

De jûn wie yn it ramt fan Waling Dykstra en wat hy yn syn tiid foar froulike skriuwers betsjutten hat. Foto: Geart Tigchelaar
Waling Dykstra, gjin dichter om yn loft en wolk te sweevjen
Babs Gezelle Meerburg
Doe’t ik oan de gong wie mei de tarieding fan dizze lêzing kaam krekt it berjocht fan it frouljuskwotum yn it nijs, de maatregel om yn grutte bedriuwen it tal froulju yn topposysjes te ferheegjen. Wat tinke jim, soe Waling Dykstra foar in frouljuskwotum west hawwe?
Ik krige it fersyk fan de organisaasje om in lêzing te hâlden oer de opkomst fan skriuwende froulju yn de Fryske literatuer troch en nêst Waling Dykstra. By dizze útstalling is in fitrine wijd oan skriuwende froulju op basis fan ûndersyk troch Abe de Vries. Abe de Vries hat dêr ek in artikel oer skreaun dat foar belangstellenden op ynternet te finen is. De fitrine is te besjen, it artikel is op te sykjen en te lêzen. Dat wurk hoech ik hjir net oer te dwaan.
Waling Dykstra wie in bûtengewoan produktyf man. De bijekoer en Sljucht en rjucht binne de nammen fan inkelde blêden dy’t er redigearre en dêr’t er plak bea oan publikaasjes fan froulju. Trui Jentink debutearre mei har ‘Petear fan twa tsjinstfammen’ yn De Bijekoer yn 1878. Antsje Fennema-Rinkes publisearre in bydrage yn De Bijekoer fan 1878. Jantsje Terpstra (Madzy) debutearre yn Sljucht en rjucht yn 1899. Simke Kloosterman debutearre mei in Frysk fers yn 1898 yn Sljucht en rjucht. Twa jier dêrfoar makke se har debút yn it Nederlânsktalige damestydskrift De Hollandsche Lelie. Sophie Fischer skreau fan 1905 ôf geregeld yn Sljucht en rjucht. Janke Oostenbrug debutearre yn Slucht en rjucht fan 1908. It giet hjir oer 6 skriuwende froulju yn 30 jier tiid. Mar relatyf besjoen kloppet it dat om 1900 hinne froulju it Fryske literêre poadium opkamen.
Om de opkomst fan froulju yn literêr Fryslân ûnder de loep te nimmen, wol ik aanst earst de posysje fan de frou yn de 19de iuwske maatskippij beskriuwe. Dêrnei gean ik yn op de literêre streaming yn dy tiid - it realisme - om by it wurk fan Waling Dykstra en de rol fan de frou dêryn út te kommen. It wurk fan Waling jout nammentlik in yngong om fierder nei te tinken oer de rol fan froulju yn de maatskippij fan de 19de iuw.
Om 1800 hinne ferskynde it pamflet A Vindication of the Rights of Women fan de Ingelske Mary Wollstonecraft. Dizze Mary wie trouwens de mem fan Mary Shelley, de auteur fan Frankenstein. De publikaasje fan Mary Wollsstonecraft wie it allerearste begjin fan in feministyske beweging. Hast 100 jier letter, tusken 1870 en 1920 is de Eerste Feministische Golf. Yn Nederlân strieden Aletta Jacobs en Wilhelmina Drucker foar it rjocht op gelike ûnderwiiskânsen en polityk stimrjocht foar froulju.
Dat wie noch net sa maklik, want yn dy tiid wie der in skieding tusken de mannewrâld en de frouljuswrâld. De earste wie iepenbier, de twadde privee. De iepenbiere romte rjochte him op autonomy, aktiviteit, polityk en steat, wittenskip en wurk. De priveeromte wie yndividueel, passyf, fersoargjend. In troude frou yn Waling syn tiid fan libjen fan 1821-1914 wie hanlingsûnbekwaam. De man hie wetlike sizzenskip oer bern, jild, ynkommen en juridyske hanlingen, skieding hearde dêr ek by. Dat feroare pas yn 1957. De learplichtwet bestie fan 1901 ôf. Froulju koene op syn heechst nei de legere skoalle, want fan ferfolchûnderwiis wiene se sawisa útsletten oant se yn 1870 nei de HBS mochten en inkelde jierren letter mei tastimming fan de minister talitten waarden ta universitêr ûnderwiis. Yn 1919 krigen froulju stimrjocht. Foar froulju wiene der yn de tiid fan Waling net folle beroppen. Se wiene boerin, arbeidster, faam of tsjinstfaam of ferpleechster (dat lêste koe oant se trouden en se hanlingsûnbekwaam waarden).
De literêre streaming fan dy tiid is it realisme. De 19de iuw is de tiid fan wittenskiplike, technologyske en ekonomyske ûntwikkeling en fan foarútgongsleauwen. Waling Dykstra is in realistysk skriuwer. Waling docht syn bêst om syn literatuer ‘echt’ lykje te litten. Hy situearret syn ferhalen op besteande plakken, datearret faak syn teksten, ferwiist nei eigentiidse aktualiteiten en gewoanten, neamt ek eigentiidse skriuwers. Syn personaazjes prate Frysk, Stedsk en soms Nederlânsk. Se hawwe sprekkende typysk Fryske nammen. It wurk fan Waling is in spegel fan syn tiid en dat seit er op mear plakken yn syn wurk, bygelyks yn de 17de jiergong fan Sljucht en rjucht sitearret er de Genestet:
‘k Was nooit een dichter om in lucht en wolk te zweven.
‘k Zoek mijn fortuin liefst in de waarheid van dit leven
En útspraken as: ‘De staeltsjes, dy ’k hjir meideeld ha, binne net optocht, mar út it libben nomd.’ As it wurk fan Waling Dykstra in spegel fan syn tiid is, hoe beskriuwt er dan de posysje fan de frou? Wat foar rol hat sy yn de húshâlding, yn it gesin? Hoe sjocht Waling Dykstra oan tsjin twa bekende literêre tema’s fan de 19de iuw, de fûnling en de bazige frou. Ik lit it wurk fan Waling sprekke mei it doel om in antwurd te jaan op de fraach: hat Waling froulju foarút holpen?
I. De húshâlding, it gesin.
Ik begjin mei in tekst fan Waling Dykstra en dat is in fragmint fan it gelegenheidsgedicht ‘Op it boask fen Oene en Bjuwkjen’,
Oene en Bjuwkjen, s. 193-199 Húsfreon 1901 – 4 strofen
In bidlers-ketier s. 49 Húsfreon 1901 – 1 side
Waling sketst yn it earste gedicht it ideale houlik: moed, ferstân, saaklik ynsjoch en oersjoch, flinkheid en oanpak, deugd en evenredichheid liede ta in stevich fundearre en lokkich houlik. It tsjinoerstelde sjogge wy yn it ferhaal ‘Bidlerskertier’ dêr’t leagene wurdt, stellen, slein en skolden.
Earmoed wurdt yn beide stikken beskreaun as moreel en net as in suver ekonomysk probleem. Earmoed hat by Waling meastentiids te krijen mei deugd. Deugd soe gewoane húshâldings yn it spoar hâlde en earme minsken út de earmoede helpe kinne. Deugd soe op dy manier de maatskippij as gehiel te’n goede komme.
De wearden dy’t Waling yn syn wurk bepleitet, hearre by in maatskiplike beweging dy’t al sûnt de 18de iuw begûn wie en dy’t it ‘zedelijkheidsoffensief’ neamd waard. Allerhande maatskippijen tsjin alkholgebrûk, bistemishanling en earmoed en foar ûnderwiiswerfoarmingen fierden dat offinsyf út. De bekendste feriening wie de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen (1784). It Nut besocht om kennis en deugd te fersprieden ûnder alle lagen fan de befolking en dat barde benammen skriftlik mei tydskriften, opstellen, pamfletten, priisfragen en oare teksten: 'Stukjes, zoo klaar, algemeen en eenvoudig mogelijk.’ De leden moasten de wurkjes nammentlik trochjaan oan minder belêzen legere stannen, bygelyks oan it eigen personiel. Utgean, kaarte, kegelje en oar fermeits bûten de doar waard ôfret. Dat soe liede ta 'onnutte praat en achterklap, anderen bij de kladden om te halen en aan naam en faam te schenden'.
Skriuwer Jentsje Sytema bringt yn syn Katechismus, útjûn yn 1878 troch Waling Dykstra, it 19de iuwske idee fan binnendoar en bûten de doar sa ûnder wurden:
Fr. 181. Wat is de earste plicht fen de frou?
Hjar sa oan to stellen, dat de man syn frije tiid graech thús trochbringt, en tagelyk to soargjen, det er hjar net op hakken en teannen neigiet, en net yn de itenspine en de kelder omnoasket, om fen alle iten to slikjen en to slinen …
As elk wit op syn plak to stean
En me elkoar net hôeft nei te gean,
Dan rint it net yn ’t mâlle,
Mar altiid tige flot en bêst.
En gjin fen beiden krijt den lêst
Fen al tofolle gâlle.
Datselde boadskip yn wat minder ekstreme bewurdingen fine wy werom yn it wurk fan Waling Dykstra. Wy sjogge by him in skieding tusken binnendoar en bûten de doar: binnendoar regearde de deugdlike frou, bûten de doar wie it terrein fan de man. As de frou soargje soe foar in netsjes húshâlden en bern en man goed fersoarge, dan koe de man jild fertsjinje. Bern moasten trouwens goed grutbrocht wurde, want ûndeugd is erflik. Bern en froulju waarden ek slein. Wêr’t Waling yn alle gefallen ek in hekel oan hie, is pronkjen.
De Húsfrjeon 1902, s. 122 ‘Mem kibbet’
II. De fûnling: rangen en standen
In hiel aparte húshâlding sjogge wy yn De sulveren rinkelbel, in roman út 1856.
By skuonmakker Pabe Roukes wurdt in poppe foar de doar lein. It is net dúdlik wêr't it bern weikomt. Yn it doarp tinke de lju dat it bern in bûtenechtlike soan is fan de skuonmakker, mar dy ûntkent dat. De jonge krijt de namme fan Wouter en groeit op by de skuonmakker. As Wouter âlder wurdt, wol er witte wêr't er weikomt en wa't syn heit en mem binne. Hy wurdt fereale op Tsjamke, de dochter fan de skuonmakker. Dat soe yn it ferhaal fan de doarpslju syn healsuster wêze. Yn dit boek giet it om de syktocht fan Wouter nei syn heit en mem. In sulveren rinkelbel spilet dêr in wichtige rol yn. Ik jou de ferhaalline efkes ferienfâldige wer, want nêst Wouter binne der noch twa oare adoptearre bern yn it ferhaal.
It tema fan de fûnling komt faak foar yn de literatuer fan lang lyn – Oedipus, Romulus en Remus, de bibelske Mozes, Oliver Twist (1838) fan Charles Dickens, Remi yn Alleen op de wereld (1878) – en fan letter ‘De vondeling van Ameland’ (2004) fan Boudewijn de Groot en Anny yn ús tiid. Anny spilet fan ’e wike yn De Harmony.
Marita Matthijssen (2000, 17) skriuwt boeiend oer de fûnling yn de 19de iuwske literatuer as obsesje fan de tiid:
‘De vondeling zou gezien kunnen worden als een metamorfose van de opkomende burger van de negentiende eeuw. Die voelde zich even blanco en identiteitsloos als een vondeling. Hij had de potentie in zich van de hoogste stand te zijn. Wanneer hij zich nu maar aan burgerdeugden hield, zou hij automatisch een geslaagd lid van de maatschappij worden en dus bewijzen van hoge geboorte te zijn. Het oude klassenonderscheid was vervallen. De gewone burgerman kon voor het eerst sinds generaties van een dubbeltje een kwartje worden.’
Werom nei Waling syn fûnling Wouter. Alles komt oan ’e ein fan it ferhaal op de poatsjes telâne. It kwea wurdt bestraft. It goede beleanne. Yn dizze roman bringe deugd en iver in libben folle mei lok en wissichheid, mar opfallend is wol dat Waling gjin beweging tusken de stannen, gjin sosjale mobiliteit beskriuwt. Waling observearret, klassifisearret en hâldt de Fryske stannemaatskippij yn stân.
Mei myn studinten fan de learare-oplieding ha ik in harkspul makke oer de plot fan De sulveren rinkelbel [filmke – ha ik Geart ta-appt, komt ek op Sirkwy]
III. De bazige frou
Dat liket ek in obsesje fan de 19de iuw. Jentsje Sytema hat der ek wat oer te sizzen:
As’t hintsje kraeit en ’t hoantsje swîget
Leau ‘k dat men gelde ayen kriget.
Waling yn De Húsfreon 1853, side 240:
Hwa is snoad dat hy my seit
Wêryn it sit wêroan it leit
Dat fammen leaf binne en sêftsinnich
En wiven meastal fûl en finnich
Waling skreau in protte skôgingen. Dêr koe er him toane as man fan stúdzje en eksplisyt syn miening ferkundigje. ‘De ferkearde wrâld’ is in skôging út 1869 dy’t ús in aardich ynsjoch jout yn syn fizy op froulju en har posysje.
Waling begjint syn essee mei te fertellen dat yn de earste helte fan de 19de iuw skoalmasters fjouwer kear jiers skoaljild barden om sa har traktemint oan te foljen. De bern krigen nei betelling as beleanning in heiling. In heiling is yn it Nederlânsk in ‘centsprint’. Op de website Het geheugen van Nederland is in flink oantal ‘centsprenten’ te sjen. ‘Centsprenten’ en heilingen wiene bedoeld foar minsken dy’t net goed lêze koene en foar bern. It wiene gebrûksteksten dy’t stikken lêzen waarden mei as gefolch dat der krekt as by almenakken net folle fan bewarre bleaun binne. De Koninklijke Bibliotheek hat noch 1300 yn de kolleksje en Tresoar ek. Sjoch marris op Sirkwy: https://sirkwy.frl/index.php/nijs/1345-utljochte-wat-dogge-froulju-it-leafst.
Waling nimt as útgongspunt foar syn essee de ‘centsprent’ mei de titel ‘De verkeerde wereld’, ‘de ferkearde wrâld’. De omkearde wrâld soene wy sizze. Mei ‘centsprenten’ en mei heilingen moast de minsken wat bybrocht wurde. Waling begjint syn útlis mei frijerij.
Hjir gean de fammen út te frijen
En siikje in man nei ’t sin to krijen.
Yn it Nederlânsk is dat:
‘t gelykt of het is hier schrikkeljaar
Het meysken loopt den jongen naar
Waling:
‘No sille jim sizze: dy foarspelling fan de âld profeet is teminsten noch net útkommen. Ik kin ek net sizze dat ik der oant dizze tiid wat fan fernaam ha, mar ik mien der soms wol foartekens fan te sjen. Net allinne dat sommige fammen wolris klear genôch blike litte wêr’t harren de skoech knypt, mar ik ha ek wolris houliksoanfragen yn kranten lêzen fan juffers dy’t wol kennis mei in jonge hear winsken te meitsjen. No wol k oars leafst leauwe dat dat grappen binne fan dogeneaten om oaren foar it soaltsje te hawwen, want oars wie it my sekerwier te slim.’
Waling stiet der oars net ôfwizend foaroer dat froulju wat leare om oan de kost te kommen. Hy beslút nammentlik mei:
‘It is lang sa west dat in protte froulju better ferstân hiene fan jild útjaan as fan jild fertsjinjen. No, mar sokken komme der onder de manlju ek al geandewei mear. Dêrom is it gjin ûnsin dat in protte froulju wat sykje te learen dêr’t wat mei te fertsjinjen is. Mar as se dan mei foar de kostwinning soargje moatte, dan is it ommers net mear as billik dat se ek wat mei te sizzen hawwe wolle, En wa sil it dan frjemd fine dat se der sels op útgean om in man nei it sin te sykjen?’
De útlis by it twadde plaatsje begjint mei in riedsel: ‘Wat dogge de froulju it leafst? “Pronkje”, sei de iene. “Besytsje”, sei de oare. “Babbelje”, sei de tredde. De fjirde sei “Himmelje” en de fyfde: “Dûnsje”. De seisde sei “frije” en de sânde “trouwe”. In âldman dy’t trije froulju oerlibbe hie, sei op it lêst: “Ja, dat binne allegearre dingen dy’t froulju graach dogge, mar wat se it leafst dogge fan allegearre, is de baas spylje.” ‘
Waling wit wol hoe’t froulju har sin trochsette kinne: ‘Is it net mei geweld, dan mei list; is it net mei holderjen en bolderjen, dan mei streakerijen, is it net mei in finnige tonge, dan mei in pear freonlike eagen’.
Omdat se sa moai binne, lit ik noch in pear centsprintsjes sjen:
Konklúzje
Wy hawwe teksten lêzen om nei te gean wat Waling Dykstra oer froulju skriuwt en hoe oannimlik it is dat er froulju foarút holpen hat. Wat tinke jim der sels fan? Ik kom dêrmei efkes werom op myn fraach oer it frouljuskwotum dy’t ik oan it begjin fan de lêzing neamde. Soe Waling foar it frouljuskwotum stimd hawwe? Ik wit it net.
Hy wie in man fan syn tiid, in realistysk skriuwer, net in fyzjonêr, net in feminist. Hy wie in bern fan syn tiid, krekt as wy allegearre.
It perspektyf dat Waling Dykstra kiest yn syn teksten is dat fan observator en konservator fan it Fryslân yn de twadde helte fan de 19de iuw.
Wy kenne Waling Dykstra as de man achter De bijekoer en Sljucht en rjucht en as folksaardige betinker fan it Winterjûnenocht. Hy befestiget dat byld sels ek kear op kear en ek as er al aardich op leeftyd is:
‘Sljucht en rjucht hat in bulte lêzers, mei ’t each d’r op hoe’n lyts plakje groun Fryslân is, kin der hast wol sein wurde in hiele bulte, fan alderhande rang en stân, lyts en great, heech en leech…… It Frysk is in folkstael en, sil de Fryske lêzerij yn ‘e fleur bliuwe, dan moat der folkslektuer wêze, dat stiet sa fêst as in hûs.’
Ik bring noch efkes it sitaat fan De Genestet yn jim oantinken:
‘k Was nooit een dichter om in lucht en wolk te zweven.
‘k Zoek mijn fortuin liefst in de waarheid van dit leven
Waling wie in man dy’t skreau foar it folk en dêr is neat mis mei, liket my ta. Byfangst fan myn lêzing is dat Waling Dykstra him ek sjen lit as in man fan stúdzje en dat syn wurk brûkt wurde kin as boarne fan histoaryske en etnologyske ynformaasje oer de 19e-iuwske minsken yn Fryslân en de 19de iuwske stannemaatskippij.
Publykslêzing hâlden op 12 desimber 2019 te Ljouwert
Fierder lêze:
Vries, Abe de (2019), ‘Poartwachter Waling Dykstra hold doarren iepen foar froulju yn literatuer.’ Yn: Fries Dagblad, 22 juny 2019. Ek te finen op: https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?v2=true&id=FRD-20190622-01010003&vw=org&lm=trui%2Cjentink. (download 13 desimber 2019).
Mathijsen, Marita (2000), De mythe terug. Negentiende-eeuwse literatuur als travestie van maatschappelijke conflicten. Amsterdam: Vossiuspers AUP.
Foto’s Geart Tigchelaar:

Babs Gezelle Meerburg hie alderhande boeken en oare artefakten mei om sjen te litten ûnder har lêzing.

Tet Rozendal en Tseard Nauta fersoargen de muzikale opfolling fan ‘e jûn. Der waarden lieten fan Waling Dykstra songen.

Tet Rozendal

Tseard Nauta

Skriuwster Lida Dykstra sluet de jûn ôf troch oer har eigen skriuwerskip te fertellen.
Harkspul ‘In sulveren rinkelbel’. Makke troch studinten fan de NHLStenden Hogeschool.
https://youtu.be/Wf6hQ6-zkTE
In wat nuvere lêzing fan Babs Gezelle Meerburg. Se wol antwurd jaan op de fraach: ‘hat Waling froulju foarút holpen’ en mient oannimlik makke te hawwen dat dat net it gefal is. ‘Wat tinke jim der sels fan?’ is oan ‘e ein de retoaryske fraach oan it publyk, nei oanhelling fan in tal teksten fan Waling Dykstra dêr’t út bliken docht dat de posysje fan ‘de frou’ dêryn skildere wurdt sa’t dat yn it algemien wenst wie yn 19e-ieuske literatuer.
De lêzing (holden op 12 desimber yn Tresoar) wie lykwols bedoeld om yn it ramt te stean fan de fraach ‘wat [Waling Dykstra] yn syn tiid foar froulike skriuwers betsjut hat’ (sjuch it tekstke ûnder syn skildere petret hjirboppe). Dat is dus in hiele oare fraach. Gezelle Meerburg makket har derfan ôf mei te sizzen dat ik dêr al wat ûndersyk nei dien haw: ‘Dat wurk hoech ik hjir net oer te dwaan’.
Oerdwaan hie yndie net hoegd, mar oanfolje, útwreidzje, tsjinsprekke, meistimme of fan tafel feie hie fansels wolkom west. No is har lêzing en myn wurk dus op it foarste plak in spultsje fan appels en parren. Mar op it twadde plak is it sa, dat Gezelle Meerburg har eigen fraach net beantwurdzje kin, as se net earst ék sjucht nei de fraach dy’t my dwaande hâlden hat. As ik konkludearje dat Waling Dykstra it ferskinen en optreden fan de earste froulike skriuwers yn de Fryske literatuer tige befoardere hat, dan mei men fan tinken wol hawwe dat Gezelle Meerburg dêr yn de beantwurding fan hár fraach by stilstean moatte soe. Of docht it befoarderjen fan froulike skriuw-aktiviteit yn populêre blêden neat foar it ‘foarúthelpen fan de frou’?
En noch in tredde punt. Selektyf sykje nei yn ús eagen âlderwets ‘frou-ûnfreonlike’ teksten is net hiel dreech – gjin 19e-ieuske skriuwer kin it helpe dat er in 19e-ieuske skriuwer is. Wat ik ûnder mear dien haw, is wize op teksten fan Waling Dykstra dy’t in stik minder typysk 19-ieusk frou-ûnfreonlik binne. Teksten yn deselde Fryske Húsfreon dêr’t Gezelle Meerburg út blomlêst, mar ek haw ik wiisd op tal fan lieten mei frijheid fan houlikstwang as tema en op de yn har tiid tige populêre Haitskemoai-teksten. Dêr sil men dochs ek mei rekkenje moatte, wol men wat oer it ‘foarúthelpen fan de frou’ op it aljemint bringe.
Ta beslút, in fjirde dinkje. Oan de hân fan De silveren rinkelbel mient Gezelle Meerburg sizze te kinnen: ‘(..) opfallend is wol dat Waling gjin [klam fan har] beweging tusken de stannen, gjin sosjale mobiliteit beskriuwt. Waling observearret, klassifisearret en hâldt de Fryske stannemaatskippij yn stân’. Mar hjir is itselde selektive winkeljen oan ‘e hân. Of hat Waling Dykstra De Fryske Thyl Ulespegel net skreaun, dêr’t Hantsje Pik yn opklimt fan arbeider ta middenstanner?
Mear lêze:
‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’
http://www.fers2.eu/konstruksje-fan-sosjale-identiteit-yn-it-fryske-realisme-waling-dykstra/
“‘Dan koe se in man út it plak keare’. Moraal, polityk en emansipaasje by Haitskemoai’
http://www.fers2.eu/dan-koe-se-in-man-ut-it-plak-keare/
‘”As der ris in jongfaam opstie”. Waling Dykstra en froulike skriuwers yn de Fryske literatuer’
http://www.fers2.eu/as-der-ris-in-jongfaam-opstie/