Oprop Simmertema: ôfskied fan saken – Falbile 24 augustus 2019

logo.ensafh

Ynienen plofte der in idee op tafel foar in simmertemanûmer fan ensafh mei proaza en poëzy. En it tema is the end of the affair. Ofskied fan saken wie de spontane oersetting fan Edwin de Groot. Dat kin fan alles wêze. Ik hie in love song fan Billy Holliday yn de kop (‘Let’s take the whole thing of’), in oar tinkt mooglik oan Graham Greene syn ferneamde roman, wer in oar oan in útjouwerij dy’t op de fles gyng of oan in foarbije leafde, in leave, âlde hûn, wa sil it sizze.
Wy nûgje jim út om jim eigen bydrage te leverjen oan dit spesjaalnûmer fan ensafh. It kin dus in ferhaal wêze of in gedicht en graach – mei it sintrale tema as útgongspunt – oer jo eigen ding. De ynleverdatum is 24 augustus 2019, by it sintrale redaksje-adres redaksje@ensafh.nl.
Jim hawwe dus in hiele simmer de tiid foar it skriuwen fan wat moais, yn it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk of hokker oare moaie Fryske taal dan ek.

Jelma Knol, redaksje ensafh

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *