Skermer

Yn godsnamme nei Veere

logo.ensafh

Ik ha in prachtich moarnsskoftke hân. Ik ha mei de rêch nei it rút ta sitten om de sinne lekker op my skine te litten en ûnderwilens in noch prachtiger boekje lêzen, Brieven uit Veere. Noch prachtiger ja, want it giet te fier om te bewearen dat ik niis yn it Nirwana tahâlde, mar de brieven komme dêr wol wei.

It boekje is noch mar krekt út en doe’t ik dat lies ha ik it daliks kocht. Der stean twa brieven yn fan Nescio (ps. J.H. (Frits) Grönloh), mei in moai en nijsgjirrich neiwurd fan Lieneke Frerichs, dy’t Nescio syn sammele wurk en earder al in histoarysk-krityske útjefte fan Nescio syn earste en ferneamdste ferhaal De uitvreter besoarge hat.

It giet om twa brieven dy’t Nescio skreau oan syn frou, doe’t er yn july 1908 in pear wike op Walcheren siet, earst yn Middelburg en dêrnei yn Veere. Hy wie doe 26, se hiene al in bern en syn frou rûn op it lêste fan ’e twadde. Mar Nescio moast der sa’t skynt even tuskenút en dat waarden fjirtjin dagen. Dat er der geastlik wat trochhinne siet wurdt út ’e brieven dúdlik. Yn Middelburg fynt er it neat (‘Toen ben ik om half zeven maar in godsnaam naar Veere gegaan…’) en oer in útstapke nei Noord Beveland (yn Veere hat er him mei it fear oersette litten) skriuwt er: ‘Noord Beveland nix gedaan als je spleen hebt.’ Mar by einsluten komt it yn Veere hielendal goed: ‘Zoiets als dit heb ik nog nooit beleefd. Die stokoude Indiërs moeten Veere bedoeld hebben toen ze den lui ’t Nirwana voorhielden, ’t niet zijnde zijn. Alles is goed en d’r kan niets dan goeds komen. Eigenlijk wordt hier heelemaal niet gedacht. Soms springen mij vanzelf de tranen in de oogen, zoo maar zonder dat ik ergens aan denk, enkel van de welbehagelijkheid.’

Dat jier yn Veere wurdt de skriuwer Nescio berne. Hy hat dan al wat prebearsels op papier set, mar nei dy wiken yn Veere skriuwt er noch yn 1908 it ûnfoltôge ferhaal ‘Japie stond op ’t Zuiderhoofd’, in foarrinner fan De uitvreter, dat yn 1909-’10 ûntstiet en yn 1911 publisearre wurdt yn De Gids.

It wurdt dúdlik dat it mei it spekulearjen oer wêr’t Nescio de figuer fan Japie de uitvreter opdien hat ôfrûn wêze kin, Japie giet werom op Nescio sels. Hy is yn de skriuwer oanset yn de earste twa wiken fan july 1908.

Yn it boekje stiet ek in prachtich briefke dat syn frou oan him skreau as reaksje op syn twa brieven. De oanhef allinne al is sublym. Dy fan Nescio syn earste brief is ‘Liefi’, dy fan de twadde – ek geweldich – ‘Aan den dikken Os’, Agathe Tiket (Os of Ossie, neamde har man har) begjint har brief mei ‘Venti’. En ‘Os’ begjint de brief dan sa: ‘Eigenlijk moest ik je niet schrijven stoutert, mag je mij zoo lang zonder tijding laten? Je amuseert je daar heel best hè, dat vind ik erg leuk, als ik me ook maar een beetje amuseeren kon, hè het verveelt me zoo, ik wou zoo graag dat het nu maar over was, het wordt zoo saai elken dag dezelfde pijntjes en narigheidjes…’ Dy ‘i’ op ’e ein yn ‘Liefi’ en ‘Venti’ is treffend, dy bringt jin daliks by Nescio syn typyske styl- en wurdgebrûk. Hy skriuwt foar ‘hy’ yn de posysje nei in tiidwurd of bynwurd ‘i’: was i, zei i, dat i, als i ensfh.

En wat no ek sa fantastysk is, yn it ferhaal Insula Dei út 1942, foar it earst publisearre yn 1961 yn de bondel Boven het dal, sitearret Nescio dy brief. Yn it ferhaal treffe twa âldere manlju (Dikschei en Flip), sechtigers binne it, inoar wer en se reitsje oan ’e praat (winliken is Nescio mei himsels yn petear). Flip sitearret út ’e holle in briefke fan syn frou, de wurden hjirboppe oanhelle, en ek: ‘Ik heb je eigenlijk van de week al terug verwacht, vooral Vrijdag. Om twaalf uur sliep ik nog niet, aldoor verlangde ik dat je toch nog komen zou, maar mis, Lize. Pa amuseert zich te goed.’ Yn it ferhaal is de namme ‘Ossie’ troch ‘Lize’ ferfongen.

Mar net allinne dat Nescio fan dy brief gebrûk makket, it giet yn Insula Dei ek streekrjocht oer dy fjirtjin dagen yn 1908 dy’t Nescio yn Veere trochbrocht: ‘Maar zoo ging ’t altijd; ik had me dat in m’n hoofd gehaald, ik wou er uit, ik moest ’t weer ergens zoeken. Veertien dage voor ze haar tweede kind moest krijgen zat ik in Veere. Ik kon ook niet anders. Ik weet nu dat ik altijd dat verdomde eiland heb gezocht. God weet waarop ik al dien tijd m’n lompe pooten heb gezet, al zoekende en met m’n oogen naar de wolken. En nooit heeft ze me tegengehouden. Ze stuurde me zelf er uit als ze niet meer kon. ‘Ga maar kijken hoe ’t daar is, dan hoor ik ’t wel van je.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *