Kollum Aant Mulder: Us taal waait sa fuort

logo.ensafh

Op It Nijs stiet alle dagen weroan in kreas waarberjocht. Mei ‘kreas’ bedoel ik dat it waar kreas beskreaun wurdt. Dat is wat oars as dat it waar sels kreas wêze soe. Yn dat waarpraatsje komme wurden as rûzich, ritich, skier, myld gauris foar. Dat fyn ik moai. Ien fan de lêste waarberjochten hie sels as titel meikrige: oanhâldend ûnlijich. Fierder kom ik wurden en útdrukkingen tsjin as: in klap tonger, de wyn jout him del, in flink stik wyn, swiere wynstjitten. De wyn is krêftich, stoarmich en der komme wynstjitten. Kompliminten oan Jan Brinksma, de skriuwer fan dat waarberjocht. Piet Paulusma brûkt ek graach dat soarte fan wurden en útdrukkingen yn syn waarberjochten foar Omrop Fryslân. Ik mei dêr wol oer. Fan en ta freegje ik my ôf oft mear net mooglik is. Us taal moat ommers net fuortwaaie.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *