
Der komt in nije bondel fan my út. Oer in pear wiken tink ik al. Ik wit dat it frjemd klinkt, hielendal nei myn lêste blog, dêr’t ik sa stellich yn sis dat ik foarearst gjin bondel útbringe sil. It oerfoel my sels ek, ik realisearre it my ynienen no’t it hast safier is. Dat freget om in útlis.
De lêste tiid bin ik yn fluchtreinfeart op fersyk oan it dichtsjen. Guon sizze dat je mei in bern nergens mear oan ta komme, mar ik ha no al mear projekten as dat de belestingtsjinst ynskatten hie foar it hiele jier. Earst foar kollega Jolanda Verhoef dy’t lesmateriaal ûntwikkelet foar filosofeare mei bern, yn jannewaris foar LinKk, en dêrnei foar Portretten in Poëzie. By Holi-Frysk ha ik meikoarten in moai dielprojekt by de saakfakken op it fuortset ûnderwiis.
Lês fierder by Sigrid Kingma