
Alde fammen ôf te klopjen
Alde fammen ôf te klopjen
as de tiid der rjocht op hat
is foar har net te ferkropjen.
Tink! De stimpel knypt en knet,
frijt noch paait, fielt nea langst-lûkje
kriet se yn need oan Cupido,
mar yn it hert dêr wâlet in spoekje,
dy syn namme is legio.Hoe kin dit de tekst ferklearje
no’t it myn dochters jierdei is.
Nee, mar hoe’t ik it ek probearje,
‘k slaan rûnom registers mis,
rymkes sûnder dichters-fleagen
krûpe ear as dat hja fleane.Santich jierren’s tsjustere eagen
doare it wurk net mear bestean
it jierdeiferske is ôfmêde,
winsket inkeld noch wer seine.
Hjir is gjin nijs oan ta te rêden,
lykas it earste is ek de ein.
Ik lit dan it jierdeifers mar slûpe.
Tink, it âldershert bliuwt bêst.
Wa’t herts-klopper is trochkrûpt
wit it stiet as de iik sa fêst.
“Alde fammen ôf te klopjen” is skreaun by de 28ste jierdei fan ien fan Linige syn dochters (oantsjut as J.C. yn de titel fan it Midfryske orisjineel). Hja is blykber net troud en dat is de âld baas min nei it sin dat hy wol har wol ‘ôfklopje’ (pleagje). Dat is it iene thema fan it gedicht: it besykjen fan de âldman en fiterje dochter oan ta de leafde (en it houlik fansels!). Dêrta sketst er de need fan de net troude faam. De dichter ferliket har mei de stimpel fan in blom, dat ommers it froulike diel derfan is, dy’t troch de stomoaltrie befruchte wurdt.
‘Tink! De stimpel knypt en knet,
frijt noch paait, fielt nea langst-lûkje’
kriet se yn need oan Cupido,
Dit is ek wer sa’n foarbyld fan in stikje wittenskiplike kennis dat yn de 18e ieu algemien bekend waard en dat troch de dichters dan wer graach as modieuze metafoar brûkt waard.
It is in frijwat seksuele metafoar, dy’t de psychyske need werjaan wol fan de âldfaam waans ‘stimpel’ nea befrijd noch bepaaid wurdt. Deselde seksueel-eksistintiële Angst wurdt ek yn Ansk en Houk sketst, de Angst om ‘oer te bliuwen’. Fansels fielle net troude âldfammen gauris psychyske need, mar faaks net iens sa bot om it seksuele aspekt mar ek en foaral omdat oare minsken op har yn prate dat se trouwe moatte. It ûngetroud bliuwen sit ommers foar froulju, benammen yn de herfoarme en gereformearre kultuer, yn de hoeke fan it taboe. By de katoliken kin in âldfaam harsels noch in respektabele posysje jaan as in soarte fan breid fan Jezus troch yn in kleaster te gean of troch har op leafdiedigens en religieuzens ta te lizzen at se net yn in kleaster wol.
It oare tema fan it gedicht is de âlderdom. De âldman beskôget it as in knipende plicht dat er wer in gedicht skriuwe moat by de jierdei fan syn dochter. Hy mist ynspiraasje:
Nee, mar hoe’t ik it ek probearje,
‘k slaan rûnom registers mis,
rymkes sûnder dichters-fleagen
krûpe ear as dat hja fleane.Santich jierren’s tsjustere eagen
doare it wurk net mear bestean
it jierdeiferske is ôfmêde,Hjir is gjin nijs oan ta te rêden,
lykas it earste is ek de ein.
Dochs is dat ek in in poëtyske ferrifelderij, want de metafoar mei de stimpel is dryst, en it gedicht docht modern oan troch de hommelse ôfwikseling fan tema’s, it earlik tajaan fan wurgens en âlderdom, it trochprippen fan yllúzjes, en de ienfâld fan de taalfoarm, diskear sûnder barokke ferbale babbelegûchjes dêr’t de minsken yn ús tiid it net op stean ha.
Boppedat sit der yn it gedicht ek noch in pear prachtige regels dy’t troch har allúzje oan in beskate bibelpassaazje in ekstra betsjuttingslaach yn it gedicht oanbringe:
mar yn it hert dêr wâlet in spoekje
dy syn namme is legio.
“Myn namme is legio”: dat wurdt sein troch in man dy’t troch in kliber ûnreine geasten beseten wurdt. Jezus driuwt dy geasten út. De ferburgen boadskip fan Linige oan syn dochter is dat se geastessiik wurde kin at se net troud want oars kin it soargjen om har leafdesstatus (‘kriet se yn need oan Cupido’) har oermânsk wurde. Dan realisearret de dichter dat er no wol hiel nuver (lês: postmodern) dwaande is yn in jierdeigedicht, dêrom ferfettet er mei de regels:
Hoe kin dit de tekst ferklearje
no’t it myn dochters jierdei is.
