Josse de Haan

op ’e doele…

logo.ensafh

achter de spegel krijt út en troch
ûnwennigens in nije namme:

do hast de kaai yn dyn eagen
mar yn de oerhûd fan it glês
hat him it slot ferskûle

de kombinaasje fan de sifers
hast slûchslim opsetlik fergetten
spegels bringe minsken op ’e doele

fertekenje de bylden fan ’t ferline
frijheid is in relatyf begryp

2 reaksjes op “op ’e doele…

  1. De Haan, goeiemoarn út de Wâlden, jawis moai fers…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *