
Foar de standbou hawwe wy wer in hiele wike nei Dútslân ta west, mar dan geane wy fansels net inkeld foar it wurk op reis. Alle kearen is it foar ús ek in kultuerútstapke: wy moetsje prachtige minsken, sjogge de moaiste âlde stedsjes, ferwûnderje ús, nimme wat op, mei en yn. Diskear sieten wy yn Gräfenberg, sa’n tritich kilometer boppe Neurenberg, in oerâld stedsje mei trije poarten en idyllysk tsjin de berch oanplakt. De âldste gebouwen binne noch fan foar 1300. It is dat der auto’s omride, oars waanst dy werom yn dy tiid. Dútsers hâlde fan tradysjes. Neat mis mei, want sa bliuwt der fansels in bulte fan it ferline bewarre. It folk is warber en wurket deeglik en boppedat beleanje se harren sels tige goed mei grouwe hompen fleis en flinke potten bier. Ek alhielendal neat mis mei, wy passe ús wol oan. Ik tink oars al dat se wolris in flinke skop ûnder de kont ha kinne, as ik sa de âlderwetske winkeltsjes besjoch dêr’t de knotten jern noch yn de etalaazje lizze. Opromje de binde, tink ik dan, jou blinders de hiele boel ris in fris kleurke, guon fleurige LED-lampkes deryn en flink wat strakkere logo’s op de ruten, it kin wol in tikje nijerwetsker. Yn Dútslân liket it dat alles wat altyd west hat ek foar de takomst goed genôch is. Stilstean is op it lêst ek foarútgong, want de klok tikket wol troch.
Lês fierder by It Nijs