Mei dat ‘brechje’ makket er dan de hommelse oergong nei it tema fan it mislearjen fan it jierdeigedicht troch ferfeling en âlderdom, dêr’t ek in brek oan leafde foar dizze dochter út sprekt; ferlykje it mar mei de waarmte dy’t út de gedichten foar dochter Cynthia spruts. De ein fan it gedicht wol de dochter dan wat delbêdzje troch de tige plichtmjittige moraal te jaan dat de heit as âlder automatysk foar de dochter noed stean sil. In seldsum earlik gedicht, al is it boadskip foar de dochter wol wat wrang.
Flaai-liem mei fersûkere wurden
Flaai-liem mei fersûkere wurden
walgje my as it divelsdrek
as it ferjierryms-faak-herheljen
my lit gapje dat ik my rek.Ik hoef gjin skraabsel fan rabarber
as ik dy rymkes meitsje moat,
nee it wol út himself wol glide,
gjin apoteker is my nut.Lit dyn Watze rymkes meitsje,
it is him minder lêst as my
en it sil dy faaks swieter smeitsje.
Dochter, lit dyn heite frij!Ik ha okkerlêst befestige
wat dy oars te tinken stoe:
hoe’t it keart of rûn om rôlet,
it âlderhert bliuwt ivich goed.Sa wier gliedt elts glêzen skûtsje
glêd as is it mei sjippe smard
dêr’t it toskwiif har lantearne
troch har noas is ringe en mard.Libje fuort yn al gelokkich,
it nolkst der sinnen bliuwt ús by.
Wurd oerlangsum âld en stokkich.
Himel, meitsje ús dochter blij …
Deselde tematyk as besprutsen by “Alde fammen ôf te klopjen” fine wy ek yn “Flaai-liem mei fersûkere wurden”. En yn dit gedicht ek wer dryst metafoaren dy’t earder oan ús tiid as oan de barok tinken dogge:
Ik hoef gjin skraabsel fan rabarber
as ik dy rymkes meitsje moat,
nee it wol út himself wol glide,
gjin apoteker is my nut.
Ik tocht earst dat it skraabsel fan rabarber de konnotaasje fan soerens hie. De dichter soe dan oanjaan gjin soermakker nedich te wêzen by de soer-saaie plicht fan it skriuwen fan gedichten. Mar dat strykt net mei it gliden yn de sin dêrnei. Rabarber waard lykwols ek as laksearmiddel brûkt. De dichter ferliket syn gedichten dus mei keuteltsjes dy’t út harsels wol glide wolle – in type metafoar dy’t wy yn ús tiid ek út it wurk “In nêst jonge magneten” fan Knilles van der Wal kenne. Dong as ûnderdiel fan poësy: dat moat wol typysk Frysk wêze yn dizze boereprovinsje. Der bestiet sels in boek mei as titel Dongleare (skreaun fan A. Kerkhof).
Krekt as yn it foarige gedicht komt hjir ek wer in mysterieuze passaazje dy’t op ús nijsgjirrichheid en ús nocht oan riedsels wurket:
Sa wier gliedt elts glêzen skûtsje
glêd as is it mei sjippe smard
dêr’t it toskwiif har lantearne
troch har noas is ringe en mard.
Allinnich komme wy sikear net ta in oplossing, en Professor Brouwer seit yn syn noaten dat er dizze regels ek net begrypt. It gliden waard yn ’e eardere oanhelling mei it skriuwen of klinken fan gedichten assosearre. It skûtsje of de boat stiet gauris symboal foar it minskelibben, ek yn de bibel; nei in goed libben wurdt de tiid (it toskwiif?) oerwûn, mar dan noch is net te begripen dat it toskwiif in lantearne oan har noas kriget. Of soe it Midfryske “noos” it Ingelske “noose” (lus) wêze? Yn dat gefal betsjut it ophingjen fan de lantearne fan de tiid de ein fan de libbenstaak en it begjin fan de ivichheid, in plausibele ynterpretaasje. Hawar, faaks kin stúdzje fan Linige syn Hollânske gedichten útkomst biede, of it rieplachtsjen fan in 18e ieuske kultuerkenner. Persoanlik hâld ik wol fan mysterieuze regels. It bekendste moderne foarbyld is faak fan Wallace Stevens mei syn The only emperor is the emperor of ice-cream.