
De jeugdroman ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ fan de Fryske skriuwster Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen.
Lida Dykstra skriuwt sûnt 1992 berneboeken yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se foar de âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Sûnt dit jier is Lida Dijkstra Berneboekeambassadeur yn Fryslân.
Lês fierder by Omrop Fryslân