
Yn ‘Leon & Juliette’ rekonstruearret Annejet van der Zijl in wierbarde njoggentjinde-iuwske leafdesskiednis dy’t alles treast wie, oant de ferjitnis ta. Hy wie in jonge Nederlanner dy’t syn ferearme heitelân ûntflechte wie om kapitaal op te bouwen yn de Nije Wrâld. Sy wie in swart famke yn in maatskippij dêr’t immen lykas sy net mear wurdich wie as in ûnmûnich stik fee dat nei goedfinen kocht en brûkt wurde koe.
Lês fierder by It Nijs
GJIN OERSETTE BOEKEWIKEGESKINKEN MEAR
Dy’t it Frysk en de Fryske literatuer leaf hat, stoppet dalik mei it oersetten fan Nederlânsktalige boekewikegeskinken yn it Frysk. En jout wer krekt as eartiids in moaie opdracht oan in Frysktalige skriuwer. Dêr hat dy skriuwer wat oan, dêr hat de Fryske literatuer wat oan. Oan Annejet van der Zijl hat de Fryske literatuer neat. Wêrom wurdt op dit punt in belied fiert dat streekrjucht yngiet tsjin it provinsjale taal- en kultuerbelied? Wêrom wurdt hjir gjin diskusje oer fierd, mar is de fertaal-ûnsin in pear jier lyn mar efkes gau gau topdown ynfierd? Fout, fout, fout. Graach ferbetterje dus. En it soe helpe as Frysktalige organisaasjes dat ek oan de provinsje witte litte. It Skriuwersboun is dochs net yn it libben roppen om foar de belangen fan Annejet van der Zijl op te kommen?