
Swalkje mei skriuwer Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra in pear oeren de wrâld oer. Sy nimme dy mei nei Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk. Freed 30 maart om 20.00 oere yn Café Marktzicht yn Drachten, sneintemiddei 22 maart yn it Kleastertsjerkje yn Koartehimmen, freed 27 maart om 20.00 oere yn de Broekster Tsjerke en op moandei 30 maart om 20.00 oere yn de Bibleteek It Hearrenfean. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan Fryslân