in kompjûter, ik bankier ek oer ynternet. Hoe soe ik my oars steande hâlde?” Of, sa as Kaspersma skriuwt:

frijdom is in leech wurd wurden

Nettsjinsteande Kaspersma syn frontale benadering sitte der yn Ieneach Kening bytiden moaie bylden. Yn it jonkje en de autodoar komt de ûnbedoarnens fan in bern op oandwaanlike wize foar it ljocht.

noch net ûnbedoarn troch fluenske preken
en de ûnrant fan it plasmaskerm
is in bern in soan mâns

Mar mei wurden as:

in bûkeman dy’t de fluit noch net
spyljen hearde
dy´t it kweade each oant no ta ûntrinne koe

wurdt it ek wol wat swier oanset. Ritmysk sjoen leit dan de bombast fuort om ’e doar. Skriuwer dizzes sit ta einbeslút wat yn in spagaat. Kaspersma hat wol gelyk, mar ik hie de boadskip eins sels in bytsje útfine wold.

Ieneach Kening

Gerrit Cnossen/Jelle Kaspersma, Ieneach kening
Utjouwerij Venus, Franeker (2007)
48 siden
ISBN 978-90-5998-044-0
€14,90

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *