
It dichterlik útwikselingsprojekt Poetic Potatoes hat de Piter Jellespriis foar de Letterkunde wûn. Dit projekt hearde ek by Kulturele Haadstêd 2018 en binnen Poetic Potatoes binne der fjouwer jier gedichten útwiksele tusken Fryslân en Malta. Dat hat in dichtbondel fan 80 gedichten opsmiten.
De Piter Jellespriis foar de Letterkunde giet nei Poetic Potatoes – Foto: Gemeente Leeuwarden
De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de minsken fan Stichting De Bildtse Aardappelweken jûn. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân