
Rely Jorritsmapriisútrikking 2019
De jierlikse Rely Jorritsmapriisútrikking wie nei in tal jierren werom yn Bears. De ûntfangst mei kofje en gebak wie yn de tsjerke, dêrnei moast elkenien nei de Ald Skoalle tarinne. Dêr wie wat betizing oer, mar nettsjinsteande siet it âld-skoalgebou oan ’e nok ta fol mei famylje, freonen, kunde, oare belangstellenden en fansels de fiif priiswinners:
Jetske Bilker mei it fers ‘Sleau mei lok’
Henk Nijp mei it fers ‘wy kinne…’
Remco Kuiper mei it fers ‘Ik miende’
Elmar Kuiper mei it ferhaal ‘Ik doch it foar dy’
Geert Nauta mei it ferhaal ‘Kimboeëwij’

Jan de Vries

Anke Boersma

De trijekoppige sjuery. Fan lofts nei rjochts: Inge Heslinga, Karen Bies en Douwe Kootstra

Jetske Bilker
De hiele útrikking wie wer in supersoepel multymediaal barren. Anke Boersma iepene de middei en presintearre it fierders op flotte wize. Muzikant Jan de Vries mocht de ôftraap jaan. Doe wie it de bar oan ’e earste priiswinner, dy’t troch Boersma dan ek oan ’e bar útnûge waard om it sjueryrapport oan te hearren. Sjueryfoarsitter Karin Bies hie it algemiene part foar har rekken nommen. Inge Heslinga mocht de dichters de sjuery har befinings foarlêze, Douwe Kootstra de twa winnende ferhalen. En sa gie it yn slydjeiend tempo fierder, sadat it nea ferfeelde en de middei net te lang útsmard waard en elkenien sadwaande noch tiid hie foar’t de ierappels op it fjoer moasten in buorreltsje te drinken. Fansels net foar’t boargemaster Sybrand van Haersma Buma de prizen oerhandige hie.

Henk Nijp

Remco Kuiper

Elmar Kuiper

Geert Nauta

Boargemaster Sybrand van Haersma Buma

Alle winnende ferhalen en gedichten steane yn it nijste nûmer fan Ensafh!