Piter Boersma

In memoriam Bartle Laverman

logo.ensafh

Underweis nei Walhalla

Yn novimber 2019 hie Bartle my it manuskript foar in nije dichtbondel tastjoerd. De foarriedige titel wie 2020. Ik ha doe by him west om myn betinken oer de bondel mei him te besprekken. Op 31 jannewaris, syn jierdei, hat er it oanpaste manuskript op ’e bus dien. De titel wie doe wurden Underweis nei Walhalla. Yn it begeliedende brief stie: ‘Ik soe it boekje wol graach dit heal jier útbringe wolle. It sil tink myn lêste wêze.’

De bondel is der noch net. En no is Bartle der net mear.

Bartle ferskynde letterlik en foargoed yn myn eachweid, doe’t er him begjin tachtiger jierren út it Grinslânske Baflo wei wer yn Fryslân nei wenjen set hie. Tegearre mei Hannie Kamstra.
Ik trof Bartle yn ’e trein fan Ljouwert nei Mantgum en fierder. Hy kaam út Grins fan syn wurk oan de Minerva Academie, ik fan de Fryske Akademy yn Ljouwert.
Ik koe syn namme, koe syn dichtwurk, hie tsien jier earder sels twa ferhalen publisearre yn it tydskrift Trotwaer, dêr’t hy doe redaksjelid fan wie. Ik sil him doe miskien wolris in kear troffen ha by in literêr barren of op in gearkomste fan de Koperative Utjowerij, dêr’t wy beide lid fan wiene. Mar ik leau earder dat ik yn ’e trein seach wa’t ik foar my hie om’t ik syn gesicht koe fan in foto en sa sil it him ek gien wêze.
Troch it lân rûn ik út Wiuwert wei oer Swaanwert nei harren stee, in boerespultsje op Lyts Makkum ûnder Boazum. Bartle liet my û.o. sjen hoe’t er foar Hannie har twa grutte dochters sliepplakken oan it timmerjen wie.
Dat wie it begjin fan de freonskip mei Bartle en Hannie, dy’t duorje soe.

Bartle wie dosint, dichter, doe ek boer en dêrnei ek skilder. Mei Hannie foarme er in twa-ienheid, earst op Lyts Makkum en inkele jierren letter soene se har tegearre foargoed ûntjaan op harren stee oan de Grienedyk ûnder Offenwier, ûnder Snits: it bestean dêr, it buorkjen, it fee en de hûn, de blommetún, de grientetún, de keunst, de literatuer, de freonen, it genietsjen fan it goede fan it libben.

Bartle wie in man dy’t wist wat er woe, in man mei selsbetrouwen, in man dy’t it slagge om mei Hannie syn dreamen wier te meitsjen. Yn ’e omgong wie er beskieden, ynteger, trou, belangstellend. Hy wie in man mei hert foar in oar, in wiere freon.

Bartle debutearre yn 1969 mei de bondel It freeslik feest. Oer syn twadde, tredde, fjirde en fyfde dichtbondel Skimerlânskippen (1975), Winter (1977), Kloentsjetee (1979) en Neitins (1979), dy’t er mei-inoar as in syklus beskôge woe er dit sein ha: ‘Dy bondels [….] brochten in ferslach fan de syktocht fan de dichter nei de kearn fan it minsklik bestean, in tocht dy’t magysk/mytysk begûn en fia de praktyk fan de deistige saaklikheid einige by de dea.’

Yn ‘Skimerlânskippen’ (s. 16) stiet dit gedicht:

Autobiografy

losrekke út ’e oksel
fan it lânskip
de beamfoarm
noch as rudimint
yn him oanwêzich

siket er tusken stammen
ûnderbewust
fan âldere boarnen
nei wat him eartiids
yn ’t sin skeat
skerp as it oerd
fan syn spear

Bartle publisearre by syn libben 13 dichtbondels. Op syn inisjatyf kaam ek in bondel út mei wurk (poëzy en byldzjend wurk) fan fjouwer dûbeltalinten (hysels, Wilco Berga, Anne Feddema en Reinder R. van der Leest) en de twatalige bondel Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down mei poëzy fan him en de Ierske dichter John Brown en byldzjend wurk fan Tjibbe Hooghiemstra.

By Bartle Laverman binne it de direkte eigen situaasje en it gedoch op ’e wrâld dy’t op him ynprikke. Troch Bartle syn poëzy gelegenheidspoëzy te neamen binne wy neffens my aardich ûnderweis nei in essinsjeel aspekt fan syn wurk. No hat de oantsjutting ‘gelegenheidspoëzy’ by ús gauris in negative konnotaasje – ik fyn dat net terjochte – en om dy konnotaasje fuort te nimmen soe ek de oantsjutting ‘kontekstuele poëzy’ foar kar nommen wurde kinne. In echte Fries hyt syn lêste bondel, en tsjintwurdich giet it ommers oer identiteit. Neffens Maxima bestiet dé Nederlanner net. Neffens Bartle yn al syn irony de échte Fries wol. Dat is er sels.
Hjir in tal rigels út eardere bondels dêr’t it aspekt fan de aktuele tiid yn foarkomt.

Ut it gedicht ‘Lânfolk’ (s. 22) út de bondel Skimerlânskippen:

guon mei dwylmûts op
noch wol hwat omdangelje
fortellers fan fergetten forhalen
(hurry ype hein dit lêste lûd)

(Ype is Ype Poortinga dy’t doe mei syn bânrecorder Fryslân ôfstreupte om folksferhalen te sammeljen).

Ut it gedicht ‘freed 23’ (s. 33) út de bondel Kloentsjetee:

lêste skoaldei
wurkbeoardielingen lêste klas

piet ‘tuchtigt’ net: hans hoedet
“yes master, we failed”
dat gjin gûlende studintes hjoed

Ut ‘spyt’ (s. 6) út de bondel Kophimmelje (1999):

moatst in soad
oer dy hinne komme litte
ast dy yn ’e fryske skriuwerij
bejoust:
in piter dy’t by de Stien sprekt
ôfgryslik flitsende perfesters frysk
dy’t nei dizze rigel
al wer lilk op dy binne

As men syn folsleine oeuvre oersjocht, komt men ta de konklúzje dat ít útgongspunt en it swiertepunt dêrnei by it deistige libben kaam te lizzen, by de wrâld om him hinne en fierder fuort, by de wrangens en by it goede derfan. Mar it magysk-mytyske en it tema fan ’e dea spylje eins altyd mei. It magysk-mytyske om’t it klibbe oan hoe’t er it deistige libben stal joech en belibbe. De dea om’t er as filosoof it libben seach as wat dêr’t de dea by hearde.

Bartle syn poëzy is net swier op ’e hân en net hermetysk, ticht. Syn gedichten binne iepen, rjochtút en tagelyk subtyl, en nea ûntbrekt eins syn relativearjende humor. Syn poëzy lit in ferskaat oan toanen sjen, is lyrysk, iroanysk, sarkastysk, fûl soms, mar altyd ek boartlik en ludyk. En sa’t de gedichten binne, sa wie de man.

Sa as syn dichtkeunst wie syn skilderkeunst. Direkt, sûnder poespas (‘primityf’ hearde ik Huub Mous sizzen), ticht by himsels (syn fee, iten en drinken), gauris ek foarmen se de ferwurking fan in lânskip, in stikje wrâld, dat him yn it bysûnder yntregearre: Fryslân mei syn Slachte en de Grienedyk, dêr’t er sels oan wenne, de Ierske kust (mei in fjoertoer), de Noardfryske Halligen.

Ut de bondel Alles komt wer goed (2004) it gedicht ‘Heimkehr 1’ (s. 9):

Heimkehr 1

Fryslân is fan minskehân
en kin gjin god
ferfange
wol hat it loften
fan ûnmjitlikheid
en wetter
dat it ljocht fangt
bûcht
útrôlet en wer fuortsmyt
fûgels fan fierwei

mar lân
fan minskehân
roppige stêden
diken lawaai
reekspoaren yn ’e loft
wyngiseljende mûnen

gjin fjoer
yn toarnbeibosk
lit hjir de brânwacht baarne
gjin fuort
om nimmen tsjin te kommen
gjin lûd
fan inkeld tiid

Heimkehr
moat op ierlân barre

Ierlân waard it net, it barde op syn eigen hiem, yn syn eigen paradys, dat fan him en Hannie.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *