
Utbrekke mei it frije fers
,,As ik in moanne oars net dwaan mei as wurkjen, dan wurd ik hielendal gek.” Paul van Dijk fan Warkum kin net sûnder tiid foar himsels om kreatyf om te pielen en mar te sjen wat der fan komt. ,,Ik haw in grutte drang om wat te méítsjen.”
Wy sykje Paul op by him thús, tusken syn piano, boeken, poëzij en printen. Hoe kaam er derta om him mei de poëzijbondel Famke fan snie (2018) op dichtsjen ta te lizzen en wat driuwt him om dêrnjonken safolle ferskillende keunstfoarmen by de ein te hawwen?
,,Ik ha altyd in soad tekene, as bern al. Op ’e basisskoalle makke ik tekeninkjes mei in ferhaaltsje derby, in soarte fan strips. Wurd en byld, dat is de basis foar my. Pas letter krige ik yn ’e rekken dat kreativiteit myn manier is om my te uterjen. It fielt foar my hiel natuerlik en ik haw it nedich. As ik net genôch tiid ha om sels wat dwaande te wêzen, dan wurd ik prottelich”, laket er.
Van Dijk, yn it deistich libben learaar Ingelsk yn Balk, hat yn ferskate bands spile, skriuwt muzyk, mar ek berneteaterstikken en berneboeken, dy’t er sels yllustrearret. Mei Famke fan snie debutearre er as dichter.
Rêding
‘Troch de dochter waard er dichter’, stiet op de achterflap fan dy bondel. Want it wie de te iere berte en it ferstjerren fan syn dochterke Daniek yn 2012 wêrtroch’t Van Dijk úteinlik oan it dichtsjen sloech. ,,Myn earste driuw wie: ik moat wat meitsje, as ik mar dwaande bin. Gjin grut ferhaal, dêr hie ik de rêst net ta, mar koartere ienheden. Ik gie moarns betiid sitten – in oere as seis – en skreau mar op wat der yn my opkaam. In soad wie net goed, mar dan stie der teminsten wat. Kinst it letter wol wer skrasse. Dat it dichtsjen in manier fan rouferwurking wie, dêr wie ik my doe net sa bewust fan. Mar sa is it wol begûn.”
It doel wie net om it hieltyd oer it ferlies te hawwen, mar dat barde dochs. ,,Ek wol logysk, fansels”, sjocht Paul werom. ,,Mar ik woe net dat it patetysk wurde soe. It moast gjin selsbeklach wurde. Yn in protte gedichten sit it ferlies en ús omgong dêrmei, mar ik wol dat dy gedichten úteinlik wol op harsels besjoen en wurdearre wurde.”
It dichtsjen is syn rêding wurden. ,,Dat klinkt dramatysk, mar achterôf besjoen, is it wol sa. Ik tocht, dit is myn projekt, hjir byt ik my yn fêst.”
It hat neffens Van Dijk wol in pear jier duorre ear’t er de goede toan fûn hie. In gedicht begûn faak mei in wurd, in fraze, ,,of in idee dat boppekomt en hieltyd weromkomt, dat ik tocht, ferhip, dêr moat ik wat mei.”
In foarbyld dêrfan is in oantinken út de jeugd wei oan twa hûnen dy’t de lytse Paul oanfleagen wylst er bûten boarte. ,,Ik boarte dêr as yn in paradyske, mar dat waard samar in hiel aaklike erfaring doe’t dy hûn op my ôfstode.”
Dat komt werom yn Paradys efter de dyk. ,,Soks barde yn wêzen ek mei ús yn 2012. Wy soene heit en mem wurde, je ferwachtsje dat alles goed gean sil en dan ynienen wurdt dat paradyslike trochbrutsen. De jeugderfaring mei dy hûnen kaam wer boppe yn myn ferwurking fan it ferlies. Sa is dat doe yn in gedicht bedarre.”
Jazzakkoard
Ritme en muzikaliteit binne belangryk yn syn gedichten, seit Van Dijk. ,,Hoe rint it, hoe klinkt it. Ik kin gedichten mei in fêst metrum en rym ek prachtich fine, mar dat paste hjir net. Ik siet fêst yn myn eigen fertriet en woe krekt by mysels útbrekke. Dêr hie ik frije fersen foar nedich.”
Elk fan de trije dielen fan de dichtbondel hat de namme fan in jazzakkoard. Dm, G7, Cmaj7. ,,It is in 2-5-1’tsje, sa’t dat hjit.” It earste diel giet oer it ferlies en it fertriet, it twadde oer allerhanne oare dingen (lykas muzyk, boeken en de Súdwesthoeke), ,,en it tredde is de katarsis. Dêr is ek wer wat hope. Yn it tredde akkoard lost de opboude spanning op.”
Wat fan dy katarsis en dy hope fine wy yn Beammebern: … myn kostúms binne ien foar ien fuortwaaid / ik stean mei in neakene bast / yn in bad fan ferknûkele blêden / in rook fan grûn en farwol /… / wy beammen / en ús einleas groeien / wat ús sear docht sil bloeie / op ’e siel in blom
Net inkeld yn de muzikaliteit fan de gedichten, mar ek yn oare opsichten docht bliken dat Van Dijk graach ferskillende keunstfoarmen mei-inoar ferbine mei. Sa hat er by de dichtbondel ek muzyk skreaun. ,,By foardrachten fan de gedichten tocht ik: wat is no in manier om te soargjen dat ik dêr net allinnich stean mei dat boekje. Troch der muzyk by te skriuwen, krije minsken ek mear tiid om yn de sfear mei te gean.”
Bytiden is de muzyk op de tekst skreaun, op oare mominten wikselje muzyk en tekst inoar ôf. Van Dijk hat op dy manier ferskate útfierings dien mei Thys Wadman en konsorten.
,,Dat mingen fan keunstfoarmen wurket hiel goed foar my. Ik wol sels ek net kieze tusken dichter wêze of skriuwer, muzikant of teatermakker. Ast al dy uterings wolris by de ein hast, fielt it ek fanselssprekkend om se te kombinearjen. As ik in teaterstik makke ha, bygelyks, spyt it my dat it nei de útfierings foarby is. As ik it omwurkje ta in boek, bliuwt it langer bestean.”
De muzyk by Famke fan snie bringt de taharkers ek wat ferlichting, wat neffens Van Dijk wol nedich is. ,,Fernimst dat minsken dochs bedrukt reitsje troch de gedichten en it is fansels ek swier. Mar troch de muzyk wol ik it lichter meitsje. Want de berte fan ús dochter wie tagelyk ek wat hiel moais, ek al bin ik har kwyt. It hat myn blik op it libben úteinlik hiel bot feroare.”
Yntrovert
In foltiidsbaan ha moatte en it bêste presteare wolle op it wurk, dat docht der allegear net mear ta. ,,Ik koe my freeslik drok meitsje om myn wurk. Mar it is folle belangriker om it thús goed te hawwen, dat wy leuke dingen dogge mei ús soan Hidde. Ik kin genietsje fan de sinne yn ’e tún en ik gun mysels de tiid om dingen te meitsjen dy’t ik moai fyn. It ferlies hat my úteinlik leard om te relativearjen, om te ûntdekken wat echt fan wearde is. ”
Van Dijk soe net sûnder de muzyk wolle, mar ek net sûnder it skriuwen en tekenjen. ,,Muzyk dogge je mei oaren, dan spilest op elkoar yn, dat is prachtich. As learaar op skoalle bin ik ek hiel sosjaal. Dan mei ik dêrneist ek hiel graach thús allinnich wêze, mei myn teksten en printen ompiele. Ik bin yn wêzen in yntroverte jonge.”
Likegoed, of miskien krekt dêrom wol, siket Van Dijk yn syn berneboeken graach de spanning en it aventoer op (as lêste De wûndertoeter fan Hindrik Bûter, 2014). ,,Ik hâld fan larger than life characters, dat it wat healwiis giet. Ik bring der graach wat net-realistyske eleminten yn, wat mearke-eftichs. Dat binne no ienkear ferhalen dy’t ik graach fertelle wol. Ik wol net per se berneboeken meitsje, mar de ferhalen dy’t ik skriuwe wol, binne tafallich geskikt foar bern. Ik hâld fan harren belibbingswrâd, dêr’t alles noch yn mooglik is.”
Op it heden is Van Dijk dwaande mei in printeboek foar bern rûchwei yn de leeftyd fan trije oant fiif jier. ,,It is hearlik om te dwaan. Ik meitsje der ek sels de printen by.” Gjin lijntekeningen yn swart-wyt, lykas earder, mar kleureprinten. ,,Ik wol fan de ‘lijn’ ôf. Foar de jongste bern moat it frijer wêze, sûnder omlijning. Lestich, hear! Mar ik leef my der lekker op út.” De bedoeling is dat it boek fan ’t hjerst klear is.
,,En dêrnei wol ik wer oan it dichtsjen.” Der leit al wol wat, mar dat is neffens Van Dijk ,,noch net allegear goed genôch. It moat noch in skoftke lizze en dan sil ik ris sjen wat it wurdich is.”