
Fan ’e wike lies en hearde ik de oprop, fan nei’t ik miende Buma/Stemra, om mear muzyk fan Nederlânske artysten te draaien. Doe’t ik om mear ynformaasje socht, begriep ik al gau dat it net Buma/Stemra wie, mar Buma Cultuur, dy’t dy oprop die. Dy stichting hie ’k eins nea earder fan heard. It docht bliken dat it de fuortsetting fan de eardere stichting Conamus is en dat er al sûnt 2006 bestiet. Dy stichting hat as doel om it brûken fan de Nederlânske muzyk te befoarderjen. Logysk dus dat Buma Cultuur publike stjoerders likegoed as kommersjele freget om safolle mooglik muzyk fan Nederlânske grûn te draaien.
Lês fierder by It Nijs