
Fan ’e wike lies ik dat de learlingen yn it fuortset ûnderwiis hieltyd minder begripe fan wat se lêze. Wy ha it dan oer in fjirdepart fan de fyftjinjierrigen, dy’t yn 2018 oan it ûndersyk fan PISA (Programme for International Student Assessment) meidien ha. Op dat ûndersyk binne de útspraken basearre. Ferlike mei de lannen om ús hinne reitsje wy hieltyd fierder efterop. Ien op de fjouwer lêst dus net goed genôch mear om de lêzen teksten goed te begripen. Sokken ha gau har nocht fan it lêzen. Dy groep, dy’t net folle oan lêzen fynt en neat begrypt fan lêswille, wurdt hieltyd grutter. Mear as de helte fan de jongerein lêst allinne as it moat. Dat is in sifer dêr’t ik aansten op weromkom. Yn it ûndersyk stiet it hiel dúdlik: Nederlânske learlingen nimme mei in skoare fan 485 punten it 26ste plak yn op de OESO-ranglist fan 2018. Dat is alve plakken leger as yn 2015.
Lês fierder by It Nijs