Teleks: Iepen oprop Frysktalige poetry slam 14 septimber

logo.ensafh

Foar it 60-jierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organisearret Tresoar tegearre mei Poetry Slam 058 in bysûndere Poetry slam edysje. Trije dichters dy’t oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber wat foar te dragen.

Dy trije dichters wurde keppele oan in Fryske dichter. Op 7 septimber (ûnder foarbehâld) geane se ûnder begelieding oan de slach en meitsje se tegearre in gedicht. De gedichten wurde op 14 septimber yn it Frysk foardroegen.

Der is in fergoeding beskikber en it winnende duo mei har gedicht foardrage yn OBE: it poadium foar literatuer, keunst en taal yn Ljouwert.

Liket dy dat wat?
Stjoer dan in koarte motivaasje nei: celinewierda@gmail.com

Oanmeldingen moatte uterlik 23 augustus binne wêze.

Boarne: Sirkwy

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *