Tsjêbbe Hettinga

trajekt Dokkum — Ljouwert

logo.ensafh
de lêste staasje

                    It is in winternacht.
Swarte snie en slipe messen jaget de easterstoarm
Oer de bankjende poalske flakten en befiket my
De sniebline eagen, dy’t (wa is eins dy fiskjende
Innowyt!) de wekken fan it ûnderwêsten sykje.
Bin ik it dy’t falt, yn hege snie? mar ik wrot my wer
Oerein, wylst de wyn my troch de tinne mûtse hinne
Yn ’e earen – o helsdoarren – klapt, en kjel sjoch ik om.

                    It is in winternacht.
Want en paad ferlern yn dit poerfrjemd fan swarte gatten
Tichtwiske lân, snijt reid my de hân, it bang takeard wang.
Op redens oer beferzen kowestappen stammerjend,
Sjoch ik yn it âljen fan ’e wyn in ljocht sa lyts as
De flamme fan in ûneinich fiere kears yn in pleats,
Dêr’t bern, de hannen gear, foar in leech krúsbyld knibbelje;
Te gloeien begjint it byld troch fûnken út har eagen.

                    It is in winternacht.
Om’t ik omsjoch om te hearren dat ik Leeuwarden sei,
Fal ik?, fal ik yn in sniesleat dy’t alle razen dempt.
En wer sjoch ik de ljochte pleats, it krús derboppe, no.
Kalmer as de tiid wurdt de flamme grutter as de pleats.
O, wat leit dat stille fjoer dochs noflik; in keppel skiep
Bewuollet my de skrinende eagen: ik rûk it, fet.
En op gouden fuotten rint de keppel it wyt fjoer yn.

                    It is in winternacht.
In swart stal, dat yn it tsjuster de wjittering skjinnet,
Fluitet, nei-oan, op de njoere ribben fan ’e galgen.
It baarnend krús yn ’e loft ferljochtet oan wjerssiden
In hagelwite wolk mei in antlit dat ik wol ken.
Hoe skoan leisto dêr yn ’e rêst op dat kessen fan snie:
De skieptsizen moanne dy’t út dyn foarholle opriist
Wize stjerren fan iis dy’t dy yn ’e eagen dûnsje.

                    It is in winternacht,
En ynfraread wurdt de snie, dy’t yn skreppende siel snijt.
Nea earder net field ljocht makket – o stâl – no himel ree,
In himel swiid en wiidsk, in majesteitlike poal fan
Blau iis, dêr’t de tiidleazens fan ’e ieuwen yn ferfrear,
Mei in fereale pear swimfluesfûgels, dy’t har blanke
Aaien om it jong bepikke, yn it bonkerak fan
In blauwe finfisk, beholden hûs fan ’e easterstoarm.

                    It is in winternacht.

 
 
 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *