
Yn de maitiid fan 2020 ferskynde de alderearste Fryske bouquetroman, in ‘collector’s item’. It boekje is skreaun troch “Fleur van Ingen”, dy’t in man fan middelbere leeftiid (1962) blykt te wêzen. Fleur van Ingen is de alderearste man dy’t it sjenre beoefenje mei foar de grutste útjouwerij fan Bouquetromans: Harlequin. Foar dizze Fryske edysje hat Fleur van Ingen “in superromantysk” ferhaal skreaun dat him yn Ljouwert ôfspilet. Dêrnei hat Martsje de Jong der in Fryske oersetting fan makke. In moai inisjatyf en ek fruchtber, want mei de ferkeap giet it goed. Hjir en dêr waarden fuort hiele doazen ferkocht. By Van der Velde yn Ljouwert lei it boekje op de toanbank, as ‘kassapakker’ foar fiif euro. Dy lege priis en it grappige, ‘foute’ karakter fan in bouqetroman, sille in ympuls west ha foar de ferkeap.
Bouquetromans wurde net faak besprutsen yn literêre tydskriften, omdat se net ta literatuer rekkene wurde. Slimmer noch: in bouquetroman sit oan de oare kant fan it spektrum en wurdt wol beskôge as de leechste foarm fan kultuer. Omdat it foar it Fryske taalgebiet lykwols bysûnder is dat der no sa’n roman yn it Frysk is, is in besprek op syn plak.
Dat der op it sjenre delsjoen wurdt, komt omdat der neat keunstichs oan sit: yn it ferhaal net en yn de styl net. De skriuwer docht in ynfoloefening. De boeken binne opboud neffens in fêst stramyn. De haadpersoan is frou, blond, jong en in bytsje nayf; de man is in lust foar it each en in rike hurk. As se mei-inoar yn ‘e kunde komme ha se in hekel oan inoar, mar de spanning is dan al fielber. Om side 80 hinne ha se foar it earst seks. En oan de ein fan it boek wol hy neat leaver as in hertstochtlik libben mei har.
De formule wurket, want bouquetromans binne tige populêr. Utjouwerij Harlequin bringt alle jierren mear as hûndert nije dielen út yn de Bouquetrige. De oplaach is geheim, mar it skynt yn de tûzenen eksimplaren te rinnen. Hoewol’t Harlequin ek fernimt dat der hieltyd minder lêzen wurdt, is der in trouwe groep lêzers.
Miskien wienen dy der yn 1975 al by. Doe ferskynde it earste eksimplaar en sûnt dy tiid binne de boekjes net wêzentlik feroare, mar wol mei har tiid meigong. De lêzers ha ferlet krigen fan mear erotyk en dêrom wurdt der net allinnich mar tute, mar ek ‘leafde bedreaun’. Fierders wurdt yn de boeken net mear smookt. En, in folle wichtiger feroaring: de froulju binne selsbewuster wurden. It binne gjin ûnnoazele pykjes mear dy’t ferovere wurde en gjin wjerstân biede, mar froulju mei in baan, dy’t harsels goed rêde kinne. Yn Leafde yn Ljouwert ha wy te meitsjen mei in protagoniste dy’t Quest Relations Manager is. Net samar wat.
Noch in trend dêr’t Leafde yn Ljouwert persys ynpast is dat it hâlden en dragen fan de arrogante, manlike haadpersoan ferklearre wurdt. Wêr’t de man yn Bouquetromans earder noch sa goed as bôle wêze koe, waard dy yn de rin fan de jierren allinnich mar arroganter, riker en machtiger. Dêrtroch koe er by froulju fan alles ôftwinge. No’t dat (nei MeToo) net mear kin, wurdt mear omtinken jûn oan hoe’t de man sa wurden is. Hein hat ek sa’n ferhaal: dy pielt earne mei om dat op him drukt. Jinte helpt him om syn problemen op te lossen en úteinlik wurdt er mylder en leaver.
Jinte Jellema, it blonde en kreaze haadpersonaazje yn Leafde yn Ljouwert, wurket yn it Hotel Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert. Op de earste siden fan it boek wol sy har auto (in Seat Mii) parkearje op it iennichst oerbleaune plakje op de drokke Iewâl, mar klaut in donkergrize auto (Porsche) har plakje yn. Jo begripe it al: de sjauffeur fan de Porsche is de hurk dêr’t Jinte smoar op rekket, mar net foardat se him earst noch in kear hiel ferfelend fynt as gast yn har hotel.
De skriuwer fan in Bouquetroman hat it oan de iene kant maklik, want de plot leit al fêst. Oan de oare kant is it gjin sinekuere om fan sa’n fêststeande plot dochs noch in boeiend ferhaal te meitsjen. Dat slagget dan ek net. It boek hinget oaninoar fan saaie foarfallen yn it hotel, dy’t wiidweidich beskreaun wurde. En as we se achter de rêch hawwe, belibje we alles nochris wer omdat de skriuwer de haadpersoan derop weromsjen lit.
Fan stylblomkes moat it ferhaal it ek net ha. Fleur van Ingen docht syn bêst om it ferhaal sfear mei te jaan, mar dy beskriuwingen lykje krekt as it ferhaal allegearre al hûnderttûzen kear earder optocht te wêzen troch oaren. De sinne is altyd strieljend, tunen binne ‘oazes fan rêst’ en simmerbloeiers ‘fersprate in hearlik swietrook’. Mear as ien kear fielt Jinte de moarnssinne op har gesicht prykjen en de sêfte wyn boartlik troch har lange, goudblonde krollen waaien. Wêr’tst by de earste kear noch tinkst: ach, toe dan mar, begjint it by de twadde en tredde kear te yrritearjen dat himelsblauwe eagen twinkelje fan wille en datst wér lêst oer ‘in oerdaad oan simmerbloeiers dy’t it gersfjildsje omringe’.
Mei dy ‘oerdaad oan simmerbloeiers’ kom ik op in folgjend lestich punt fan dit boekje. De kwaliteit fan it Frysk hâldt net oer. Fansels, it giet om in leechdrompelich boekje en dan moatte je personaazjes delsette dy’t prate sa’t Friezen prate. Net al te geef dus. Oan de oare kant: it giet om in Frysk boek en dan mei it ek wol in bytsje Frysk fiele wat je lêze. Ut Leafde yn Ljouwert is it Nederlânske orizjineel hjir en dêr suver wurd foar wurd te distillearjen. In pear foarbylden mei dêrachter in alternatyf: “Hy hold sielsfolle fan Marjan” (hy wie sljocht op Marjan), “nei bêd gean” (op bêd gean), “wat komst hjir dwaan?” (wat dochsto hjir?), “it bleau troch syn holle meallen” (it spoeke him troch de kop) en sa fierder. Ik leau net dat in Bouquetroman freget om literêr Frysk, mar dit liket my it oare uterste.
In collector’s item: ja. Want net earder wie der in Fryske bouquetroman. Foar Frysktalige leafhawwers fan it sjenre is it in aardichheid dat se de fertroude formule no ek ris yn it Frysk ta har nimme kinne. Mar foar ien dy’t allinnich nijsgjirrich is nei it sjenre, is dit boekje fan mar 160 siden in lang ferhaal grôtfol werhellingen. En wa’t ‘sielsfolle’ hâldt fan it Frysk, sil by dit boek de tosken opinoar sette moatte.
*
As boarne ha ik in stik brûkt út Trouw fan 30 oktober 2018, dat skreaun waard ta gelegenheid fan de 4000ste Nederlânske titel fan de Bouquetroman: